Lullus fan Mainz of Lullus fan Hersfeld (ek bekend as Lull of Lullo, Wesseks, ± 710 - Hersfeld, 16 oktober 786) is in hillige fan Angelsaksyske komôf, dy't ûnder de Germanen yn Dútslân preke. Hy wie de earste reguliere aartsbiskop fan Mainz en de earste abt fan 'e abdij fan Hersfeld.

Lullus fan Mainz
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ± 710
berteplak Wesseks
stjerdatum 16 oktober 786
stjerplak Hersfeld
biskop, aartsbiskop
amtsperioade 754-686
hillichferklearring
hillich ferkl. 7 april 852[1]

Lullus waard om 710 hinne yn Wesseks berne, ien fan 'e keninkriken yn it hjoeddeiske Ingelân. Hy waard muonts yn it benediktynske kleaster Malmesbury yn it greefskip Wiltshire. Op beafeart nei de sân pylgertsjerken fan Rome kaam er yn 737 yn 'e kunde mei Bonifatius, dy't er as diaken yn 'e missy ûnder de Germanen holp. Lullus wurke letter ek mei oan 'e troch Bonifatius ynsette tsjerklike reorganisaasje yn it Frankyske Ryk.

Sûnt 738 wenne Lullus yn it kleaster fan Fritzlar, dat Bonifatius yn 724 stifte hie. Abt fan it kleaster wie yn dy tiid Wigbert, dy't ek út Ingelân kaam. Lullus wenne ek in skoft yn it yn 726 ek troch Bonifatius stifte kleaster fan Ohrdruf yn Tueringen, dat net mear bestiet.

Om it jier 745/756 waard Lullus diaken en tusken 748 en 751 waard er wijd as preester. Yn opdracht fan Bonifatius krige er yn 751 yn Rome it saneamde Sachariasprivileezje foar it kleaster yn Fulda, dat it kleaster in maksimale selsstannichheid joech. Yn 754 waard Lullus ta koarbiskop wijd (te ferlikenjen mei de hjoeddeiske wijbiskop) en dêrmei waard er de takomstige opfolger fan Bonifatius. Doe't Bonifatius ûnder de Friezen misjonearje soe, fertroude Bonifatius him syn wurk ta, benammen it as syn begraafplak ornearre kleaster yn Fulda. Lullus makke nei de dea fan Bonifatius dêrút op dat er as Mainzer biskop ek oanspraken meitsje koe op it bestjoer fan it kleaster Fulda. Dêrtsjin wist Fulda en syn abt Sturmi, ek in learling fan Bonifatius, him mei dat Sachariasprivileezje fûleindich en lang om let mei súkses te warjen. Der is in samling fan 150 brieven tusken Bonifatius en Lullus bewarre bleaun.[2]

De Frankyske kening Pepyn befêstige de wijing fan Lullus ta koarbiskop fan Mainz en dêrmei it plande opfolgingsplan. Nei de dea fan Bonifatius yn 754 waard Lullus biskop fan Mainz, mar hy krige net de rang fan aartsbiskop dy't syn foargonger op persoanlike titel krige hie. Pas om 781 hinne krige Lullus fan paus Adrianus I it aartsbiskoplike pallium.

By brek oan in offisjele regeling fan de oprjoching fan in Mainzer tsjerkeprovinsje, joech Lullus sels opdracht om in pauslike oarkonde op te meitsjen, dy't ea Bonifatius ta Keulske aartsbiskop meitsje moast en tagelyk Keulen ta de metropolitaansit fan in Austrasyske tsjerkeprovinsje ferheffe moast, itjinge lykwols doe op wjerstân fan 'e Frankyske geastlikheid stjitte en mislearre. No waard Mainz yn it stee fan Keulen yn 'e tekst fan 'e oarkonde set en dêrmei ûntstie in tsjerkeprovinsje dy't Tongeren, Keulen, Worms, Spiers, Utert en gebieten rjochts fan 'e Ryn dêr't Bonifatius as misjonaris wurke hie, lykas Würzburg, omfieme. Om't Lulluf der yn slagge om mei de ferfalsking dochs erkenning te krijen, funksjonearre de tsjerkeprovinsje. Dat bleau sa oant 799, doe't nei in besite fan paus Leo III ûnder syn opfolger Richulf de bisdommen Trier en Keulen ek aartsbisdommen waarden. Earder wist Lullus it gebiet fan Mainz noch út te wreidzjen mei de bisdommen Büraburg (by Fritzlar) en Erfurt.

De nei alle gedachten yn opdracht fan Lulluf troch Willibald skreaune Vita Bonifatii is de âldste noch besteande beskriuwing fan Bonifatius. Ek liet Lullus it bonkerak fan Bonifatius út Fryslân helje en yn it kleaster fan Fulda bysette.[3] Sûnt 769 wie Lullus dwaande mei de stifting fan de abdij fan Hersfeld, dy't him sûnt 775 fan Karel de Grutte ryksabdij neame mocht.

Lullus ferstoar op 16 oktober 786 yn Hersfeld, dêr't er yn 'e kleastertsjerke byset waard.

 
It koer fan de abdijtsjerke yn Hersfeld.

Op 28 oktober 850 waard de nije Karolingyske basilyk fan it kleaster Hersfeld troch de Mainzer aartsbiskop Hrabanus Maurus ynwijd. De oerdracht (translatio) fan 'e reliken fan Lullus, Wigbert en Witta en bysetting yn it eastlike koer fan 'e basilyk, fûn nei alle gedachten noch yn itselde jier op 16 oktober (de stjerdei fan Lullus) plak. Yn alle gefallen ûnstie op dy datum in alle jierren wer holden tsjerkefeest, dêr't in soad pylgers op ôf kamen. Ut dat feest ûnstie it âldste, noch jimmeroan besteande folksfeest fan Dútslân, it Hersfelder Lullusfest.

De Vita Lulli waard mooglik tusken 1063 en 1073 troch Lampert fan Hersfeld skreaun. Dêrtroch waard Lullus as hillige fereare en njonken Wigbert patroanhillige fan 'e abdij.

Lullus syn grutte fertsjinste wie dat er de reorganisaasje fan 'e Tsjerke yn it Frankrykse Ryk, dêr Bonifatius mei útein set wie, foltôge. Boppedat foltôge Lullus de troch Bonifatius útein sette missy ûnder de Germanen.

Oer it algemien socht Lullus fral oerienstemming mei de Frankyske kenings, wylst Bonifatius in nauwere ferbining mei it pausdom yn Rome socht.

Betinkingsdei

bewurkje seksje

De feestdei is fan Lullus is op 16 oktober, syn stjerdei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Lullus (Erzbischof von Mainz)