Wiltshire is in seremonieel greefskip yn it súdwesten fan Ingelân, mei Trowbridge as haadplak. It bestiet nei alle gedachten al sûnt de iere 10e iuw. It grinzet oan de greefskippen Somerset yn it westen, Dorset en Hampshire yn it suden, Gloucestershire yn it noarden en Oxfordshire en Berkshire yn it easten. Mei de unitary authority fan Swindon omfiemet it greefskip 3.476 km2. It lânskip fan Wiltshire hat iepen flakten mei krythichten en brede dellingen. De leechflakte Salisbury Plains is ferneamd fanwege it megalitysk monumint Stonehenge.

Flagge fan Wiltshire
Lizzing Wiltshire yn Ingelân

It greefskip stie oarspronklik bekend as Wiltonshire, in ferbastering fan it 9e-iuwske Wiltunscir. De namme is ôflaat fan de eardere namme fan de stêd Trowbridge, Wilton. Dy namme kaam wer fan de rivier de Wylye, ien fan de acht natuerlike steamen fan Wiltshire.

Wiltshire hat in protte archeologyske oerbliuwsels fan foar de komst fan de Romeinen yn 43 nei Kr. De earste delsettingen yn de regio stamme út de Stientiid, Stonehenge en de stiensirkel by Avebury tsjûgje dêrfan. Tsjin de 7e iuw lei Wiltshire op de westlike grins fan it Angelsaksyske ryk, omdat de Somerset Levels en de Cranborne Chase in fierder oplûken nei it westen behindere. It greefskip waard yn 878 ferôvere troch de Denen, en nei de Normandyske ferovering fan Ingelân yn 1066 kaam it oan de Engelse kroan en de katolike tsjerke.

Yn de tiid fan de folkstelling fan 1086 wie Wiltshire noch meast agrarysk. It Domesday Book fermeldet 390 funksjonearjende moles en wyngaarden by Tollard en Lacock. Yn de neikommende iuwen draaide de greefskiplike ekonomy foaral op basis fan de feefokkerij, meast skiep. De Sistersjenzer kleasters fan Kingswood en Stanley eksportearren al yn de 13e en 14e iuw wol nei Florâns en Flaanderen.

Wiltshire stipe yn de Ingelske boargerkriich fan de 17e iuw it Britske parlemint yn har striid mei kening Karel II. Op 13 july 1643 waarden de Parlemintaarjers troch de Royalisten yn Wiltshire ferslein by Devizes nei de Slach fan Roundway Down.

It yn 1810 foltôge Kennet en Avon Kanaal trochkrúst it greefskip; it waard oanlein om it frachtferfier tusken de havenstêd Bristol en de Ingelske haadstêd Londen ienfâldiger te meitsjen. Nei de oanlis fan de Great Western Railway yn 1833 naam de betsjutting fan it kanaal ôf.

Distrikten (fan april 2009 ôf) Detailkaart
  1. Wiltshire Council (Unitary)
  2. Swindon (Unitary)
 
Distrikten (oant april 2009) Detailkaart
  1. Salisbury
  2. West Wiltshire
  3. Kennet
  4. North Wiltshire
  5. Swindon (Unitary)
 

It greefskip hie yn 2001 613,024 ynwenners. De befolkingstichtens is leech, 178/km2. Yn 1991 wienen der 230,109 wenten yn de county. Yn 1991 wie 98.3% fan de befolking lânseigen en 17.9% wie boppe de 65 jier âld.

Befolking fan Wiltshire:

  • 1801: 185,107
  • 1851: 254,221
  • 1901: 271,394
  • 1951: 386,692
  • 2001: 613,024