Somerset (histoarysk ek: Somersetshire) is in greefskip yn it súdwesten fan Ingelân, mei as haadstêd Taunton. It leit oan it Kanaal fan Bristol, en grinzet oan de greefskippen Devon en Dorset yn it suden; Wiltshire yn it easten; en Bristol en Gloucestershire yn it noarden. Somerset bestiet benammen út lanlik gebiet mei gloaiende hichten. It bestiet teminsten fan 'e iere 10e iuw ôf, en mooglik noch langer.

Somerset
Polityk
Lân Ingelân
Regio Súd West Ingelân
Sifers
Ynwennertal 917.100 (2010)
Oerflak 3450,6 km²
Befolkingsticht. 220 / km²
Oar
Tiidsône GMT (UTC+0)
Simmertiid (UTC+1)
Offisjele webside
www.somerset.gov.uk

De namme Somerset komt út it Aldingelsk en is ôflaat fan it wurd Sumortūnsǣte, dat betsjut "simmerbuorkerij", in pleats dy't winterdeis net bewenne waard.

Wichtichste delsettings

bewurkje seksje
 
Lânskip by Pensford

Bath en Wells binne de ienichste plakken yn Somerset mei stedsrjochten. Foardat Taunton de haadstêd fan it greefskip waard, wie dit Somerton. De nammen fan de measte delsettings binne fan oarsprong Angelsaksysk.

Trekpleisters

bewurkje seksje