Dorset (earder ek wol Dorsetshire) is in greefskip yn it sudwesten fan Ingelân, oan 'e kust fan it It Kanaal, dat oprjochte waard yn 'e tsiende iuw. De haadstêd is Dorchester (sûnt 1305). It greefskip is op syn breedst 80 kilometer en maksimaal 64 kilometer lang, hat in oerflak fan 2.652 kante kilometer. Dorset grinzget yn it westen oan Devon, yn it noardwesten oan Somerset, yn it noardeasten oan Wiltshire en yn it easten oan Hampshire. De helte fan Dorsets befolking wennet yn it steedlik gebiet om Dorchester hinne. It oerbliuwend diel fan it greefskip bestiet út tinbefolke plattelân.

Lizzing fan Dorset yn Ingelân

Skiednis bewurkje seksje

De namme Dorset ("Dorseteschire") waard it earst neamd yn 940 nei Kristus; it betsjut "lju dy't yn Dorchester wenje, dêr't mei de fûsten fjochte wurdt". It gebiet dat no Dorset foarmet, waard om 8000 foar Kristus foar it earst troch minsken bewenne. Dizze jagers út it stiennen tiidrek setten har nei wenjen oan de kust en yn de delling fan de Stour. Bosken fan Dorset waarden delhelle mei help fan ark en fjoer. Op de hege kalkhichten waarden ferdidigingsforten boud, sa as Maiden Castle. Leger lizzende gebieten waard lânbouwgrûn fan makke yn de rin fan de tiid.

Yn Dorset binne in protte Romeinske artefakten opgroeven. Op it plak fan de stêd Dorchester fan no, ferôvere Vespasianus yn 54 nei Kr. Maiden Castle op de Keltyske Durotrigen. Ut de stêd wei makken de oerwinners wegen nei in soad oare Romeinske delsettingen op de Britske eilannen. Yn dy perioade ferhuzen de bewenners fan Dorset fan de hege grûn nei de dellings, en yn de 4e iuw nei Kristus wienen de hichten suver ferlitten. De ferdigeningsrinfuorge, Bokerley Dyke, fertrage de Saksyske ferôvering fan Dorset mei benei 200 jier. It Domesday Boek jout ferwizingen nei in protte Saksyske delsettingen dy't faak oerienkomme mei de doarpen en stêden fan no. Nei de bekearing ta it kristendom lutsen kleasters in soad lân en macht oan.

Neffens de Angelsaksyske Kronyk wie it 789 dat de Wytsingen de earste oanfal op Ingelân dienen, op de kust fan Dorset by it eilân Portland.

Under in boargerkriich yn de 12e iuw waarden oeral yn Dorset nije ferdigeningsforten oplutsen, sa as Corfe Castle, Powerstock, Wareham en Shaftesbury. Kleasters dy't der al wiene, sa as Abbotsbury, waarden fersterke. Yn de Midsiuwen wie Dorset as jachtgebiet yn trek by it Ingelske keningshûs en de adel. De macht fan de kleasters waard hieltyd lytser, sadat der mear lân foar oaren frijkaam. Dy ûntjouwing late ta in groei fan de befolking. Yn de Ingelske boargerkriich fan de 17e iuw ferneatigen de Parlemintariërs Corfe Castle en Sherborne Castle, dy't yn hannen fan de Royalisten wiene. De Yndustriële Revolúsje fan de 19e iuw fernaam it greefskip net folle fan; Dorset is oant no ta meast in agrarysk gebiet bleaun.

Distrikten bewurkje seksje

  1. Weymouth en Portland
  2. West Dorset
  3. Noard Dorset
  4. Purbeck
  5. East Dorset
  6. Christchurch
  7. Bournemouth (Unitary authority)
  8. Poole (Unitary authority)
 

Demografy bewurkje seksje

Befolking Dorset
Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal
1801 101,857 1871 178,813 1941 214,700
1811 112,930 1881 183,371 1951 233,206
1821 129,210 1891 188,700 1961 259,751
1831 143,443 1901 188,263 1971 292,811
1841 161,617 1911 190,940 1981 321,676
1851 169,699 1921 193,543 1991 366,681
1861 174,255 1931 198,105 2001 390,986
Pre-1974 statistics were gathered from local government areas that now comprise Dorset
Source: Great Britain Historical GIS.[1]

Berne yn Dorset bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dorset Modern (post 1974) County: Total Population troch A Vision of Britain through time, sjoen 2010-01-10