Walburga, Walburgis of Walburch (Devonshire, Wesseks, om 710 - Heidenheim, 25 febrewaris 779) wie in dochter fan kening Richard fan Wesseks en in suster fan Willibald fan Eichstätt en Winebald.

Byld fan de Hillige Walburga yn de tsjerke fan Konter, Lúksemboarch

Se waard non en evangelisearre fanôf 748 yn it hjoeddeiske Dútslân mei ûnder mear Bonifatius en har bruorren. Letter waard se abdisse fan Heidenheim.

Neffens de oerlevering kaam der genêskrêftige oalje út in rots dêr't har relikwyen op stiene. De nacht fan 1 maaie, de dei dat har relikwyen yn 870 nei Eichstätt oerbrocht waarden, wurdt de Walpurgisnacht neamd en markearret it begjin fan de simmer.

Neffens de Roomske tradysje, kin de help fan de hillige Walburga oanroppen wurde tsjin hûnsdûmens, hoast, pest, eachsykten, stoarmen, hongersneed en in soad oare pleagen. Hja is patronesse fan boeren, skippers, seelju en hûsdieren. Se is ek de beskermhillige fan Netterden, Oudenaarde, Veurne, Antwerpen, Sutfen, Grins en it bisdom Plymouth.

Har nammedei is op 25 febrewaris (en op 1 maaie).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: