Willibald fan Eichstätt
Willibald fan Eichstätt (±700, Wesseks – ±787, Eichstätt), wie in kristlik Angelsaksysk preker, biskop fan it Beierske Eichstätt en hillige, dy't libbe yn 'e achtste iuw. Wat der oer him bekend is, is grutdiels ôfkomstich út 'e Hodœporicon Sancti Willibaldi (it "Reisferslach fan Sint Willibald"), in achtste-iuwske tekst fan 'e hân fan Huneberc, in Angelsaksyske non út it kleaster fan Heidenheim am Hahnenkamm, dy't Willibald persoanlik koe en oan wa't de tekst fan it wurk neffens har sizzen diktearre waard troch Willibald sels, koart foar syn dea. Willibald fan Eichstätt, ek wol Sint Willibald neamd, moat net betize wurde mei syn tiidgenoat Willibald fan Mainz, de skriuwer fan 'e Vita Bonifatii.
Willibald fan Eichstätt | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willibald | |
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 21 oktober ±700 | |
berteplak | yn Wesseks (Ingelân) | |
stoarn | ±787 | |
stjerplak | Eichstätt (Frankyske Ryk) | |
etnisiteit | Angelsaksysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | roomsk biskop | |
aktyf as | preker fan it kristendom | |
jierren aktyf | 722 – ±787 | |
reden bekendheid |
● syn prekersaktiviteiten ● syn beselskipjen fan Bonifatius ● syn hillichferklearring |
Libben
bewurkje seksjeWillibald waard berne op 21 oktober om it jier 700 hinne yn it Angelsaksyske keninkryk Wesseks. Doe't er trije jier wie, rekke er oanhelle mei in slimme longsykte, dy't makke dat er de siken hast net krije koe. Hy bestoar it suver, oant syn âldelju yn gebed God oanrôpen, en ûnthieten dat se it jonkje oan Gods tsjinst opdrage soene as er libjen bleau. Dêrop oerlibbe Willibald syn minnichte op wûnderbaarlike wize, en op 'e âldens fan fiif jier waard er troch syn heit en mem nei in benediktynsk kleaster stjoerd dat Waldheim hiet (no Bishop's Waltham, yn it Ingelske Hampshire). Dêr brocht Willibald syn jonkheid yn gebed en meditaasje troch.
Yn 722 gie Willibald op pylgerreis, tegearre mei syn broer Winebald. Syn foarnaamste driuwfear liket dêrby ferkenning west te hawwen, ynstee fan evangelisaasje, want út Huneberc har Hodœporicon blykt alhiel neat fan it útdragen fan it kristlik leauwe. Se reizgen troch wat no Frankryk en Itaalje binne nei Rome ta, dêr't se besmet rekken mei de pest, mar troch in wûnder allebeide wer opbetteren. Ut Napels wei giene hja skip nei Efeze, yn Lyts-Aazje, dêr't se it grêf fan 'e apostel Jehannes besochten. Dêrwei reizgen se fia Syprus nei it Hillige Lân ta. Op 'e weromweis diene se Konstantinopel oan en bedarre Willibald yn it benediktynske kleaster fan Monte Cassino, yn 'e Italjaanske Apeninen, dêr't er de folgjende tsien jier trochbrocht en in grutte rol spile by de weroardering fan it kleaster.
By in besyk oan Rome, om 740 hinne, krige er fan paus Gregoarius III de opdracht om him nei it Frankyske Ryk te bejaan en him by Bonifatius te foegjen, mei wa't er oan memmekant besibbe wie. Doe't Willibald oankaam yn it gebiet dat no de Dútske dielsteat Beieren is, waard er dêr troch Bonifatius ta preester wijd, dat er in begjin meitsje koe om dy lânsdouwe te kristenjen. Neitiid wurke er ek yn Tueringen, en it wie dêr dat er, op 'e nij troch Bonifatius, ta biskop wijd waard. Koart nei syn biskopswijinge kearde er werom nei de krite om Eichstätt hinne, dêr't er it dûbelkleaster Heidenheim am Hahnenkamm stifte, wêrfan't syn broer Winebald de earste abt fan waard, en nei dy syn dea, harren suster Walburga de earste abdisse.
Willibald waard yn 938 hillich ferklearre troch paus Leo VII. Hy wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan meast bereizge Angelsaksen fan syn tiid en iuwenlang is beweard dat er feitlik de earste Ingelsman wie dy't it Hillige Lân besocht. Syn skryn is noch altyd yn 'e katedraal fan Eichstätt, dêr't syn lichem en de relikwyen fan syn reizen bewarre wurde. Syn hjeldei falt op 7 july.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |