Hjeldei
In hjeldei is in dei dy't neffens de tradysje of de wet beskôge wurdt as oars as oare dagen. Faak binne de minsken op sa'n dei frij fan har wurk en de bern frij fan skoalle. Hjeldagen binne ornaris bedoeld om it ien of oar te fieren (in feestdei) of te betinken (in tinkdei).
Namme
bewurkje seksjeFan âlds is it sa dat hjeldagen faak in bân mei it kristendom hawwe; it wurdt "hjeldei" is nammers in gearlûking fan it Aldfryske hêligdei, "hillige dei", en komt as sadanich oerien mei it Ingelske holiday (fan it Aldingelske hāliġdæġ). Yn it Hylperske dialekt (haligedei) is de oarsprong fan it wurd noch goed werom te kennen. Tsjintwurdich hawwe hjeldagen harren religieuze lading fierhinne ferlern, en wurde se benammen brûkt foar famyljebesite, rekreaasje en ûnthasting.
It Frysk hat ferskate siswizen mei it wurd "hjeldei" deryn:
- "hjeldei meitsje" wol sizze dat men ophâldt mei wurkjen;
- "hjeldagen meitsje" betsjut dat men stikken oerslacht by it fervjen;
- "yn 'e hjeldagen wêze" wol sizze dat men yn 'e krystdagen of yn it peaske- of pinksterwykein sit.
Men kin ek gearstallings mei it wurd "hjeldei" meitsje, lykas "krysthjeldei" of "hjelhimelfeartsdei". In "hjeljûn" is de jûnsrêst as it wurk fan 'e dei derop sit.
Hjeldagen yn Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân kinne de folgjende dagen oantsjut wurde as hjeldei:
- algemien erkende hjeldagen
- Nijjiersdei: feestdei, begjin fan it nije jier (1 jannewaris)
- Peaskesnein: feestdei, fiering fan weropstanning út 'e dea fan Jezus Kristus (ferskowende datum)
- Peaskemoandei: feestdei, fiering fan weropstanning út 'e dea fan Jezus Kristus (ferskowende datum)
- nasjonale hjeldagen
- Keningsdei (foarhinne Prinsessedei en Keninginnedei): feestdei, fiering fan 'e monargy (27 april)
- Befrijingsdei: feestdei, fiering fan 'e befrijing fan Nederlân oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch (5 maaie) (nasjonale hjeldei sûnt 1990; dêrfoar iens yn 'e fiif jier in nasjonale hjeldei)
- Himelfeartsdei: feestdei, fiering fan 'e himelfeart fan Jezus Kristus (ferskowende datum; altyd op in tongersdei; 39 dagen nei Peaskesnein)
- Pinkstersnein: feestdei, fiering fan 'e útstoarting fan 'e Hillige Geast (ferskowende datum; 7 wiken nei Peaske)
- Pinkstermoandei: feestdei, fiering fan 'e útstoarting fan 'e Hillige Geast (ferskowende datum; 7 wiken nei Peaske)
- Earste Krystdei: feestdei, fiering fan 'e berte fan Jezus Kristus (25 desimber)
- Twadde Krystdei: feestdei, fiering fan 'e berte fan Jezus Kristus (26 desimber)
- mei algemien erkende hjeldagen lyksteld yn 'e Algemiene Terminewet
- oare dagen dy't yn 'e praktyk (yn guon fermiddens) as (in soarte fan) hjeldei funksjonearje
- Falentynsdei: feestdei, fiering fan 'e leafde
- Dei fan de Arbeid: feest- en tinkdei fan 'e sosjalistyske en kommunistyske arbeidersbeweging
- Betinkingsdei: tinkdei ta oantins fan 'e Nederlânske slachtoffers yn 'e Twadde Wrâldoarloch (en yn alle wapene konflikten sûnt dy tiid) (4 maaie)
- Memmedei: feestdei, fiering fan it mem-wêzen (ferskowende datum; 2e snein yn maaie)
- Heitedei: feestdei, fiering fan it heit-wêzen (ferskowende datum; 3e snein yn juny)
- Prinskesdei: feestdei, begjin fan it nije politike jier (mei de feestlike optocht mei de Gouden Koets troch De Haach)
- Bistedei: feestdei ta eare fan 'e (hûs)dieren (4 oktober)
- Halloween: út 'e Feriene Steaten oerwaaide feestdei, de lju ferklaaie har en bern geane biddeljend om snobbersguod by de doarren lâns (31 oktober)
- Sint-Marten: feestdei, bern geane biddeljend en sjongend by de doarren lâns (11 novimber)
- Sinteklaas/Pakjesjûn: feestdei, kadootsjes wurde útwiksele (5 desimber)
- allinnich foar leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke (fral yn Noard-Brabân en Limburch fan belang):
- Karnaval: feestwike, foarjûn fan 'e fêsteltiid foarôfgeande oan Peaske (ferskowende datum)
- Marije Mem fan God: feestdei, fiering fan it mem-wêzen fan 'e Faam Marije (1 jannewaris)
- Marije-Himelfeart: feestdei, fiering fan it yn 'e himel opnimmen fan 'e Faam Marije (15 augustus)
- Alderheljen: tinkdei ta oantins fan alle hilligen en martelders fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke (oarspronklik 1 novimber, mar yn Nederlân yn 1968 ferskood nei de earste snein nei 1 novimber)
Yn Nederlân binne der gjin wetlike regels oer de fraach op hokker hjeldagen oft wurknimmers ferplichte frij krije moatte. Dat is nammentlik regele yn 'e kollektive arbeidsoerienkomsten. De measte minsken hawwe alle algemien erkende hjeldagen frij behalven Goedfreed en Befrijingsdei. By in protte wurkjouwers is Befrijingsdei noch altyd ien kear yn 'e fiif jier in frije dei, in tastân dy't weromgiet op 'e sitewaasje fan foàr 1990, doe't Befrijingsdei offisjeel inkeld yn lustrumjierren in nasjonale hjeldei wie. Wat de salariëarring oanbelanget binne algemien erkende hjeldagen ornaris lyksteld mei sneinen. As men dan op sa'n dei al wurkje moat, kriget men dan ek de sneinstaslach op it lean ta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |