Nasjonale Deadebetinking

(Trochferwiisd fan Deadebetinking)

Yn Nederlân fynt alle jierren op 4 maaie de Nasjonale Deadebetinking plak. Eltsenien betinkt by de Nasjonale betinking de minsken -boargers en militêren- dy't yn it Keninkryk fan 'e Nederlannen en op oare plakken op 'e wrâld weirekke binne sûnt it begjin fan 'e Twadde Wrâldkriich (10 maaie 1940), yn kriichssitewaasjes en fredesoperaasjes. De betinking is û.o. ornearre om it oantinken fan de ôfgryslike tiid fan de besetting troch de nazy-Poepen libbende te hâlden.

Betinking op de Waalskdoarperflakte (2009)

Ien dei dêrnei, op 5 maaie wurdt de befrijing fan 'e Dútske besetting (1940-1945) fierd.

Oant 1961 waarden allinnich de Nederlânske slachtoffers fan 'e Twadde Wrâldkriich betocht. Fan 1961 ôf wurde op 4 maaie ek de deaden fan oare militêre konflikten betocht (bygelyks de Polisjonele aksjes.)

Betinking op 'e Dam yn Amsterdam

bewurkje seksje
 
Nasjonaal Monumint op de Daam yn Amsterdam.

De earste deadebetinking waard holden op 9 maaie 1945 op 'e Daam yn Amsterdam. It gemeentebestjoer hie dêr ien dei dêrfoar ta besletten. Der waard ien minút stilte holden om de deaden te betinken.

Nije Tsjerke

bewurkje seksje

De nasjonale betinking op 'e Daam yn Amsterdam fynt plak neffens in fêst patroan. Yn 'e Nije Tsjerke oan de Dam fynt in seremoanje plak dêr't, njonken it Keninklik Hûs en regearsfertsjintwurdigers, ek kriichsslachtoffers en neibesteanden by binne. De seremoanje begjint om 18:55 oere, duorret in healoere en wurdt live útstjoerd op ien fan 'e publike netten. By de seremoanje wurdt ek de 4 maaie-lêzing útsprutsen. Om 19:50 oere ferlit de Keninginne de Nije Tsjerke en rint, tegearre mei de kroanprins en kroanprinsesse en in pear politike en militêre hege amtners, troch in earekûlwaar fan feteranen nei it monumint op 'e Dam. Foar it monumint stiet de groep stil.

In lid fan it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie sprekt de folgjende tekst út: "Tijdens de Nationale Herdenking herdenken wij allen - burgers en militairen - die in het Koninkrijk der Nederlanden of waar ook ter wereld zijn omgekomen sinds het uitbreken van de Tweede Wereldoorlog, in oorlogssituaties en bij vredesoperaties. Alle herinneringen daaraan komen samen tijdens de Nationale Herdenking. Om acht uur is het overal in Nederland twee minuten stil. Twee minuten, waarin we ons realiseren dat we hier in vrijheid twee minuten stil kunnen en mogen zijn. Ter nagedachtenis aan allen die zijn omgekomen, leggen Hare Majesteit de Koningin en Zijne Koninklijke Hoogheid de Prins van Oranje de eerste krans bij het Nationaal Monument."

Stilte & krânslizzing

bewurkje seksje
 
Nederlânske flagge healstôk

Dêrnei lizze de Kening en de Keninginne in krâns by it monumint út namme fan alle boargers fan Nederlân. Dêrnei wurdt it sinjaal "Taptoe" spile, dat om acht oere einiget; de klok fan 'e Nije Tsjerke slacht en der wurde twa minuten stilte holden ta de neitins fan harren dy't yn en troch in oarloch ferstoarn binne. Nei de twa minuten stilte wurdt in kûplet fan it Wilhelmus spile, wêrby't eltsenien meisjonge kin. Dan wurdt der in koarte taspraak holden oer 'e betsjutting fan 4 maaie. Dêrnei wurde krânzen lein troch fertsjintwurdigers fan it Nederlânske regear, wêrûnder de minister-presidint, it parlemint, de Nederlânske kriichsmacht, fersetsbeweging en in protte organisaasjes; ek wurdt der in selsskreaun gedicht útsprutsen troch in skoalbern. Dêrnei wurde der blommen dellein by it monumint troch skoalbern út 'e omkriten. Op it lêst begjint it defilee, wêrby't eltsenien by it monumint lâns rinne kin en blommen dellizze kin.

Alles wurdt útstjoerd troch de publike stjoerders en SBS. Op RTL wurde noch oare betinkings útstjoerd (Waalsdorperflakte).

Keppelings om utens

bewurkje seksje