Alderheljen
Alderheljen of Alderheljendei (Latyn: Sollemnitas Omnium Sanctorum) is in kristlike hjeldei dy't yn it Westerske kristendom op 1 novimber falt. Yn Fryslân spriek men foarhinne wol fan Ald Alderheljen (12 novimber) en Nij Alderheljen (1 novimber),[1] dat it ferskil tusken de (âlde) Juliaanske en (nije) Gregoriaanske kalinder oanjoech. Alderheljen wurdt fierd troch de Roomsk-Katolike Tsjerke, de Anglikaanske Tsjerke, de Lutherske tsjerken en de metodistyske tsjerken. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is it in heechfeest. Alderheljen is besibbe oan Halloween, dat in dei earder falt, op 31 oktober, en oan Aldersielen, dat in dei letter falt, op 2 novimber. Ek yn it Easterske kristendom wurdt Alderheljen fierd, yn 'e Eastersk-Otterdokse Tsjerken en de dêrmei ferbûne Eastersk-Katolike Tsjerken op 'e earste snein nei Pinkster, en yn 'e Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken en de dêrmei ferbûne Eastersk-Katolike Tsjerken op 'e earste freed nei Peaske.
Op Alderheljen wurde fan âlds alle kristlike hilligen en martelders betocht, oft se no bekend of ûnbekend binne. Fromme kristenen út tsjerkgenoatskippen dy't Alderheljen fiere, geane op dy hjeldei nei tsjerke om in earetsjinst by te wenjen. Ek bidde se foar de deaden en besykje se begraafplakken om blommen op 'e grêven fan 'e ferstoarnen te lizzen en dêr kjersen te brânen. Yn Dútslân en Eastenryk traktearje peetâlden harren peetbern op Alderheljen op Allerheiligentriezel, in soarte fan bôle. Fierders wurde in protte saneamde alderheljenmerken organisearre. De grutste alderheljenmerk yn Nederlân, mei 80.000 oant 100.000 besikers. fynt elts jier plak yn it Grinslânske Wynskoat.
It is bekend dat Alderheljen yn it Westerske kristendom al yn 'e achtste iuw op 1 novimber fierd waard, hoewol't paus Gregoarius IV dy datum pas yn 837 offisjeel fêststelde foar it roomske Alderheljenfeest. It is oannimlik dat 1 novimber oarspronklik útkeazen waard om gear te fallen mei de heidenske Keltyske hjeldei Samhain, mei de bedoeling om dy hjeldei te ferfangen, krekt sa't bgl. de datum fan Kryst útkeazen wie om gear te fallen mei it heidenske Midwinterfeest. Oan 'e oare kant skreau Óengus fan Tallaght († ±824), dat yn Ierlân Alderheljen yn 'e sânde en achtste iuw op 20 april fierd waard. Dat suggerearret dat de ferskowing nei 1 novimber in Germaanske fining wie ynstee fan in Keltysk idee.
Tsjintwurdich is Alderheljen in nasjonale feestdei (en frije dei) yn in protte, fral roomske, lannen, wêrûnder Andorra, Belgje, Eastenryk, Frankryk, Hongarije, Itaalje, Kroaasje, Lychtenstein, Litouwen, Lúksemboarch, Monako, Poalen, Portegal, San Marino, Slowakije, Sloveenje, Spanje en dielen fan Dútslân en Switserlân. Yn Sweden en Finlân wurdt Alderheljen fierd op 'e sneon dy't tusken 31 oktober en 6 novimber falt. Yn Nederlân is Alderheljen gjin nasjonale feestdei, mar wol in ferplichte hjeldei fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn 1967 ferpleatsten de Nederlânske biskoppen (nei se dêrta ûntheffing krigen hiene fan paus Paulus VI) Alderheljen nei de earste snein nei 1 novimber. Foartiid wie Alderheljen op dy dei sels fierd. Yn 1989 besleaten de biskoppen om 'e hjeldei mei yngong fan 1991 wer op 1 novimber te fieren.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |