Pinkstermoandei is in kristlike hjeldei dy't ûnderdiel útmakket fan it Pinksterfeest. It is de moandei nei Pinkstersnein, en it feroaret mei Peaske en Pinkstersnein elts jier fan datum. Pinkstermoandei wurdt 51 dagen nei Peaskesnein fierd, en kin sadwaande op syn betiidst falle op 11 maaie en op syn letst op 10 juny. Krekt as op Pinkstersnein wurdt op Pinkstermoandei tradisjoneel de útstoarting fan 'e Hillige Geast en it begjin fan 'e kristlike tsjerke fierd.

De start fan 'e Alvestêdetocht op de Fyts, yn Boalsert, dy't tradisjoneel op Pinkstermoandei ferriden wurdt.

Yn it Nederlânsk wurdt dizze hjeldei Tweede Pinksterdag neamd, mar yn it Frysk sprekt men fan 'Pinkstermoandei'. "Twadde Pinksterdei", dat men ek wolris heard, is eins in hollanistyske ynterferinsje.

Behalven yn Nederlân is Pinkstermoandei ek in offisjele frije dei yn Anguilla, Antigua en Barbûda, de Bahama's, Barbados, Belgje, de Britske Famme-eilannen, Syprus, Denemark, Dominika, Dútslân, Eastenryk, Frankryk, Grikelân, Grenada, Hongarije, Iislân, Ivoarkust, de Kaaimaneilannen, Lúksemboarch, Monako, Montserrat, Noarwegen, de Oekraïne, Roemeenje, Sint-Finsint en de Grenadinen, Sint-Kits en Nevis, Sint-Lusia, de Salomonseilannen, Switserlân en Togo.

Yn Fryslân wurde op Pinkstermoandei sawol de Alvestêdetocht op de Fyts as de Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub ferriden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.