Grenada
Flagge fan Grenada Wapen fan Grenada
Flagge Wapen
Lokaasje fan Grenada
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Sint George's
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet 344 km²
Ynwenners (2004) 89.000
Munt East-Karibyske dollar (XCD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei Hail Grenada
Lânkoade GRD
Ynternet .gd
Tillefoan 1473

Grenada is in eilân en steat yn de Karibyk. De steat Grenada beslacht it eilân en de Lytse Grenadinen. De eilannegroep heart by de Lytse Antillen. De haadstêd is Sint George's.

It eilân Grenada is it grutste eilân fan de eilannegroep; de Lytse Grenadinen binne Carriacou, Petit Martinique, Ronde Island, Caille Island, Diamond Island, Large Island, Saline Island en Frigate Island. De measte minsken wenje op it eilân Grenada, wêrfan St. George’s, Grenville en Gouyave de grutste plakken binne. It heechste punt fan it eilân is de berch St. Catherine (840 m).

Grenada waard yn 1498 troch Kolumbus ûntdutsen, hy neamde it eilân Concepción, mar stifte gjin kolony. Yn it tiidrek 1674 - 1763 wie Grenada in Frânske kolony, dêrnei waard it in eilân fan it Britske Commonwealth. Yn 1974 waard Grenada ûnôfhinklik.

95 % fan de ynwenners fan Grenada hawwe foarfaars út Afrika. 3 % is Yndysk. Op it eilân wennet in lytse minderheid mei Jeropeesk foarteam. De amtlike taal fan it eilân is Ingelsk, fierders wurde der Kreoaltalen praat. De grutste religy's op it eilân binne mei likernôch 64 % fan de minsken Katolyk, 22 % Anglikaansk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grenada fan Wikimedia Commons.