Dorchester (Dorset)
Dorchester is in stêd yn it distrikt West Dorset, yn it Ingelske greefskip Dorset.
Dorchester | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Dorset | |
Regio | Súdwest Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.060 (2011) | |
Hichte | 10 m. | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC | |
Offisjele webside | ||
Dorchester Town Council |
Dorchester is it haadplak fan it Ingelske greefskip Dorset. De stêd leit oan de rivier de Frome en is fanâlds in merkplak foar de fral agraryske omkriten. De pleatslike yndustry hat ûnder oaren bedriuwen foar learferwurking en lânboumasines.
Dorchester hat in lange skiednis. De stêd waard stichte troch de Romeinen om it jier 70 hinne ûnder de namme Durnovaria. Oerbliuwsels út de Romeinske tiid binne restanten fan de stedsmuorren en de fûndearrings fan in Romeinsk hûs. Artefakten binne te sjen yn it Dorset County Museum.
Yn de omkriten binne oerbliuwsels út de prehistoarje, lykas Maiden Castle út de 4e iuw f.Kr., op it plak fan in neolityske delsetting út ûngefear 3000 f.Kr.
Dorchester (Casterbridge), spilet in rol yn in protte romans fan Thomas Hardy, benammen yn The Mayor of Casterbridge. Hardy syn hûs yn Dorchester is iepen foar besikers en der is in stânbyld fan de skriuwer.
-
Dorchester en de Frome
-
High West Street
-
Baptistetsjerke
-
Sikehûs
-
Stânbyld fan Thomas Hardy
Berne yn Dorchester
bewurkje seksje- Llewelyn Powys (13 augustus 1884), skriuwer
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dorchester, Dorset fan Wikimedia Commons. |