Thomas Hardy
Thomas Hardy (Stinsford, Higher Bockhampton by Dorchester, greefskip Dorset), 2 juny 1840 – dêre, 11 jannewaris 1928) wie in Ingelsk romanskriuwer en dichter. Hy wurdt oer 't algemien beskôge as ien fan de grutste skriuwers yn de Ingelske literatuer.
Thomas Hardy | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 2 juny 1840 | |
berteplak | Higher Bockhampton | |
stoarn | 11 jannewaris 1928 (87 jier) | |
stjerplak | Higher Bockhampton | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Roman, koart ferhaal, poëzy | |
streaming | naturalisme, realisme, Fiktoariaanske literatuer | |
bekendste wurk(en) |
Tess of the d'Urbervilles, Far from the Madding Crowd, Samle gedichten, Jude the Obscure | |
jierren aktyf | 1871-1913 |
Libben
bewurkje seksjeHardy waard berne as soan fan in stienhouwer en pleatslik ûndernimmer. Syn mem Jemima wie tige belêzen en ûnderwiisde him foar't er mei acht jier nei de legere skoalle yn Bockhampton gie. Fan master Last learde er Latyn en liet er al akademysk potensjeel sjen. [1] Lykwols, syn famylje hie it jild net om him studearje litte te kinnen, dat skoalle hâlde op doe't er 16 jier wie. Hy folge fan 1862 – 1867 in oplieding ta arsjitekt yn Dorchester en kaam yn de lear by John Hicks, in pleatslik arsjtekt. It berop fan arsjitekt hat er in tal jierren útoefene yn Londen. Hy wûn twa arsjitektuerprizen, him takend troch de Royal Institute of British Architects en de Architectural Association.
Hardy hat him nea thús field yn Londen. Hy wie him altyd bewust fan klasseferskillen en fielde him maatskiplik minderweardich. Hy gie werom nei Dorset en besleat him hielendal ta te lizzen op de skriuwerij. Syn eftergrûn en ûnderfinings yn it arsjitektewurk is werom te finen yn syn boeken.
Dwaande mei in restauraasje oan de tsjerke fan St Juliot yn Cornwall,[2] moete Hardy Emma Lavinia Gifford en rekke fereale; sy trouden yn 1874.[3] Letter rekke er ferfrjemde fan Emma. Sy stoar yn 1912, har dea hie in traumatysk effekt op him. Nei har dea reizge Hardy nei Cornwall om de plakken út harren ferkearingstiid nochris te sjen. Syn Poems 1912–13 binne oantinkens oan har ferstjerren. Yn 1914 boaske Hardy mei syn sekretaresse Florence Emily Dugdale, dy't 39 jier jonger as him wie. Hy bleau lykwols dwaande mei syn earste frou en besocht syn berou oer te kommen troch oer syn ferlerne leafde te dichtsjen.[4] Florence kaam sa yn Emma's skaad te stean en hat der in protte fertriet fan hân.
Hardy krige pleuritis yn desimber 1927 en stoar yn jannewaris 1928. Op syn stjerbêd hat er syn lêste gedicht oan syn frou diktearre. De begraffenis wie op 16 jannewaris yn Westminster Abbey. Dit wie in wat tsjinstridige saak, want Hardy en syn famylje en freonen hiene wollen dat er by syn earste frou Emma yn it grêf kaam yn Stinsford. Syn testemintêr-eksekuteur, Sir Sydney Carlyle Cockerell, stie der lykwols op dat Hardy byset waard yn de ferneamde Poets' Corner fan Westminster Abbey. Men berikte in kompromys troch syn hert yn Stinsford by Emma te bedobjen, en syn jiske yn de 'Dichters hoeke' by te setten.
Wurk
bewurkje seksjeTusken 1871 en 1895 skreau Hardy 13 romans, dy't harren ôfspylje in it heal om heal optochte greefskip Wesseks. De earste, The Poor Man and the Lady, waard troch de útjouwers wegere; Hardy ferneatige doe it manuskript. Hy krige lykwols goerie en stipe fan ûnder oaren George Meredith en dat die him belúten om troch te gean. De twa folgjende boeken joech er syn namme net oan, bleau anonym. Nei trije publissearre romans hie Hardy de goede foarm en toan fûn en briek er troch mei Far from the Madding Crowd. Hy waard populêr en hie syn plak yn de literêre wrâld ferôvere.
Hardy stoppe mei it skriuwen fan proazawurk nei Jude the Obscure (1895). Krekas nei it ferskinen fan Tess of the d'Urbervilles (1891), krige er sa'n negative krytyk oer him hinne, dat hy doarste it net mear oan en skreau in nije roman. De krityk gie oer de anti-houlikse aspekten en de bûtenhoulikse leafdesferhâldings yn syn lêste romans dy't as ymmoreel sjoen waarden. Hardy rjochte him doe op in oare grutte leafde, de poëzy. Dêr hie er ek in soad súkses mei en syn gedichten hearre ta de bêsten fan de Ingelske 20e-iuwske poëzy.
It Wesseks fan Hardy
bewurkje seksjeHardy's ferhalen spylje har meastal ôf yn it fiktive greefskip Wessex, neamd nei it Angelsaksyske keninkryk Wesseks, dat part wie fan de heptargy dy 't foarôfgie oan it ûntstean fan it keninkryk Ingelân. Hardy's Wesseks omfettet de hjoeddeiske greefskippen Berkshire, Devon, Dorset, Hampshire, Somerset en Wiltshire. De namme waard foar it earst brûkt yn Far from the Madding Crowd en net earder as yn de jierren dêrnei, benammen fan The Mayor of Casterbridge ôf, ûntwikkele Hardy it konsept fierder en omskreau er it as in soarte fan frame dêr 't syn ferhalen him yn ôfspylje. De optochte plaknammen ferwize al nei besteande stêden en doarpen yn dit gebiet. Yn lettere bewurkingen fan syn ferhalen hat Hardy de oarspronklike orizjinele plaknammen dy't er yn it earstoan brûkte, ferfongen troch de fiktive. In opfallend elemint yn syn wurk is dat it de kulturele sfear skilderet yn it lanlike Wesseks yn de perioade foar en om de komst fan de spoarwegen en de yndustriële revolúsje hinne, dy't it Ingelske lânskip foargoed feroarje soene. Plakken dy't ferbûn binne mei Hardy syn libben en dy't as boarne fan ynspiraasje tsjinnen foar de dekôrs fan syn romans, bliuwe literêre toeristen lûken.
Romans
bewurkje seksje- The Poor Man and the Lady (1868, net útjûn)
- Desperate Remedies (1871)
- Under the Greenwood Tree (1872)
- A Pair of Blue Eyes (1873)
- Far from the Madding Crowd (1874)
- Fryske oersetting: Fier fan Alle Drokte (fert. Geart van der Mear; 2018)
- The Hand of Ethelberta (1876)
- The Return of the Native (1878)
- The Trumpet-Major (1880)
- A Laodicean (1881)
- Two on a Tower (1882)
- The Mayor of Casterbridge (1886)
- The Woodlanders (1887)
- Tess of the d'Urbervilles (1891)
- Fryske oersetting: Tess fan de D'Urbervilles (fert. Geart van der Mear; 2010)
- The Well-Beloved (1892/1897)
- Jude the Obscure (1895), yn 1996 ferfilme mei as titel "Jude", regisseur Michael Winterbottom
Ferhalen
bewurkje seksje- Wessex Tales (1888)
- A Group of Noble Dames (1891)
- Life's Little Ironies (1894)
- A Changed Man (1913)
Poëzij
bewurkje seksje- Wessex Poems (1898)
- Poems of the Past and Present (1901)
- Time's Laughing Stocks (1910)
- Satires of Circumstance (1914)
- Late Lyrics and Earlier (1922)
- Human Shows (1925)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|