Tess fan de D'Urbervilles

Tess fan de D'Urbervilles (oarspronklike Ingelske titel: Tess of the d'Urbervilles) is in roman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928). It boek waard foar it earst útjûn yn 1891, mei as ûndertitel A Pure Woman Faithfully Presented. Tess fan de d'Urbervilles is in trageedzje, dy't alderearst yn in yngripend sinsurearre ferzje as fúljeton yn in krante ferskynde. Hoewol't it hjoed de dei beskôge wurdt as in wichtich ûnderdiel fan 'e Ingelsktalige literatuer, krige Tess of the d'Urbervilles by de publikaasje tige mingde resinsjes, fral ek om't it de besteande seksuële moraal yn it Fiktoriaanske Ingelân oanfocht. Yn 2010 waard it boek oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear.

Tess fan de D'Urbervilles
algemiene gegevens
oarspr. titel Tess of the d'Urbervilles
auteur Thomas Hardy
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre trageedzje
1e publikaasje 1891, Londen
oarspr. útjwr. James R. Osgood,
   McIlvaine & Co
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Tess fan de D'Urbervilles
publikaasje 2010, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 42 267

Hardy skreau Tess fan de D'Urbervilles yn 1890 en 1891 as it op ien nei lêste boek fan syn karriêre (syn hert lei by poëzij ynstee fan proaza, en doe't er yn 'e rin fan 'e njoggentiger jierren safolle oan 'e ferkeap fan syn romans fertsjinne dat er derfan libje koe, lei er him folslein ta op it skriuwen fan gedichten). Ut it manuskript fan Tess of the d'Urbervilles, dat tsjintwurdich tentoansteld wurdt yn it Britsk Museum, docht bliken dat Hardy syn boek earst Daughter of the d'Urbervilles neame woe. Yn 'e roman beskriuwt er it lot fan it boerefamke Tess, dat troch in keatling fan yninoar gripende foarfallen almar fierder yn 'e swierrichheden bedarret, wêrby't it ûntnaderjen fan har "deugd" (fammesteat) troch in kreaze ferlieder in krúsjale rol spilet, oant se úteinlik terjochtsteld wurdt foar moard. Mei dit tragyske ferhaal woe Hardy dúdlik de dûbele seksuële moraal yn it Fiktoriaanske Ingelân oanfjochtsje, dy't it skeanskermjen fan manlju troch de fingers seach en sels min ofte mear as normaal beskôge, wylst yn in skrinend kontrast in frou dy't foar it houlik seksuële omgong hân hie troch de maatskippij sa goed as ferstaat waard. Dat Hardy it boek de ûndertitel fan A Pure Woman Faithfully Presented ("In Suvere Frou Earlik Beskreaun") meijoech, waard him dan ek slim kwea-ôf nommen. De besteande moraal wie ek de reden dat de roman, tsjin Hardy syn sin yn, slim sensurearre waard foar't er ferskine koe yn 'e krante The Graphic, dy't it ferhaal yn 1891 as fúljeton foar it earst publisearre.

Earste Faze: In Famke Noch (haadstik 1-11)

bewurkje seksje

Tess is it âldste bern yn it gesin fan John Durbeyfield, in ienfâldige komelker op it plattelân fan Wesseks, en dy syn frou Joan. Op in dei fertelt dûmny Tringham John dat er aadlik bloed hat. Tringham hat ûntdutsen dat "Durbeyfield" in ferbastering is fan "D'Urberville", de efternamme fan in aadlike famylje fan Normandysk komôf, dy't no útstoarn is. Dêrmei makket er John de kop alhiel oerstjoer.

Dyseldichste deis docht Tess yn it doarp mei oan 'e maaiedûns, wêrby't se Angel Clare moetet, de jongste soan fan dûmny James Clare, dy't mei syn beide âldere bruorren op rûnreis is. Hy hâldt ho om mei te dwaan en dûnset mei ferskate oare fammen. Angel merkt Tess har skientme op, mar te let om mei har te dûnsjen, mei't er al oan 'e lette kant is foar in ôfprate moeting mei syn bruorren. Tess fielt har tekoart dien.

Tess har heit, alhiel oerémis rekke fanwegen de ûntdekking dat er fan adel is, drinkt dy jûns tefolle om dy nachts nei de merk te riden, dat sadwaande nimt Tess de reis op har. Lykwols, se falt yn 'e sliep op 'e bok fan 'e karre en kin dêrtroch in botsing net foarkomme as der in te hurd jeiende wein fan 'e oare kant komt. By it ûngemak komt Prins, har heite iennichste hynder, om. Tess fielt har dêr sa skuldich oer, dat se tsjin better witten yn tastimt om frou D'Urberville op te sykjen, in rike widdo dy't yn it tichtbye stedsje Tantridge wennet, mei it doel om oanspraak te meitsjen op besibskip. Hja wit net dat yn it echt frou D'Urberville har man, Simon Stoke, de baronstitel kocht hat en dêrmei de nije efternamme oannommen, en dat dizze D'Urbervilles dus alhielendal gjin famylje fan har binne.

It slagget Tess net om frou D'Urberville te wurd, mar se falt ûnbedoeld yn 'e smaak by dy har lichtsinnige soan Alec, dy't dêrom foar Tess in baantsje beävensearret as plomfeehoedster op ’e state fan 'e D'Urbervilles. Fuortendaliks al leit er it op har ta. Tess mei him net lije en stekt dat net ûnder stuollen of banken, mar soks skrikt him net ôf. Se moat syn oandacht wol ferneare, mient se, mei't se genôch jild sjen moat te fertsjinjen om har famylje in nij hynder te besoargjen. De bedriging dy't Alec foar Tess har deugd ynhâldt, wurdt foar har ferdizene troch har brekme oan ûnderfining mei sokke saken en har frijwol deistige omgong mei him. Hy neamt har "nicht", wat har tinken docht oan in manlike beskermer ynstee fan oan in ferlieder.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Let op in jûn, op 'e weromreis út it stedsje mei guon oaren, rekket Tess sûnder erch behelle yn in rûzje mei in oare faam, dy't op it punt stiet om op slaanderij út te rinnen. As Alec krekt dan lânsriden komt en oanbiedt om har út dy sitewaasje te rêden, nimt se syn oanbod oan. Hy bringt har lykwols net nei hûs, mar riidt troch de dize oant se in lytse bosk berikke; dan beart er dat er paadbjuster rekke is en set geandefoets ôf om út te finen wêr't se binne. Tess bliuwt efter en falt einlings yn 'e sliep op de mantel dy't er har liend hat. As er yn it tsjuster weromkeart, hat er seksuële omgong mei har (in barren dat Hardy yn sokke bedutsen termen omskriuwt, dat it net dúdlik wurdt oft it dêrby no om ferlieding of ferkrêfting giet, al komme letter yn it ferhaal taspilings foar dy't derop wize dat it mear wei hat fan it lêste).

Twadde Faze: Gjin Famke Mear (haadstik 12-15)

bewurkje seksje

Tess begjint Alec te ferachtsjen. Tsjin syn wil giet se werom nei har âldershûs, dêr't se suver net mear út har keamer komt. De simmer dêrop skinkt se it libben oan in syklik jonkje, dat mar in pear wike libbet. Op 'e lêste jûns foar syn dea doopt Tesse him sels, nei't har heit wegere hat de dûmny yn 'e hûs ta te litten. Se neamt it jonkje Sorrow ("Fertriet"; yn 'e Fryske oersetting "Smertebern"). Tess begraaft har soan eigenhandich yn ûnwijde grûn en timmeret sels in krús om op it grêf te setten.

 
Foarside fan 'e earste printinge fan Tess of the d'Urbervilles, út 1891.

Trêde Faze: Nije Hoop (haadstik 16-24)

bewurkje seksje

Mear as twa jier nei it fiasko te Tantridge is Tess, no tweintich jier âld, ree om fannijs te begjinnen. Se siket wurk bûten har doarp, op in plak dêr't har ferline ûnbekend is, en wit in baantsje te bemachtigjen as boerefaam op 'e greidpleats fan menear Richard Crick. Dêr rekket hja befreone mei trije oare fammen, Izz, Retty en Marian, en ek moetet se dêr Angel Clare wer, dy't sels ek boer wurde wol en by menear Crick leart hoe't men in suvelbedriuw liede moat. Hoewol't de oare boerefammen alhiel besleifere fan him binne, kiest Angel al rillegau Tess út, en stadichwei wurde se beide fereale opinoar.

Fjirde Faze: It Gefolch (haadstik 25-34)

bewurkje seksje

Angel bringt in pear dagen by syn famylje yn Emminster troch. Syn bruorren Felix en Cuthbert, in teolooch en in klassikus, merke op dat Angel mar frijwat boerske manearen kriget, wylst Angel harren âldsk en nearhertich fynt. Angel besprekt mei syn heit, dûmny James Clare, syn foarútsjoch op in houlik. De Clares hawwe al lang de hope dat Angel trouwe sil mei Mercy Chant, in fromme skoaljuffer, mar Angel hâldt út dat in frou dy't wat fan buorkjen ôfwit foar him in sinfoller kar wêze soe. Hij fertelt syn âldelju oer Tess, en hja sizze ta har ûntfange te sillen. Neitiid rekket Angel syn heit op 't ferhaal oer syn besykjen om 'e pleatslike befolking te bekearen ta it metodisme en neamt dêrby syn falen om 'e jonge opperteur Alec d'Urberville ûnder de tomme te krijen.

Angel keart werom nei menear Crick syn pleats en docht Tess in oansyk. Dêrtroch komt Tess foar in pynlik dilemma te stean: Angel mient dúdlik dat hja noch faam is, en hoewol't se him net bedrage wol, sjocht se der as in berch tsjinop om har skande oan him op te bychtsjen, mei't se syn leafde en bewûndering net ferlieze wol. Se hâldt safolle fan him dat se him einlings tawurd jout en beart dat har wifkjen feroarsake waard troch it feit dat se heard hie dat er in grouwéligen hekel oan âlde famyljes hat en tocht dat er sadwaande net folle op hawwe soe mei har D'Urberville-erfskip. Hy, lykwols, is tige bliid mei dat nijs, om't er tinkt dat har komôf harren houlik foechsumer meitsje sil yn 'e eagen fan syn famylje.

Wat neier oft de trouwerij komt, wat slimmer oft Tess ûnder har bedragerij begjint te lijen. Se skriuwt har mem om rie; dy skriuwt werom dat se har stilhâlde moat oer har ferline. Har senuweftigens en ûngerêstens nimme noch ta as in man út Tantridge, in Groby, har werkent wylst se út te boadskipjen is mei Angel en op rauwe toan taspilings makket oer har seksuële steat. It foarfal driuwt Angel ta poermâlens, wat tige atypysk foar him is. Tess beslút dêrop om skjin skip te meitsjen; hja stelt in brief op wêryn't se al har gedoente mei Alec d'Urberville beskriuwt en triuwt dat by him ûnder de doar troch. Mar nei't Angel har de oare moarns neat oars as oars begroetet, ûntdekt se it brief by him ûnder it tapyt en beseft se dat er it nea opmurken hat. Dêrop klaut se tebek en ferneatiget se it.

De trouwerij ferrint sûnder swierrichheden, al merkt Tess it faaie teken op fan in hoanne dy't kraait op 'e middei. Tess en Angel bringen harren houliksnacht troch yn in âld bûtenferbliuw fan it D'Urberville-laach, dêr't Angel syn breid guon prachtige diamanten ta geskink jout dy't fan syn peetmem west hawwe, en bekent dat er yn Londen ienris in koarte frijaazje hân hat mei in âldere frou. As se dat ferhaal heart, rekket Tess derfan oertsjûge dat Angel har har eigen ferline grif ferjaan sil en fertelt se him einlik oer wat Alec har oandien hat.

Fyfde Faze: De Frou Moat Boetsje (haadstik 35-44)

bewurkje seksje

Angel is lykwols ûntsteld troch har iepenbiering en bringt de houliksnacht op 'e bank troch. Tess is stikken en dwerstroch fan syn reäksje en akseptearret de hommelse ferfrjemding as eat dat se fertsjinnet. Nei in pear aaklike dagen stelt se út om mar útinoar te gean. Angel stimt dêrmei yn, jout har wat jild en ûnthjit dat er besykje sil om himsels mei har ferline yn it reine te bringen, mar warskôget har om him net te folgjen oant er har berjocht stjoert. Dêrop nimt Angel, nei in koart besyk oan syn âldelju, in skip nei Brazylje om dêr in nij libben te begjinnen. Ear't er ôfset, moetet er ûnderweis Izz Huett en freget har ympulsyf om mei him oersee te gean as syn mêtresse. Hja akseptearret syn oanbod, mar as er freget hoefolle oft se fan him hâldt, jout se ta dat nimmen mear fan him hâlde kin as Tess. By it hearren fan dy wurden komt er werom op syn ympuls en poeieret er Izz ôf, dy't bitter gûlend op hûs oan giet.

Tess keart foar koarte tiid werom nei har âldershûs, mar fynt it dêr ûndraachlik en beslút om Marian te beselskipjen, dy't in nij wurkplak op in earmtlike boerepleats fûn hat. Letter jout Izz har by harren. Underweis dêrhinne wurdt Tess werkend en misledige troch boer Groby, deselde man dy't dat alris earder dien hie yn it bywêzen fan Angel; it docht bliken dat hy har nije wurkjouwer is. Op syn pleats moatte de trije fammen swier lichaamlik wurk ferrjochtsje.

Op in dei beslút Tess om Angel syn âldelju yn Emminster te besykjen, mar as se har bestimming hast berikt hat, komt se Angel syn beide âldere bruorren tsjin yn it selskip fan 'e frou wêrfan't Angel syn famylje hope hie dat er mei trouwe soe, Mercy Chant. Sy werkenne har net, mar Tess heart hoe't se Angel syn domme houlik besprekke. Beskamme keart se dan om (dit is de meast skrinende passaazje fan it hiele boek, mei't de ienfâldige dûmny James Clare, dy't alhiel neat fan syn beide âldste soannen hat, de iennichste wie dy't Tess rêde kinnen hie fan har bitter lot). Op 'e weromweis heart Tess in rûnreizgjend preker sprekken en se is skokt as se beseft dat it Alec d'Urberville is, dy't dochs noch bekeard is troch James Clare.

Sechsde Faze: De Bekearling (haadstik 45-52)

bewurkje seksje

Alec en Tess wurde allebeide oangrepen troch harren moeting, en Alec smeket Tess om him nea wer te ferlieden. Al rillegau, lykwols, siket er har op Groby syn pleats op en freget er har om mei him te trouwen. Se fertelt him dat se al troud is, mar letter besiket er har op 'e nij en yn 'e maityd nochris. Dylêste kears seit er dat er gjin preker mear is en dat er allinne mar wol dat se by him is. Dan berikt Tess it berjocht fan har jongere suster Liza-Lu dat har heit siik is en har mem yn 't stjerren leit. Tess hastiget har nei hûs om harren te fersoargjen. Har mem betteret al rillegau wer op, mar har heit komt ûnferwachts te ferstjerren.

Har famylje wurdt dêrnei út harren hûs set, mei't harren pachtkontrakt net oererfber is. Alec seit tsjin Tess dat it no wol dúdlik is dat har man nea wer komme sil en biedt oan om 'e Durbeyfields op syn lân te húsfêstjen. Tess stegeret syn help ôf. Earder hie se Angel in psalmeftich brief skreaun fol leafdesferklearrings, feroatmoediging en smeekbeaen om genede; no jout se einlik oan harsels ta dat Angel ferkeard wie en net sysels. Dêrop krabbelet se in hastich bryfke oan him wêryn't se skriuwt dat se har uterste bêst dwaan sil om him te ferjitten, mei't er har ûnrjocht oandien hat.

De Durbeyfields binne fan doel en hier guon keamers yn it stedsje Kingsbere, it foarâlderlike thús fan 'e D'Urbervilles, mar as se dêre arrivearje, docht bliken dat de keamers al ferhierd binne oan in oar gesin. Frijwol ta reapsein brocht, binne se dan twongen om beskûl te sykjen op it tsjerkhôf, iroanyskernôch rjocht ûnder it D'Urberville-rút. Tess giet de tsjerke yn en rint dêr Alec wer tsjin it liif, dy't har op 'e nij lestich falt.

Underwilens hat Angel yn Brazylje tige siik west. Syn boerebedriuw is op neat útrûn en no keart er werom nei Ingelân. Underweis fertrout er syn swierrichheden ta oan in frjemd, dy't him derop wiist dat it ferkeard wie om syn frou te ferlitten: wat se yn it ferline west hat, is minder wichtich as wat se no is of noch wurde kin. Angel begjint dan syn behanneling fan Tess te roujen.

Sânde Faze: De Ferfolling (haadstik 53-59)

bewurkje seksje

By syn thúskomst yn syn âldershûs lizze der twa brieven op Angel te wachtsjen: Tess har lulke bryfke en in pear kryptyske wurden fan "twa dy’t it goed mei jo miene" (Izz en Marian), dy't him warskôgje om op syn frou te passen. Hy giet derop út om Tess op te spoaren en siket einlings har mem Joan op, dy't no yn begoedige steat yn in kreas húske wennet. Nei't se besocht hat syn fragen út 'e wei te gean, fertelt se him úteinlik dat Tess no yn Sandbourne wennet, in modieus fakânsje-oard oan see. Dêr fynt er Tess yn it djoere pinsjon dêr't se no tahâldt ûnder de namme fan "frou D'Urberville". Hja is treftich klaaid en hâldt en draacht har foar him oer earst tige ôfhâldich. Hy freget har mijen om ferjeffenis, mar dan fertelt Tess him smertlik dat er te let is; tinkend dat er nea wer komme soe, hat se einlik tajûn oan Alec d'Urberville syn ynflústerings en is se iepentlik dy syn mêtresse wurden. Se freget Angel om him ôf te jaan en nea werom te kommen. Hy giet fuort en Tess lûkt har werom op har keamer, dêr't Alec op har wachtet en dêr't se yn gûlen útbarst. Se jout Alec der de skuld fan dat se Angel syn leafde foar de twadde kear ferlern hat en beskuldiget him der boppedat fan dat er har foarliigd hat doe't er sei dat Angel nea wer komme soe.

De pinsjonhâldster, frou Brooks, harket oan it kaaisgat, mar jout har hastich ôf as de rûzje te slim wurdt. Letter sjocht se hoe't Tess it hûs ferlit en neitiid merkt se in útwreidzjend read plak — in bloedplak — op it plafon op. Alec d'Urberville wurdt dan deastutsen yn Tess har keamer fûn.

Angel, dy't de moed no alhiel ûntsonken is, hat Sandbourne ferlitten. Tess hastiget har efter him oan en fertelt him dat se Alec deadien hat. Se hopet dat Angel har alles ferjaan wol no't se de man ombrocht hat dy't harren beide libbens ferrinnewearre hat. Angel leaut der earst neat fan, mar skinkt har syn ferjeffenis en leafde. Ynstee fan op 'e kust oan te hâlden, rinne se it binnenlân yn mei dizenige plannen om harren earne beskûl te hâlden oant se oersee ûntkomme kinne. Se fine in leech hearehûs en hâlde dêr fiif loksillige dagen tegearre ta, oant harren oanwêzigens ûntdutsen wurdt troch in skjinmakster.

Se naaie út en rinne troch oant djip yn 'e nacht; dan berikke se Stonehenge, dêr't Tess har deljout op in oerâld alter. Ear't se yn 'e sliep falt, freget se Angel om foar Liza-Lu te soargjen, yn 'e hope dat Angel nei har dea mei har suske trouwe sil. As de dage oan 'e loft komt, merkt Angel dat se omsingele binne troch de plysje. Hy beseft einlik dat Tess Alec echt fermoarde hat en freget de manlju om Tess sliepe te litten oant se út harsels wekker wurdt. As Tess einlings de eagen opslacht en de plysje sjocht, is se suver bliid, mei't se no Angel syn minachting foar har, dêr't se wis fan is dat dy komme sil, net mear hoecht te fernearen. Har lêste wurden foar't se harsels fuortliede lit, binne: "Ik bin klear."

Tess wurdt nei it tichthús yn Wintoncester oerbrocht. De roman einiget mei in sêne wêryn't Angel en Liza-Lu fan in tichtbye heuveltop ôf tasjogge hoe't boppe it tichthús de swarte flagge hyst wurdt ta teken dat Tess har terjochtstelling útfierd is. Angel en Liza-Lu pakke dan inoars hân beet en rinne fuort.

 
De foarside fan in printinge út 1892 fan Tess of the d'Urbervilles.

Film & Tillefyzje

bewurkje seksje

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Tess of the d'Urbervilles waard troch Geart fan der Mear oerset yn it Frysk ûnder de titel Tess fan de D'Urbervilles en yn 2010 útjûn troch Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei stipe fan 'e Douwe Kalma Stifting.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Secondary sources, op dizze side.