Utjouwerij Elikser
Utjouwerij Elikser is in Fryske útjouwerij, fêstige oan 'e Oksekop te Ljouwert, dy't yn 2007 oprjochte waard troch sjoernaliste, korrektrise en útjouster Jitske Kingma en dy't sawol Nederlânske as Fryske publikaasjes op 'e merk bringt. Njonken "gewoane" útjeften spesjalisearret Utjouwerij Elikser him fral ek yn printing on demand (POD), wêrby't de skriuwer of oersetter sels foar it útjaan fan syn boek of oersetting betellet.
Utjouwerij Elikser | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 2007 | |
oprjochter | Jitske Kingma | |
eigner | Jitske Kingma | |
offisjele webside | ||
www.elikser.nl |
Aktiviteiten
bewurkje seksjeIt bestean fan sa'n útjouwerij yn Fryslân hat laat ta de publikaasje fan frijwat (benammen Frysktalige) boeken dy't oars it ljocht nea sjoen hawwe soene om't se op kommersjeel mêd eins gewoan net libbensfetber binne. Dêrûnder binne Fryske oersettings fan sokke klassikers as The Hobbit fan J.R.R. Tolkien, Koning van Katoren fan Jan Terlouw, Tess of the d'Urbervilles fan Thomas Hardy en The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer, mar ek minder bekende wurken, lykas de fantasy-roman Yn it Skaad fan de Wolf, fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold.
Yn 2010 kaam by Elikser it 250ste boek út. Datselde jiers sette de útjouwerij ek útein mei de publikaasje fan e-boeken, en waard yn 'e mande mei de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren en Tresoar in rige fan 50 Fryske klassikers op 'e nij útbrocht ûnder de namme Nije Biblioteek. Skriuwer Guido Bindels wûn, ek yn 2010, de Publykspriis foar it bêste sportboek fan dat jier mei syn biografy fan hurdfytser Teun van Vliet, dat in útjefte fan Elikser wie.
Galery fan útjeften
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |