De Striid tusken Froasken en Mûzen
De Striid tusken Froasken en Mûzen yn it oarspronklike Gryksk Βατραχομυομαχία, Batrachomyomachia ("Froaskmûzeoarloch"), is in ferheljend gedicht út 'e Grykske Aldheid (mooglik datearjend fan 'e fyfde iuw f.Kr.) dat de Ilias fan Homêros parodiëarret. De Romeinen skreaune it sûnder mis ta oan Homêros sels, mar neffens Plutarchus is it it wurk fan Pigres fan Halikarnassus, de broer (of soan) fan Artemisia I, keninginne fan Kaarje, in bûnsgenoate fan 'e Perzyske kening Kserkses I. Guon hjoeddeiske wittenskippers miene lykwols dat it skreaun wêze moat troch in anonime dichter út 'e tiid fan Aleksander de Grutte, dy't se "Pseudo-Homearus" neamd hawwe. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2010.
De Striid tusken Froasken en Mûzen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Βατραχομυομαχία | |
auteur | Pseudo-Homearus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos, parody | |
skreaun | 5e iuw f.Kr.? | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Striid tusken Froasken en Mûzen | |
publikaasje | 2010, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 42 458 |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Striid tusken Froasken en Mûzen bestiet út goed 300 fersregels en begjint as in mûs oan 'e marsigge komt om wat te drinken. Dêr moetet er de froaskekening, dy't him útnûget om by him thús op besite. Mar wylst de froaskekening de mar oerswimt, no mei de mûs op syn rêch, komt er in gefaarlike wetterslange tsjin. De kikkert dûkt ûnder wetter en ferjit de mûs, dy't dêrop fersûpt. In oare mûs, dy't it hiele barren fan 'e wâl ôf merkslein hat, draaft gau nei syn eigen kening ta om oer dit grouwelstik te fertellen. De mûzen risse harsels ta foar de striid om it ferrie fan 'e froaskekening te wreekjen en stjoere in heraut nei de froasken ta mei in oarlochsferklearring. De kikkerts jouwe harren kening de skuld fan dizze tsjinramp, mar de kening beart dat er fan neat wit.
Underwilens ropt de oergod Seus, dy't sjocht dat der kriich op kommendeweis is, de goaden gear om út te stellen dat se elts in kant kieze sille. Hy wol yn it bysûnder graach dat Atene de mûzen helpe sil. Mar Atene stegeret him ôf, sizzende dat de mûzen hat withoefolle mâle streken levere hawwe. Uteinlik beslute de goden om inkeld ta te sjen ynstee fan har mei de striid te bemuoien. Der fynt in slach plak en de mûzen winne. Dan ropt Seus in leger krabben op om foar te kommen dat de froasken alhiel ferdylge wurde sille. Tsjin 'e pânsere krabben steane de mûzen machteleas, sadat se twongen binne om har werom te lûken. Sa einiget de iendeiske oarloch by sinne-ûndergong.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan De Striid tusken Froasken en Mûzen ferskynde yn 2010 by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei stipe fan 'e Douwe Kalma Stifting. It boekje omfettet net allinne de Fryske fertaling troch Klaas Bruinsma, mar ek in Nederlânske oersetting fan Jaap Hemelrijk, sawol as de oarspronklike Grykske tekst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |