In e-boek (ek stavere as eboek, eBoek, e-book, ebook of eBook) en útsprutsen as "iibûk", is in publikaasje fan boeklingte yn digitale foarm, dy't bestiet út tekst of ôfbylden of in kombinaasje fan beide. De term is fan oarsprong in ôfkoarting fan it Ingelske electronic book ("elektroanysk boek"). Hoewol't e-boeken gauris omskreaun wurde as "de elektroanyske ferzje fan in printe boek", besteane der withoefolle e-boeken dêr't nea gjin printe fariant fan útjûn wurden is.

In e-boek oan it lêzen.

E-boeken binne ornaris bedoeld om lêzen te wurden op saneamde e-readers ("e-lêzers"), dy't spesjaal foar dat doel ûntwurpen binne en wêrfan't de byldskermen (oars as kompjûters) yn 'e regel sels gjin ljocht ôfsmite, sadat it lêzen nofliker oan 'e eagen is. It is lykwols mooglik om e-boeken te lêzen op hast elts apparaat mei in bewurkber byldskerm, wêrûnder kompjûters, tablets, snoadfoanen en oare elektroanika.

It idee fan it e-boek waard foar it earst beskreaun troch Bob Brown yn syn roman The Readies, út 1930. Oer wa't de eigentlike útfiner fan it e-boek is, rinne de mienings útinoar. Guon kandidaten binne:

It soe lykwols noch fjirtich jier duorje ear't it mei it e-boek fan 'e grûn kaam. Yn 'e Feriene Steaten hie yn 2013 fan 'e folwoeksenen 30% in spesjalisearre e-reader, wylst 23% alris in e-boek lêzen hie; in jier letter, yn 2014 hie 50% in e-reader, en hie 28% alris in e-boek lêzen. Yn Nederlân bestie yn 2013 4,1% fan 'e totale omset fan 'e ferkeap fan boeken út e-boeken.

Foar- en neidielen

bewurkje seksje

E-boeken hawwe sawol foar- as neidielen. Foardielen dy't faak neamd wurde en foar in protte e-boeklêzers oanlieding binne om oer te stappen fan printe boeken, binne dat e-boeken in stik minder romte ynnimme (feitliks hast gjin inkele, útsein de e-reader), en dat se minder swier binne. Fierders beskikke e-boeken gauris oer bykommende elektroanyske foardielen, lykas direkte links nei wurdboeken foar wurden dy't men net ken, de mooglikheid om it lettertype te fergrutsjen of te ferlytsjen, en der kin sels text-to-speech software op oansletten wurde dy't de tekst lûdop foarlêze kin foar blinen en min-sjenden, âlderein en wurdblinen. Ek is lêzen mei in e-reader anonimer as út in printe boek (in protte froulju soene bgl. út skamte in boek as de bondaazje- en SM-roman Fifty Shades of Grey net yn 'e trein lêze wolle, wylst soks mei in e-boekferzje gjin beswier hoecht te wêzen). Dêrnjonken besparje e-boeken in protte papier (en dus beammen) en binne se sadwaande miljeufreonliker as printe boeken (mar net folslein miljeufreonlik, want e-readers binne apparaten dy't op elektrisiteit wurkje en dy elektrisiteit moat ek op 'e iene of oare manear opwekke wurde).

Oan 'e oare kant is in grut neidiel fan e-boeken dat útjouwers der beheinings yn ynbouwe kinne, dy't it bgl. ûnmooglik meitsje kinne om in âld e-boek troch jaan of troch te ferkeapjen oan in twadde eigner (eat dat mei gewoane boeken de normaalste saak fan 'e wrâld is). Ek is it mooglik dat e-boeken om 'e safolle tiid fia elektroanyske middelen "nei hûs belje" om 'e lêsgewoanten en oare ynformaasje oer harren eigner troch te jaan, sadat de produsint dêrop ynspylje kin. (Fia syn Kindle-model e-reader wit Amazon.com bgl. persiis hoelang't de lêzer oer it boek docht, hoelang't er oan eltse side besteget, hoe faak en hoe lang efterinoar oft er deryn lêst, en hokker oantekenings oft er der eventueel oan tafoege hat.) Ek moatte e-readers om 'e safolle tiid opladen wurde, wat problematysk wêze kin by in lange kampearfakânsje of trektocht. Auteurs kinne in e-boek net synjearje. Mar it wichtichste en meast hearde beswier tsjin e-boeken is dat de lêzer it gefoel en de rook fan in papierren boek mist, en dat men e-boeken net kreas op in rychje op in boekeplanke te pronk sette kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.