Moriaan, de Swarte Ridder

Moriaen, de Swarte Ridder, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Moriaen (ek wol bekend as de Roman van Moriaen), is in trettjinde-iuwske Arthurleginde en ridderroman yn 'e foarm fan in epysk gedicht yn 4716 fersregels, skreaun troch in anonime auteur. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2011.

Moriaan, de Swarte Ridder
algemiene gegevens
oarspr. titel Moriaen
auteur anonimus
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre ridderroman, epos
skreaun 1250-1300
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Moriaan, de Swarte Ridder
publikaasje 2011, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 08 95 43 134

Moriaen waard skreaun yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw troch in anonime skriuwer dy't, op grûn fan taalkundige skaaimerken fan 'e tekst, nei gedachten út it westlike part fan it greefskip Flaanderen ôfkomstich wie. Fan it âldst bekende hânskrift is net mear as in fragmint bewarre bleaun, en dat waard earst yn 1952 ûntdutsen. It befynt him no yn 'e Koninklijke Bibliotheek te Brussel. De folsleine tekst is oerlevere as ûnderdiel fan 'e saneamde Haagse Lancelotcompilatie, in unike samling fan Arthurromans (mei-inoar besteande út mear as 87.000 fersen) dy't om 1315 hinne gearstald waard troch in stikmannich kopiïsten ûnder tafersjoch fan 'e Brabânske geastlike en skriuwer Loadewyk fan Velthem. Om 'e bondel ta in rinnend gehiel te meitsjen, moast hjir en dêr oan 'e oarspronklike tekst wat byskaafd wurde; yn Moriaen binne dy yngrepen yn in tafoege prolooch fertsjutske. It manuskript fan 'e Haagse Lancelotcompilatie wurdt bewarre yn 'e Koninklijke Bibliotheek yn De Haach.

Moriaen wykt ôf fan alle oare Midsiuwske ridderromans en Arthurlegindes trochdat de haadpersoan fan it negroïde ras is (de namme Moriaen is ôflaat fan "Moar"). Yn dy tiid wiene negers yn Jeropa (of alteast yn noardlik Jeropa) noch sa ûnbekend, dat de inkeling dy't hjir telâne kaam, foar de duvel of foar in trewant fan 'e duvel, of yn alle gefallen foar in poerminnenien holden waard, in fijân fan alles dat goed wie en dus immen dy't deamakke wurde moast. Om sa'nent de haadrol spylje te litten yn in roman en dan ek noch te beskriuwen as in from kristen en in dapper ridder, wie yn dy tiid in folslein revolúsjonêr idee, in omkearing fan alle fêstige kennis. Oersetter Klaas Bruinsma spekulearret yn syn ynlieding dat men hjir in ynkyk kriget yn 'e feodale maatskippij fan 'e Midsiuwen, doe't de hegerein, de elite, frjemde nijichheden mooglik objektiver en nofterder beskôge as it sljochtwei folk.

De roman set útein mei it ferhaal fan Moriaan syn âldelju. Wylst er om Lanselot siket, reizget Aglawal, in ridder fan kening Arthur syn rûne tafel, troch de Moarske lannen en wurdt dêr fereale op in kreaze prinsesse. Hja risselwearje om te trouwen, mar om't er wegeret om syn syktocht op te jaan, jout Aglawal him wer op 'en paad ear't de trouwerij plakfine kin. Moriaan syn mem bliuwt mei wetter yn 'e kelder efter, en as dat útkomt, wurdt hja troch har famylje ûnturven. It eigentlike ferhaal begjint jierren letter, as in folwoeksen Moriaan op 'e siik giet nei syn heit. Hy moetet twa ridders fan 'e rûne tafel, Lanselot en Walewein (of Gawain), dy't sels ek op 'e siik binne, mar dan nei de jonge ridder Persewal (of Percival), de broer fan Aglawal. Moriaan fertelt harren syn ferhaal, en hja sizze ta om him by syn syktocht helpe te sillen, dat se reizgje trijeresom fierder.

 
De Haagse Lancelotcompilatie.

By in krúspunt komme se in klúzner tsjin dy't harren fertelt dat der twa ridders foarby kommen binne, mar dat er net wit hokker kant oft se út gien binne. Dêrop beslute Moriaan, Walewein en Lanselot elts in ôfslach te nimmen. Lanselot bedarret yn in lânsdouwe dy't teheistere wurdt troch in wyld bist; Walewein deadet in ûnhoaske ridder, mar wurdt dan yn in mûklaach lokke troch dy syn heit; en Moriaan set syn syktocht fuort, mar nimmen wol mei him prate om't eltsenien kjel wurdt fan syn dûnkere hûdskleur. Uteinlik beslút er om mar werom te gean nei it krúspunt en syn maten te sykjen. Hy ûntdekt wat der mei Walewein bard is en rêdt dyselde út syn benearing.

De oare deis ferskynt Walewein syn broer Gariët mei de tynge dat Arthur ûntfierd is troch de kening fan Ierlân en dat Aglawal en Persewal by harren omke, in klúzner, fûn wurde kinne. Hy bringt Moriaan dêrhinne, dat dy syn heit foar de earste kear moetsje kin. Aglawal fertelt syn soan dat er nea weromkommen is by Moriaan syn mem fanwegen in faaie dream, dy't in geastlike him sà útlein hie dat er net weromkeare moast nei it lân fan 'e Moaren en dat syn broer Persiwal stjerre soe. Aglawal hie dêrop besletten om by Persiwal te bliuwen.

Moriaan moat it mei dat ûnbefredigjend boadskip dwaan en jout him wer by Lanselot en Walewein. Alle ridders tsjogge no op tsjin 'e kening fan Ierlân. It slagget harren om 'e Ieren te ferslaan en te ferjeien en om Arthur te befrijen. Moriaan nimt dêrby it foartou en wurdt dan nei ôfrin ek rju priizge foar syn heldhaftigens. Aglawal erkent him no einlings as syn soan, en mei de oare ridders reizgje se nei it lân fan 'e Moaren, dêr't Aglawal op 't langelêst dochs noch mei Moriaan syn mem trout.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Moriaen ferskynde yn 2011 ûnder de titel Moriaan, de Swarte Ridder by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't der ek in ynformative ynlieding by skreau. Hy basearre him foar syn oersetting op 'e tekstútjefte troch H. Paardekooper-Van Buuren en M. Gysseling, by útjouwerij W.J. Thieme en Cie. te Sutfen, út 1971, en op 'e tekst mei in Frânske proazafertaling derby yn Baukje Finet-Van der Schaaf har Le Roman de Moriaen (ELLUG, Université Stendhal), te Grenôble, út 2009.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.