Grenoble

(Trochferwiisd fan Grenôble)

Grenoble (Arpitaansk: Grenoblo, Oksitaansk: Grenòble) (160.215 ynwenners, sawat 500.000 yn de agglomeraasje) is in stêd yn súdeast-Frankryk, oan de foet fan de Alpen, dêr't de rivier Drac en de rivier Isère gearkomme. De stêd is haadstêd fan it departemint Isère en ferfollet in sintrumfunksje foar de Frânske Alpen. Der binne ferskate midsiuwske gebouwen, wêrûnder de katedraal.

Grenoble
Grenoble
Grenoble
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Rhône-Alpes
Departemint Isère
Sifers
Ynwennertal 160.215 (31 desimber 2012)
Oerflak 18,1 km²
Befolkingsticht. 8.837,0 ynw/km²
Oar
Postkoade 38000
Wapen fan Grenoble
Grenoble ûnder de Alpen

Grenoble is ien fan de gruttere sintra foar heger ûnderwiis yn Frankryk (mear as 50.000 studinten), fral op natuerwittenskiplik mêd. Yn de stêd befine harren it ESRF (European Synchrotron Radiation Facility), it ILL (Institut Laue-Langevin) en ferskate laboratoariums fan it CNRS (Centre National de la Recherche Scientifique).

Yn 1968 wie Grenoble gaststêd fan de Olympyske Winterspullen.

Yn de gemeente leit spoarweistasjon Grenoble.

 
De Bastille fan Grenoble

Grenoble is omjûn mei bergen; yn it noarden it Chartreuser berchtme, yn it westen it plato fan Vercors en yn it easten it massyf fan Belledonne. Dêrom is Grenoble faak opnommen yn de Omgong fan Frankryk en wurdt de stêd ek wol 'haadstêd fan de Alpen' neamd.

De stêd is oarspronklik boud op in horizontaal stik fan de delling fan rivier Isère op in hichte fan likernôch 214 meter. Berchsporten jouwe in wichtige toeristyske ympuls oan de stêd. Der binne sawat tweintich sky-pistes om de stêd hinne, de piste dy't it tichtstby leit, is op sawat 15 minuten riden.

Fan âlds binne Grenoble en omkriten in gebiet fan mynbou en swiere yndustry. Omdat de stêd yn in delling leit, binne der problemen mei de luchtkwaliteit, net allinne troch it autoferkear, mar ek troch ôffalferbaarningsovens en gemyske- en papieryndustry. Yn de omjouwing wurde soms nukleêre testen dien. In ôffalferwurkjende fabryk yn Meylan, ien fan Grenoble's foarstêden, wurdt op dit stuit fertocht fan it weilekken fan dioksine.

De Bastille, in histoaryske searje fortifikaasjes, is situearre op in berchklif foar it sintrum. It fort is goed te sjen fan in soad plakken út de stêd wei. De Bastille is ien fan Grenoble's bekendste attraksjes en jout in goed sicht op de stêd ûnder en om de omlizzend bergen.

De Bastille is boud yn de Midsiuwen, en yn lettere iuwen fierder útwreide, ynklusyf in heal-ûndergrûnsk defensy projekt. It is oanmurken as it wichtichste foarbyld fan de 19e iuwske fortifikaasjes in hiel Frankryk, en it hie in wichtige strategyske funksje yn de ferdigening fan de Alpen.

 
De westkant fan Grenoble fan de Bastille ôf sjoen
 
Grenoble út de bergen wei
 
Grenoble by nacht by de Bastille wei sjoen

Keppeling om utens

bewurkje seksje