Haadmenu iepenje
De reinbôgetrui
Baanhurdfytse by it ûnderdiel Sprint
Berchfytswedstriid
Dykhurdfytse tidens de Omgong fan Frankryk 2012
Fytskross wedstriid
Fjildriden

Hurdfytsen ek wol Hurdfytserij is in sammelnamme foar in ferskaat oan sporten wêr't by gebrûk makke wurdt fan in fyts. Der binne in ferskaat oan dissiplines yn de Hurdfytserij. Fan eltse dissipline krijt de wrâldkampioen op in bepaald ûnderdiel altyd de reinbôgetrui. De UCI is de wrâldwide oerkoepeljende organisaasje fan it hurdfytsen.

útrêstingBewurkje

Hurdfytsers haww by it beoefenjen fan harren in fytsbroek, in fytshimd, fytsskuon, fytswantsjes oan en in helm op.

DissiplinesBewurkje

De ferskeidene dissiplines fan de hurdfytserij binne:

BaanhurdfytseBewurkje

sjoch ek Baanhurdfytse

Baanhurdfytse wurdt úteoefenne op in ovale piste. De helling fan in piste hat meestentiids in hellingshoek fan 33 graden. Fytsers ride op in baanfyts, dat is in fyts sûnder remmen en fersnellingen.

BerchfytseBewurkje

sjoch ek Berchfytse

Berchfytse is in dissipline yn de hurdfytsserij wêr'tby hja oer rûg terrein fytst, mei in berchfyts dat is in fyts mei dikke banden mei in soad profyl foar ekstra grip. Fering, sawol foar as efter, in rjocht stjoer en in protte fersnellingen.

DykhurdfytseBewurkje

sjoch ek Dykhurdfytse

Dykhurdfytse is de bekendste dissipline yn de hurdfytserij. By it dykhurdfytsen wurde de wedstriden holden op de iepenbiere dyk. Der wurde sawol meardaagse as wedstriden op ien dei ferriden. Der wurd by it dykhurdfytsen fytst mei in racefyts.

FytskrosseBewurkje

sjoch ek Fytskrosse

Fytskrosse is in ekstreme sport. De sport ûntstie yn de Feriene Steaten yn de jierren '60. It hat syn oarsprong yn de motorkross. Sûnt 2008 is Fytskrosse in olympyske sport en fytskrossers fytse op Fytskross-fytsen, dy hawwe in lyts frame, in breed stjoer en brede bannen.

FjildridenBewurkje

sjoch ek Fjildriden Fjildriden is in foarm fan hurdfytsen dy't foaral yn de wintermoannen beoefene wurdt. In fjildrydparkoers giet oer net ferhurde paden en troch bosk en fjild. It Fjildriden bart op on fjildrydfyts die fyts is lykwols hast itselde as in racefyts mar der sit op in ferskate plakken wat mear romte op de fyts om te foarkommen dat er fêstrint troch de drek. Ek wurde der in slach dikkere bannen mei wat mear profyl brûkt as by de standert racefyts bân.

Sjoch ekBewurkje