Paralympyske Spullen

Paralympyske Spullen binne de Olympyske Spullen foar minsken mei ûnder mear in lichaamlike beheining, Fisuele beheining en/as in harsenskansearring. It evenemint stiet ûnder tafersjoch fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee.

Paralympyske Spullen
Paralympyske Flagge
Paralympyske Flagge
sport 22 Simmersporten
5 Wintersporten
organisator Ynternationaal Paralympysk Komitee
earste edysje 1960 Rome (Simmerspullen)
1976 Örnsköldsvik (Winterspullen)
aktueel
Aktuele edysje Paralympyske Simmerspullen 2024
edysjes
foarige 2022 (winterspullen)
folgjende 2026 (winterspullen)
Temaside  Sport

Yn 1948 organisearre Sir Ludwig Guttman in sportwedstriid yn it Ingelske Stoke Mandeville foar feteranen út de Twadde Wrâldkriich mei rêchletsel. Fjouwer jier letter diene ek sporters út Nederlân mei oan dy Stoke Mandeville Spullen. Yn 1960 waarden dizze spullen tagelyk mei de Olympyske Spullen yn it Italiaanske Rome hâlden. De Paralympyske Spullen wiene berne. Oant en mei 1972 diene allinne sporters yn in rolstoel mei. Fan 1976 ôf dogge ek sporters mei in amputaasje en minsken mei in Fisuele beheining mei. Yn datselde jier waarden ek de earste Paralympyske Winterspullen hâlden; yn it Sweedske Örnsköldsvik.

Yn 1984 wiene der eins twa Paralympyske Simmerspullen. Troch in konflikt waard der ien foar sporters yn in rolstoel yn Stoke Mandeville hâlden, en foar sporters mei oare beheinings ien yn New York.

Tsjintwurdich is it in sportevenimint mei goed 4200 sporters by de Spullen yn Peking yn 2008. Tsjin sa’n 400 sporters dy’t der by wiene yn 1960.

De Paralympyske Spullen wurde altyd in itselde jier hâlden as de Olympyske Spullen en fan de Simmerspullen fan 1988 ôf wurde se ek altyd wer yn deselde stêd hâlden. Fan 2012 ôf is der sels de ferplichting dat de stêd dy’t de Olympyske Spullen organisearret, ek de Paralympyske Spullen organisearret.

Hjoed de dei steane der sa’n tweintich simmersporten en fiif wintersporten op it programma by de Paralympyske Spullen.

Simmersporten

bewurkje seksje
Hjoeddeiske sporten


Sporten út it ferline

Wintersporten

bewurkje seksje
Hjoeddeiske sporten


Sporten út it ferline

Hâlden en takomstige Paralympyske Spullen

bewurkje seksje


Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Paralympyske Spullen
Simmerspullen: Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 |Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032

Winterspullen: Örnsköldsvik 1976 | Geilo 1980 | Innsbruck 1984 | Innsbruck 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
  ·   ·