Paralympyske Simmerspullen 2016

De Paralympyske Simmerspullen 2016 (Portegeesk: Jogos Paralímpicos de Verão de 2016) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat oan 'e ein fan 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hjiroan namen 161 lannen en 4.342 sporters diel. It wie de fyftjinde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 7 septimber, en de ôfslutingsseremoanje op 18 septimber. Dêrmei wiene it de earste Paralympyske Simmerspullen dy't yn 'e winter (op it súdlik healrûn) holden waarden, en ek de earsten dy't holden waarden yn Súd-Amearika en yn in Portegeesktalich lân. It sportbarren omfieme 526 ûnderdielen yn 23 ûnderskate sporten. Twa dêrfan, it kanofarren en de paratriatlon, waarden foar it earste beoefene op dizze edysje fan 'e Paralympyske Simmerspullen. Foar dit sportevenemint waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn augustus, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Simmerspullen.

XVe Paralympyske Simmerspullen
holden yn Rio de Janeiro (Brazylje)
jier 2016
data 7-18 septimber
organisator IPC
dielnimmende lannen 159
dielnimmende atleten 4.342
eveneminten 526 yn 23 sporten
iepeningsseremoanje 7 septimber
slutingsseremoanje 18 septimber
edysjes
foarige Londen 2012
folgjende Tokio 2020
Temaside  Sport

Organisaasje

bewurkje seksje

As ûnderdiel fan 'e offisjele oerienkomst tusken it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) en it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) dy't sletten waard yn 2001, organisearret it gastlân fan 'e Olympyske Simmerspullen ek de Paralympyske Simmerspullen. Sadwaande waard dit sportevenemint yn septimber 2016 holden yn Rio de Janeiro, yn Brazylje, dêr't gebrûk makke wurde koe fan 'e fasiliteiten en akkomodaasjes fan 'e Olympyske Simmerspullen dy't in moanne earder, yn augustus 2016, ek yn Rio de Janeiro holden wiene. Yn 'e oanrin ta de Paralympyske Simmerspullen fan 2016 spilen de organisaasje guon fan deselde problemen parten dêr't ek de Olympyske Simmerspullen mei te krijen hân hiene. Dêrby gie it om 'e ekonomyske en politike krisis yn gastlân Brazylje; it dêr hearskjende sikafirus; de smoargens fan it wetter en it driuwende ôffal yn 'e Baai fan Guanabara; en it Russysk dopingskandaal. As gefolch fan dat lêste probleem sleat it IPC op 7 augustus alle Russyske sporters út fan dielname oan 'e Paralympyske Simmerspullen.


IS iepeningsseremoanje groeps- en kwalifikaasjewedstriden 1 finales OS ôfslutingsseremoanje
septimber 7
woa.
8
tong.
9
freed
10
sneon
11
snein
12
moan.
13
tii.
14
woa.
15
tong.
16
freed
17
sneon
18
snein
finales
  seremoanjes IS OS
  atletyk 10 20 16 19 14 19 14 19 16 25 5 177
  baanhurdfytsen 4 5 5 3 17
  bankdrukken 2 3 3 3 3 3 3 20
  blinefuotbal 1 1
  boccia 3 4 7
  bôgesjitten 1 1 1 1 1 2 2 9
  CP-fuotbal 1 1
  dykhurdfytsen 8 8 8 9 33
  goalbal 2 2
  hynstesport 1 2 2 6 11
  hurdsilen 3 3
  judo 4 4 5 13
  kanofarren 6 6
  roeien 4 4
  rolstoelbasketbal 1 1 2
  rolstoelrugby 1 1
  rolstoelskermjen 2 4 4 2 2 14
  rolstoeltennis 1 1 2 2 6
  sitfollybal 1 1 2
  sjitsport 2 2 2 1 1 2 2 12
  swimmen 16 16 14 15 16 15 15 14 16 15 152
  tafeltennis 5 8 8 4 4 29
  triatlon 3 3 6
totaal tal finales 0 38 50 48 54 48 54 50 54 65 61 6 528
finales dien 0 38 88 136 190 238 292 342 396 461 522 528
septimber 7
woa.
8
tong.
9
freed
10
sneon
11
snein
12
moan.
13
tii.
14
woa.
15
tong.
16
freed
17
sneon
18
snein
finales

Dielnimmende lannen

bewurkje seksje

Der namen 159 lannen diel oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, mei dêropta in tiim besteande út flechtlingen (de yndividuële atleten) en Koeweit, wêrfan't de sporters inkeld meidwaan mochten ûnder de Paralympyske flagge, om't it Koeweitysk Paralympysk Komitee útsletten wie fanwegen oerheidsbemuoienis mei it bestjoer. Ruslân wie hielendal útsletten, fanwegen it grutte Russyske dopingskandaal. De beslissing dêrta makke it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) op 7 augustus 2016 bekend. Yn totaal wiene de 4.342 dielnimmende atleten. Hjirûnder in opsomming fan 'e dielnimmende lannen, mei tusken heakjes it oantal sporters.


Medaljespegel

bewurkje seksje
rang lân goud sulver brûns totaal
1   Sina 107 81 51 239
2   Grut-Brittanje 64 39 44 147
3   de Oekraïne 41 37 39 117
4   de Feriene Steaten 40 44 31 115
5   Austraalje 22 30 29 81
6   Dútslân 18 25 14 57
7   Nederlân 17 19 26 62
8   Brazylje (gastlân) 14 29 29 72
9   Itaalje 10 14 15 39
10   Poalen 9 18 12 39
11   Spanje 9 14 8 31
12   Frankryk 9 5 14 28
13   Nij-Seelân 9 5 7 21
14   Kanada 8 10 11 29
15   Iraan 8 9 7 24
16   Oezbekistan 8 6 17 31
17   Nigeria 8 2 2 12
18   Kuba 8 1 6 15
19   Wyt-Ruslân 8 0 2 10
20   Súd-Koreä 7 11 17 35
21   Tuneezje 7 6 6 19
22   Súd-Afrika 7 6 4 17
23   Tailân 6 6 6 18
24   Grikelân 5 4 4 13
25   Belgje 5 3 3 11
  Slowakije 5 3 3 11
27   Algerije 4 5 7 16
28   Ierlân 4 4 3 11
29   Meksiko 4 2 9 15
30   Egypte 3 5 4 12
31   Servje 3 2 4 9
32    Noarwegen 3 2 3 8
33   Marokko 3 2 2 7
34   Turkije 3 1 5 9
35   Kenia 3 1 2 6
36   Maleizje 3 0 1 4
37   Kolombia 2 5 10 17
38   de Feriene Arabyske Emiraten 2 4 1 7
39   Irak 2 3 0 5
40   Hongkong 2 2 2 6
41   Kroaasje 2 2 1 5
    Switserlân 2 2 1 5
43   Yndia 2 1 1 4
44   Litouwen 2 1 0 3
45   Letlân 2 0 2 4
46   Singapoer 2 0 1 3
47   Hongarije 1 8 8 18
48   Azerbeidzjan 1 8 2 11
49   Sweden 1 4 5 10
50   Eastenryk 1 4 4 9
51    Denemark 1 2 4 7
  Tsjechje 1 2 4 7
53   Namybje 1 2 2 5
54   Argentynje 1 1 3 5
55   Fjetnam 1 1 2 4
56   Finlân 1 1 1 3
  Trinidad en Tobago 1 1 1 3
58   Kazachstan 1 1 0 2
  Sloveenje 1 1 0 2
60   Bachrein 1 0 0 1
  Bulgarije 1 0 0 1
  Georgje 1 0 0 1
  Koeweit 1 0 0 1
64   Japan 0 10 14 24
65   Fenezuëla 0 3 3 6
66   Jordaanje 0 2 1 3
67   Katar 0 2 0 2
68   Taiwan 0 1 1 2
69   Bosnje-Hertsegovina 0 1 0 1
  Etioopje 0 1 0 1
  Ivoarkust 0 1 0 1
  Uganda 0 1 0 1
73   Portegal 0 0 4 4
74   Israel 0 0 3 3
75   Mongoalje 0 0 2 2
76   de Filipinen 0 0 1 1
  Yndoneezje 0 0 1 1
  Kaapverdje 0 0 1 1
  Mozambyk 0 0 1 1
  Pakistan 0 0 1 1
  Roemeenje 0 0 1 1
  Saûdy-Araabje 0 0 1 1
  Sry Lanka 0 0 1 1

Fryske medaljes

bewurkje seksje
medalje namme sport ûnderdiel datum
  goud Alyda Norbruis baanhurdfytsen 500 m tiidrit (froulju C1-2-3) 10 septimber
  goud Liesette Bruinsma swimmen 400 m frije slach (froulju S11) 11 septimber
  goud Tristan Bangma baanhurdfytsen 1000 m tiidrit (manlju B) 11 septimber
  goud Alyda Norbruis baanhurdfytsen tiidrit (froulju C1-2-3) 14 septimber
  sulver Olivier van de Voort swimmen 100 m rêchslach (manlju S10) 11 septimber
  sulver Liesette Bruinsma swimmen 100 m boarstslach (froulju SB11) 13 septimber
  brûns Alyda Norbruis baanhurdfytsen yndividuële efterfolging (froulju C1-3)   8 septimber
  brûns Liesette Bruinsma swimmen 50 m frije slach (froulju S11) 12 septimber
  brûns Rixt van der Horst (mei 3 oaren) hynstesport tiimkampioenskip 13 septimber
  brûns Liesette Bruinsma swimmen 100 m frije slach (froulju S11) 15 septimber
  brûns Rixt van der Horst hynstesport yndividuële kampioenskipstest - graad II 15 septimber

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Paralympyske Spullen
Simmerspullen: Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 |Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032

Winterspullen: Örnsköldsvik 1976 | Geilo 1980 | Innsbruck 1984 | Innsbruck 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
  ·   ·  


  Paralympyske Simmerspullen 2016  

Atletyk | Baanhurdfytsen | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | CP-fuotbal | Dykhurdfytsen | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | Triatlon


  ·   ·