El Salvador
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | San Salvador | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
21.040 km² 1,5% | ||||
Ynwenners (2004) | 6.500.000 | ||||
Munt | Amerikaanske dollar (USD) | ||||
Tiidsône | UTC -6 | ||||
Nasjonale feestdei | 15 septimber | ||||
Lânkoade | SLV | ||||
Ynternet | .sv | ||||
Tillefoan | 503 |
El Salvador is in lân yn Sintraal-Amearika. De haadstêd is San Salvador.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeEl Salvador wurdt begrinzge troch:
- Hondûras yn it noarden;
- Gûatemala yn it westen
- de Stille Oceaan yn it suden.
Lânskip
bewurkje seksjeUtsein de smelle kuststripe, dy't sawat hielendal begroeid is mei mangrovebosken, bestiet it lânskip fan El Salvador út fruchtbere heuvels en bergen. It binnenlân is in heechflakte mei greiden dy't troch bergen omjûn wurdt. Dêr lizze ek de measte stêden fan it lân.
It lân hat in fochtich hjit klimaat, dat oant in hichte fan 1800 meter foarkomt. Dy omstannichheden soargje foar goede mooglikheden foar de lânbou.
El Salvador leit yn ien fan de gebieten op de wrâld dêr't de measte ierdskoddingen plak fine.
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet fan it tsjintwurdige El Salvador kaam yn 1524 yn Spaanske hannen en soe dat bliuwe oant 1821, doe't it troch in opstân ûnôfhinklik waard. It gebiet makke in skoftlang diel út fan it Sintraalamerikaanske Steatebûn en waard yn 1839 in selsstannige republyk. De skiednis fan de republyk stiet bol fan steatsgrepen. Yn 1979 late in militêre steatsgreep ta in 14 jier duorjende boargerkriich dy't in protte slachtoffers easke.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeNjoggentich persint fan de Salvadorianen binne mestizen, fan mingd Yndiaansk en blanke (Spanjerts) komôf. Om-ende-by njoggen persint is blank en 1% is Yndiaansk. Fan de Yndianen libbet noch in hiele lytse minderheid neffens de tradysjes fan harren foarâlden. El Salvador is it ienige Sintraal-Amerikaanske lân dêr't gjin ôfstammelingen wenje fan Afrikaanske komôf, dat te krijen hat mei de omstannichheid dat de eastkust eartiids net tagonklik wie foar de slavehannel.
Religy
bewurkje seksjeYn El Salvador is de helte fan de befolking katolyk. De protestantske tsjerken waakse lykwols tige hurd en meitsje tsjintwurdich 30% fan de befolking út.