Rixt van der Horst

Rixt van der Horst (Lúksemboarch,[1] 26 jannewaris 1992) is in Frysk dressuerruter mei in lichaamlike beheining dy't yn Grou wennet. Hja is twafâldich Jeropeesk kampioene en twafâldich wrâldkampioene, en behelle yn 2016 op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro twa brûnzene medaljes.

Rixt van der Horst
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rixt van der Horst
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 jannewaris 1992
berteplak Lúksemboarch (Lúksemboarch)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport hynstesport
ûnderdiel dressuer
P.S. Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
debút 2008
wichtige prestaasjes
WK: 5× goud
EK: 2× goud
WK: 1× sulver
NK: 4× sulver
Paralympyske Spullen: 1x sulver
Paralympyske Spullen: 3× brûns
NK: 1× brûns

Libben en karriêre bewurkje seksje

Van der Horst waard yn 1992 berne yn Lúksemboarch, de haadstêd it gruthartochdom mei deselde namme, dêr't har âlden op dat stuit op fakânsje wiene.[1] Tegearre mei har twillingbroer kaam se tsien wiken te betiid te wrâld, en as gefolch fan soerstofgebrek by de berte hat se ferskate lichaamlike beheinings: longemfyseem, in nierôfwiking, skolioaze en it Parry-Rombergsyndroom. Dy lêste krupsje is in tige seldsume oandwaning dy't pas yn 2012 by har fêststeld is.

Nei't Van der Horst yn 2011 har diploma foar it ateneum helle, sette se útein mei in HBO-oplieding biology en medysk laboratoariumûndersyk. Yn har earste stúdzjejier behelle se har propedeuze, mar yn it trêde jier moast se de stúdzje lykwols fanwegen oanboazjende sûnensswierrichheden ôfbrekke.

Van der Horst docht al fan bern ôf oan oan hynsteriden. Yn 2008 die se foar it earst mei oan it Nederlânsk kampioenskip, wêrby't se mei har hynder Kim reservekampioen waard. Dyselde posysje behelle se yn 2009 wer, en yn 2012 op 'e nij mei it hynder Vico Wald. Sûnt septimber 2013 foarmet Van der Horst in kombinaasje mei har hynder Uniek N.O.P., wat mooglik makke waard troch finansjele stipe fan it yn 2005 oprjochte Foppe Fûns fan Foppe de Haan. As tsjinprestaasje fungearret Van der Horst as ambassadrise foar it Foppe Fûns.

Yn 2014 wie Van der Horst fannijs Nederlânsk reservekampioen, mar datselde jiers behelle se yn it Frânske Caen twa earste plakken op 'e Wrâldruterspullen (op 'e yndividuële proef en de kür op muzyk) en in twadde plak (mei de Nederlânske dressuer-ekyp). Yn 2015 wûn se in brûnzene medalje op it Nederlânsk kampioenskip, en twa earste plakken (yndividuële proef en kür op muzyk) en in twadde plak (mei de Nederlânske dressuerekyp) op it Jeropeesk kampioenskip yn Deauville. Yn 2016 kaam Van der Horst foar Nederlân út op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro, dêr't se op 13 en 15 septimber twa brûnzene medaljes wûn op 'e ûnderdielen tiimkampioenskip en yndividuële kampioenskipstest.

Yn 2018 die Van der Horst oan 'e Wrâldruterspullen yn Tryon, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, mei op in nij hynder, Findsley. Hja prolongearre dêr har wrâldtitels op 'e yndividuële proef (yn 'e media almeast omskreaun as paradressuer)[2][3] en op 'e kür op muzyk.[3][4] Teffens waard se diskear wrâldkampioen mei de Nederlânske dressuer-ekyp.[3][4] Op 7 augustus 2019 ried Van der Horst op it Konkoers Hippyk Bûtenpost foar de lêste kear op Uniek N.O.P. De rún wie doe 18 jier en mocht mei pinsjoen. Van der Horst naam mei triennen yn 'e eagen ôfskie fan har hynder en hope yn har nije ryddier Findsley N.O.P. krekt sa'n goede sportpartner te finen.[5]

Op 27 augustus 2021 behelle van der Horst op de Paralympyske Simmerspullen 2020 yn it Japanske Tokio in brûnzen medalje Mei har hynder Findsley N.O.P. by de yndividuele proef. twa dagen letter behelle van der Horst ek noch in sulveren medalje mei it tiim.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Biografy op 'e persoanlike webside fan Rixt van der Horst.
  2. ——, Van der Horst pakt opnieuw wereldtitel, yn: de Ljouwerter Krante, 20 septimber 2018, s.14.
  3. 3,0 3,1 3,2 Side oer Rixt van der Horst op KNHS.nl.
  4. 4,0 4,1 ——, Van der Horst verrast zichzelf, yn: de Ljouwerter Krante, 24 septimber 2018, Sportbylage, s. 8.
  5. Berkenpas, Sandra, Van der Horst in tranen na laatste rit op succespaard, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2019, s. 2.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.