Konkoers Hippyk Bûtenpost

It Konkoers Hippyk Bûtenpost (Nederlânsk en offisjeel: Concours Hippique Buitenpost) is in konkoers hippyk dat sûnt 1954 elts jier plakfynt yn it Fryske doarp Bûtenpost, yn 'e gemeente Achtkarspelen. Dit evenemint wurdt tradisjoneel holden op 'e earste woansdei fan augustus, deselde deis dat òf yn Frjentsjer de PC ferkeatst wurdt, òf yn Wommels de Freulepartij plakfynt. Sadwaande stiet it Konkoers Hippyk Bûtenpost faak frijwat yn it skaad fan dy gruttere sportbarrens.

Konkoers Hippyk Bûtenpost
Concours Hippique Buitenpost
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
holden yn Mejontsmaterrein
datum 1e woansdei yn augustus
bysûnderheden
ôfkoarting CH Bûtenpost
soarte evenemint konkoers hippyk
bestean 1954 – no
offisjele webside
www.chbuitenpost.nl

It konkoers hippyk fan Bûtenpost giet werom op 'e hynstemerk dy't iuwenlang ien kear yn 't jier yn it doarp holden waard. Dy merk berikte yn 'e 1930-er jierren syn hichtepunt, doe't der mear 800 hynders ferhannele waarden. Doe't it hynder syn funksje as wurkdier begûn te ferliezen en wat langer wat mear allinnich noch foar de leafhawwerij holden waard, rekke it mei de hynstemerk yn it neigean. Men besleat doe om op 'e dei fan 'e âlde hynstemerk in konkoers hippyk op te rjochtsjen, sadat de bân tusken Bûtenpost en it hynder beholden bliuwe soe.

Anno 2018 hat it Konkoers Hippyk Bûtenpost him, yn 'e mande mei it op 'e earste sneon yn augustus holden Konkoers Hippyk Riis, ûntjûn ta ien fan 'e beide grutste hynstesporteveneminten fan Fryslân, dêr't elts jier tûzenen besikers op ôf komme. It konkoers hippyk wurdt holden op it Mejontsmaterrein, dat yn Bûtenpost ynklamme leit tusken De Hoefslach, de Mejontsmastrjitte en de Troelstraleane. De organisaasje priizget it barren oan as "ien fan 'e moaiste iepenlofthynstesporteveneminten fan Nederlân" mei in "unike sfear", dat bedoeld is "foar it hiele gesin". It publyk kin him der fergapje kin oan springen, dressuer en wedstriden en shows mei túchhynders. De prizen wurde gauris útrikt troch de Keninginne fan Bûtenpost, dy't soms ek yn 'e sjuery sit.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: