Iepen loft
(Trochferwiisd fan Iepenloft)
De iepen loft is in algemiene beneaming foar de romte bûtendoar. De term wurdt almeast brûkt yn beneamings foar dingen of eveneminten dy't ornaris binnendoar plakfine, d.w.s. yn in gebou. Spesifyk wurdt mei 'de iepen loft' faak ferwiisd nei in strjitte, in park of in plak op 'e romte. De term beklammet it ûnbegrinzge en faak ek natuerlike karakter fan in lokaasje. In besibbe útdrukking is 'yn 'e bûtenlucht', mar dêrby leit de klam op 'e sûnens fan frisse lucht en minder op it frije karakter fan it lânskip. De measte iepenbiere romte befynt him yn 'e iepen loft.
Yn 'e iepen loft fine tal fan aktiviteiten plak:
- Yn it foarste plak wurde simmerdeis yn Fryslân op ferskate plakken saneamde iepenloftspullen opfierd, dat toanielstikken bûtendoar binne.
- Fierders hat men ek wol (protestantske) tsjerketsjinsten yn 'e iepen loft of (yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke) iepenloftmissen. Yn 'e tiid dat it protestantisme yn 'e Nederlannen noch ferbean wie, kamen de leauwenden gear yn saneamde hagepreken, dat ek tsjerketsjinsten yn 'e iepen loft wiene.
- Foarhinne hie men, benammen oan it begjin fan 'e tweintichste iuw, ek wol iepenloftskoallen, wêrby't de skoalbern bûtendoar de lessen folgen.
- In iepenloftswimbad kin in formeel fêststeld swimplak yn in natuerlik bûtenwetter wêze, mar faker is it in swimbad mei in (oanlein) bûtenbad. Guon swimbadden hawwe sawol in (oerdutsen) binnenbad as in bûtenbad, dy't soms mei-inoar yn ferbining steane.
- In iepenloftmuseum is in museum mei in permaninte tentoanstelling bûtendoar. Dy kin de foarm fan in byldetún hawwe, mar it kin ek wêze dat de kolleksje fan it museum bestiet út histoaryske gebouwen, sa't bgl. by it Suderseemuseum yn Inkhuzen it gefal is.
- In iepenloftteäter is in skouboarch (mei in fêst poadium en fêste sitplakken foar it publyk) foar iepenloftspullen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |