Iepenbiere romte
De iepenbiere romte is de romte dy’t foar eltsenien tagonklik is. It is in plak dêr’t in grut part fan it publike libben him ôfspilet.
Belang
bewurkje seksjeSawol it ryk, de provinsje as de gemeente hâlde harren dwaande mei de ynrjochting, it behear en it brûken fan de iepenbiere romte. Benammen binnen de gemeenten is de ynrjochting, it behear en it gebrûk fan de iepenbiere romte oanhâldend ûnderwerp fan diskusje tusken de boarger en it bestjoer. In goede ynrjochting fan de iepenbiere romte hat grutte gefolgen foar it gebrûk en de leefberheid. Ynsichten hjiryn feroare hieltiten wêrtroch oer de heule wrâld alderlei nije foarmen fan ynrjochting fan de iepenbiere romte ûntwikkele en útfierd wurde. Troch de nauwe bannen mei kultuer en de fysike omjouwing binne sokke foarmen nea samar ien-op-ien oer te nimmen. Wol smite se nije ynsichten op dy’t oernommen wurde kinne.
De iepenbiere romte is besibbe mei ûnder oare feilichheidsbelied, oerlêst, tagonklikheid, miljeubelied en sosjale partisipaasje.
Lûd
bewurkje seksjeDe iepenbiere romte wurdt yn Nederlân net spesifyk beskerme tsjin lúdlêst. De Nederlânske wetjouwing hat it begryp lúdsgefoelige bestimmings, bygelyks wenten, dy’t beskerme wurde tsjin lûd. Somtiden bart dat allinne yn de foarm fan isolaasje fan de gevel, en wurdt it lûd yn de bûtenromte net oanpakt. Dêrneist wurde guon natoergebieten beskerme. Dat komt oan de oarder as bygelyks in dyk útwreide wurdt mei mear rydstroken.
Untwikkeling
bewurkje seksjeIn ûntwikkeling wêr’t in tal gemeenten yn Nederlân mei eksperimintearje is it tapassan fan de “dielde romte”. Yn Nederlân is it dit plan yntrodusearre troch Hans Monderman. It plan is oarspronklik ûntwikkele foar tapassings yn it ferkear. Stadichoan krijt it in bredere tapassing wêrby't it dielen fan iepenbiere romte op alderlei gebieten ûndersocht wurdt. It plan hat in sterke sosjale ynfloed; brûkers fan de iepenbiere romte wurde trochdat se net langer mear it brûkerstype oer in eigen part fan de iepenbiere romt beskikke twongen rekken te hâlden mei elkoar. Op dizze manear wurdt it elkoar tsjinkommen en ûnderlinge belutsenheid stimulearre.
Semi-publike romte
bewurkje seksjeIn bredere betsjutting fan iepenbiere romte giet ek oer plakken dêr’t eltsenien komme kin at der betelle wurdt. Plakken dêr’t dan oan tocht wurde moat binne bygelyks treinen, bioskopen, stadions en bordelen. In winkel is in foarbyld fan wat wer tusken de twa termen yn sit, eltsenien kin yn in winkel komme sûnder de ferplichting wat te keapjen, mar aktiviteiten dy’t net mei de winkel te krijen hawwe wurde net altiden tastien.
De gongen en strjitten yn in winkelsintrum kinne ek as publyk plak beskôge wurde en kinne iepen wêze as de winkels ticht binne. Lykas de perrons fan in stasjon, wachtromten en iepenbier ferfier, somtiden is in kaartsje nedich, mar net altyd. In iepenbiere bibleteek is in iepenbiere romte.
Foar semi-publike romten kin krektere rigels fan tapassing wêze, wat kleankoades, bagaazje, reklame en ferfier (skateboarden, rôlredens ensfh.) oanbelanget.