It plattelân is yn prinsipe alle gebiet dat him bûten de beboude kom befynt. As synonimen sprekt men ek wol fan lanlik gebiet of op 'e romte (yn 'e sin fan: "se wennen yn in arbeidershúske op 'e romte"). It plattelân bestiet yn Fryslân benammen út greiden en ikkers foar agrarysk gebrûk, mei pleatsen, buorskippen, útbuorrens en hjir en dêr in hûs dat alhiel op himsels stiet. Ek bosken, fean en heidegebiet wurde ta it plattelân rekkene. Yn 'e romtlike oardering is it plattelân it tsjinstelde fan 'e stêd; yn dat ramt wurde faak ek de (lytsere) doarpen ûnder de oantsjutting 'plattelân' beflapt.

It plattelân, of, sa't men yn it Frysk ek wol seit: op 'e romte.

It plattelân ûnderskiedt him net inkeld fan stêden en gruttere doarpen troch folle minder bebouwing en in folle legere befolkingstichtens, mar ek troch kulturele, maatskiplike en politike ferskillen. Yn polityk en maatskiplik opsjoch binne plattelânsbewenners oer it algemien in stik konservativer as stedsjers. Troch de legere befolkingstichtens binne der folle minder foarsjennings as yn 'e stêd, lykas iepenbier ferfier, ynstellings op it mêd fan medyske soarch, bibleteken, winkels, kafees, restaurants, teäters en museä. Op it plattelân wurdt sadwaande faak sein fan: "as men wat wol, dan moat men nei stêd."

It brekme oan foarsjennings wurket befolkingskrimp yn 'e hân, nammenste mear om't der op it plattelân ek net in protte wurk foarhâns is. Foarhinne, doe't op eltse pleats noch ferlet wie fan ferskate boere-arbeiders, liek dat hiel oars, mar oan dy sitewaasje kaam in ein doe't yn 'e 1950-er jierren de meganisaasje fan 'e lânbou ynsette. Sadwaande is it benammen foar de âlderein, dy't net mear sa maklik op 'en paad kin, faak dreech om op it plattelân wenjen te bliuwen. Ek in grut part fan 'e jongerein tsjocht fuort om yn 'e stêden te studearjen, en bliuwt dêr netiid faak hingjen. Foar al dy beswieren oer stiet dat it plattelân folle mear rêst, romte en gemoedlikens biedt as de stêden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and Further reading, op dizze side.