Lúksemboarch (stêd)
Lúksemboarch of Lúksemburch (Frânsk: Luxembourg, Dútsk: Luxemburg, Lúksemboarchsk: Lëtzebuerg) is de haadstêd fan it lân Lúksemboarch, it Distrikt Lúksemboarch en it Kanton Lúksemboarch. De gemeente hat neistenby 134.714 ynwenners (2024)[1] en in oerflakte fan neistenby 51 km².
Lúksemboarch Luxembourg (Frânsk) Luxemburg (Dútsk) Lëtzebuerg (Lúksemboarchsk) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Lúksemboarch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 134.714(2024) | |
Oerflak | 51.46 km² | |
Befolkingsticht. | 2000 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 49° 36' N, 06° 07' E | |
Offisjele webside | ||
www.vdl.lu |
Yn de stêd Lúksemboarch binne it Hôf fan Justysje fan de Jeropeeske Uny, it Jeropeeske Rekkenkeamer en it siktariaat-generaal fan it Jeropeesk Parlemint fêstige.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 963 boude greve Siegfried in kastiel mei in ienfâldige ferdigeningsmuorre op de Bock-rots. Dêrút is de stêd ûntstien. Yn de rin fan de tiid waarden der oan de westkant noch twa ferdigeningsgurdels oanlein. Ferskillende yngenieurs, ûnder oaren Vauban, bouden de stêd út ta ien fan de sterkste festingen fan Jeropa. Dêrtroch krige Lúksemboarch de bynamme 'Gibraltar fan it Noarden'.
By it kongres fan Londen yn 1867 waard Lúksemboarch neutraal ferklearre en moasten de festingwurken ûntmantele wurde. Sadwaande bleau mar 10% fan de fêsting bewarre, dêr't de kazematten dy't yn de Twadde Wrâldkriich as skûlplak tsjinnen ek by binne.
De âlde binnenstêd en in tal oerbleaune festingwurken waarden yn 1994 op de Wrâlderfgoedlist set.
Yn 1995 en yn 2007 wie Lúksemboarch de Kulturele Haadstêd fan Jeropa, in status dy't de stêd yn 2007 dielde mei it Roemeenske Sibiu.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksje- U.L.F.katedraal mei kariljon.
- De St. Michielstsjerke
Musea
bewurkje seksjeOars
bewurkje seksje- de Bock-kazemattes festingmuorre
- de Adolfsbrêge (Pont Adolphe)
- it toeristyske treintsje
- de Gruthartoginne Charlottebrêge
- it Stade Josy Barthel, it stadion fan it Lúksemboarchsk fuotbalalvetal
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|