Ambassadeur

(Trochferwiisd fan Ambassadrise)

In ambassadeur (froulike foarm: ambassadrise) is in offisjele gesant, yn 't bysûnder de diplomaat mei de heechste rang dy't it regear of de soeverein fan 'e iene steat fertsjintwurdiget yn it regearingssintrum fan 'e oare steat, en foar de belangen fan syn thússteat en de boargers fan syn thússteat opkomt. Ek de heechse gesanten by wichtige ynternasjonale organisaasjes, lykas de Feriene Naasjes, wurde ambassadeurs neamd. Bûten diplomatike fermiddens om wurdt de term ek wol ynformeel brûkt om lju oan te tsjutten dy't harren berop, sport of oare aktiviteit yn 'e media fertsjintwurdigje sûnder dat se yn dy posysje oansteld binne.

It skilderij De Ambassadeurs, fan Hans Holbein de Jongere.

'Ambassadeur' is in lienwurd út it Frânsk, dat it ûntliende oan it Alditaljaanske ambassatore of ambassadore, dat fan it Aldprovansaalske ambaisador ‎kaam. Dat wie in ferbûging fan ambaissa, dat "tsjinst", "missy" of "boadskip" betsjutte, dat wer ûntliend wie oan it Goatyske 𐌰𐌽𐌳𐌱𐌰𐌷𐍄𐌹, andbahti ("tsjinst", "funksje"), fan it Proto-Germaanske *ambahtiją ‎("tsjinst", "hoedanichheid"), in ôflieding fan it Proto-Germaanske *ambahtaz ‎("tsjinstfeint"). Dat wie wer ûntliend oan it Gallyske ambaxtos, fan it Proto-Keltyske *ambaxtos ‎("tsjinstfeint"). Uteinlik giet it wurd 'ambassadeur' sa werom op it Proto-Yndo-Jeropeeske *h₂mbʰi-h₂eǵ- ‎("omhinne driuwe"), fan *h₂mbʰi- ‎("omhinne") en *h₂eǵ- ‎("driuwe").[1]

It meast wurdt de namme 'ambassadeur' lykwols noch altyd brûkt foar de fertsjintwurdiger fan it iene lân yn 'e haadstêd fan it oare lân, dy't dêr as syn residinsje in beskaat stikje grûngebiet fan 'e gaststeat hat, besteande út in gebou mei mooglik noch wat grûn deromhinne. Dat wurdt de ambassade neamd. It grûngebiet fan 'e ambassade wurdt troch de gaststeat offisjeel ôfstien, foar de tiid dat de ambassade dêr fêstige is, oan it lân dat troch de ambassadeur fertsjintwurdige wurdt. Net inkeld it grûngebiet fan 'e ambassade, mar ek de wurknimmers en fiertugen dêrfan hawwe yn 'e regel diplomatike ymmuniteit, wat sizze wol dat op it grûngebiet fan 'e ambassade de wetten fan 'e gaststeat net jilde, en dat de wurknimmers fan 'e ambassade net ferfolge wurde kinne ûnder de wetten fan 'e gaststeat.

De lidsteaten fan it Britske Gemienbêst wikselje ûnderinoar hege kommissarissen út, dy't op 'e titel nei fierders yn alle opsichten ekwifalint binne oan ambassadeurs. De titel foar ambassadeurs fan 'e Hillige Stoel is pauslike nunsius.

Hoewol't gesanten fan it iene lân nei it oare fansels al sa lang foarkomme as der diplomasy bestiet, waard de funksje fan ambassadeur mei syn rjochten en plichten foar it earst fêstlein troch it Kongres fan Wenen, fan 1815. Dêrby waard der oarspronklik fan útgien dat ambassadeurs de persoanlike fertsjintwurdigers fan 'e útfierende macht (oftewol de monarch) wiene, ynstee fan dat se it hiele lân fertsjintwurdigen. Harren rang joech ambassadeurs doedestiden it rjocht om fan persoan ta persoan mei de monarch fan it gastlân ûnderhanneljen. Fral yn 'e njoggentjinde iuw bestie der noch in rangoarder ûnder de ambassadeurs, wêrby't de fertsjintwurdigers fan grutte, machtige lannen mei folle mear égards behannele waarden (en der ek op stiene om sadanich behannele te wurden) as de fertsjintwurdigers fan lytsere of earmere lannen. Sûnt 1945 wurde alle ambassadeurs lykwols erkend as inoars gelikensen. Foar't de moderne kommunikaasjemetoaden ûntwikkele waarden, waard fanneeds faak folle mear macht oan ambassadeurs tabetroud as dat tsjintwurdich it gefal is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It lemma ambassador op Wiktionary

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Bibliography, op dizze side.