Caen is in stêd yn it Frânske departemint Calvados yn de regio Normandje.

Caen
Abbaye aux Hommes - Caen.jpg Abbaye aux Hommes
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Blason ville fr Caen (Calvados)2.svg
Sifers
Ynwennertal 105.512 (2018)
Oerflak 25,70 km²
Befolkingstichtens 4.106 / km²
Stêdekloft 200.230 (2018)
Hichte 2-73 m
Polityk
Lân Flag of France.svg Frankryk
Regio Flag of Normandie.svg Normandje
Departemint Flag of Calvados.svg Calvados
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 08' 44" N 0° 13' 32" E
Webside Side Caen

SkiednisBewurkje

Yn de Romeinske tiid stie Caen bekend as "Catumagos", ôflaat fan de Gallyske wurden magos (fjild) en catu (striid). De delsetting stelde doe net it measte foar en dat bleau de hiele Romeinske tiid sa. Pas ûnder de hartoggen fan Normandje waard it in plak mei betjutting.

 
Ynname fan Caen yn 1346

Healwei de 11e iuw keazen Willem de Oermasterer en keniginne Mathilde Caen ta harren residinsje. Willem troude sûnder tastimming fan de paus mei Mathilde fan Flaanderen, in efternicht. Om boete te dwaan stiften hja yn Caen elts in benediktynsk kleaster: de "Abbaye aux Hommes" foar muontsen en de "Abbaye aux Dames" foar nonnen. Dêr tusken yn stiet de boarch, dy't oarspronklik ek troch Willem boud is. De stêd wie mei Rouen haadstêd fan it hartochdom Normandje en erfde in tige grutte rykdom oan arsjitektuer, dat foar in part ferlern gyng by de gefjochten yn 1944 om Caen. Op 21 maaie 1204 foel Caen yn 'e hannen fan Filip II fan Frankryk en mei de rest fan Normandje waard de stêd sûnt ûnderdiel fan it keninkryk Frankryk.L ykas Rouen wurdt de stêd yn Frankryk ek wol de stêd fan de 100 tuorren neamd, al is dat tsjintwurdich wol wat oerdreaun.

Yn 1346 liede kening Edwert III fan Ingelân de plondering fan de stêd. Tocht waard dat in belis fan in pear wiken nedich wie, mar op 26 july 1346 koe it leger de stêd al yn in dei ynnimme. Tûzenen minsken waarden fermoarde en it hannelssintrum waard yn 'e bran stutsen. De boarch lykwols hold hoek en de belegering bleau dêr sûnder risseltaat. In pear dagen letter lieten de Ingelsen de plondere stêd efter harren en marsjearden fierder nei it easten foar harren fiktoarje by de Slach by Crécy. Letter waard de stêd yn 1417 troch Hindrik V fan Ingelân op 'e nij oermastere. De stêd joech it net fuort op en bea wjerstân, mar waard dêr swier foar straft om't it de earste stêd wie dy't ferset bea tsjin de Ingelske fjildtocht. Yn 1450 wisten de Frânsen de stêd werom te feroverjen.

 
Caen yn 1944

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd foar 70% ferneatige, mar in soad monuminten binne wer opboud en restaurearre. Ta neitins oan de Twadde Wrâldkriich hat de stêd it Fredesmonumint bouwe litten, dat oer de hiele wrâld ferneamd is fanwegen de betinkings dy't dêr alle jierren plakfine. It Mémorial de Caen is op de musea fan it Île-de-France nei ien fan de drokst besochte musea fan it lân.

GeografyBewurkje

Caen leit 15 kilometer fan It Kanaal. Under Napoleon III waard in kanaal njonken de Orne oanlien om de stêd in permaninte ferbining mei de see te jaan. In slûs hâldt it tij bûten en soarget der foar dat gruttere skippen de haven fan Caen altiten ynfarre kinne. De stêd hat mei in oerset in ferbining mei Porthsmouth yn it suden fan Ingelân.

De river de Orne streamt troch Caen en fierder in pear lytsere rivierkes, dy't de sammelnamme "les Odons" hawwe. De rivierkes binne fanwegen hygiënyske omstannigheden ûndergrûnsk makke. Yn Caen leit in midden yn de stêd in 60 hektare grutte iepen flakte, dat "La prairie" neamd wurdt. It gebiet stiet regelmjittich ûnder wetter as de Orne it wetter net ferwurkje kin.

BefolkingsûntwikkelingBewurkje

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2018
Ynwennertal 91.336 110.262 119.640 114.068 112.846 113.987 110.399 105.512
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdichBewurkje

Alhoewol't Caen swier te lijen hân hat ûnder it geweld fan de Twadde Wrâldkriich, binne der noch in pear strjitten mei âlde bebouwing. Yn de Rue Froide, Rue Écuyère en de Rue Saint-Pierre stiet noch âlde bebouwing mei fakwurkhûzen. Ek yn de wyk Saint-Martin is noch âlde bebouwing út it tiidrek 1880-1910 mei art-nouveauhûzen.

Chateau de CaenBewurkje

 
Westlike kant fan it Château de Caen
 
It Maison des Quatrans Caen

It Château de Caen is ien fan de grutste midsiuwske forten fan Europa en op de heuvel lizzend dominearret it de stêd. Oarspronklik oanlein yn opdracht fan Willem de Oermasterer waard yn de 12e iuw in donjon tafoege. Yn 1204 waard it kastiel ferovere troch de Frânsk kroan. Tusken de 13e en 15e iuw fûnen der útwreidings en fersterkings plak. Tsjintwurdich tsjinnet it kastiel as ûnderkommen fan it Musée des Beaux-Arts de Caen en it Musée de Normandie.

AbdijenBewurkje

Om boete te dwaan stiften Willem de Oermasterer en syn frou en nicht Mathilde fan Flaanderen elts in abdij:

De Abbaye aux Hommes waard yn 1063 foltôge en oan Sint-Stefanus wijd. De earste abt wie Lanfranc. De Frânske Revolúsje makke in ein oan de abdij en de abdijtsjerke waard sûnt in parochytsjerke. It gebou oan it súdlike dwersskip fan de Sint-Stefanustsjerke (Église St.-Etienne) is hjoeddedei yn tsjinst as Hôtel de Ville. Tagelyk mei de Abbaye aux Hommes waard oan de westlike kant fan de boarch de Abbaye aux Dames stifte. De oanhingers fan de Frânske Revolúsje makken ek in ein oan dy abdij; de nonnen waarden út harren kleaster ferdreaun. Yn de tiid fan de restauraasje waarden de abdijgebouwen yn 1823 in sikehûs en krigen Augustynske nonnen de noed oer de pasjinten tawiisd, wylst de oan de Trije-ienheid wijde abdijtsjerke in parochytsjerke waard. Yn it koer fan de tsjerke is it grêf fan keninginne Mathilde. De krypte is útsûnderlik goed bewarre en fral de kapitelen dêr binne keunsthistoarysk weardefol.

 
Église Saint-Étienne-le-Vieux

TsjerkenBewurkje

  • De tusken de 13e en 16e iuw boude Église Saint-Pierre (Sint-Petrustsjerke) waard yn 1944 slim skeind, mar neitiid rekonstruearre.
  • Muontsen fan de Abbaye aux Hommes bouden tsjin it ein fan de 11e iuw de Saint-Nicolas.
  • De Église Saint-Jean is yn de 14e boud en yn de 15e iuw ferboud yn flamboyante styl.
  • Fan de Église Saint-Étienne-le-Vieux bleau nei 1944 allinne it koer en de krusingstoer stean, nei't de tsjerke troch in alliearde granaat rekke waard dy't ornearre wie foar in Dútske tank. It skip fan de tsjerke waard ferneatige en nei de kriich net mear rekonstruearre.
  • De 16e-iuwske Église Saint-Sauveur hiet foar 1802 Notre-Dame-de-Froide-Rue en moat net betiizge wurde mei de Église du Vieux Saint-Sauveur.
  • De Église Notre-Dame-de-la-Gloriette waard tsjin it ein fan de 17e iuw troch de jezuïeten boud. De tsjerke waard yn de tiid fan de Frânske Revolúsje ûntwijd, mar yn 1802 werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke.
  • De Chapelle Saint-Georges op it terrein fan de boarch is tsjintwurdich in betinkingsplak ta neitins fan de fallen soldaten yn 1944.

MuseaBewurkje

  • Musée de Normandie
  • Musée des beaux-arts de Caen
  • Mémorial pour la Paix
  • Frac Normandie Caen