Église Saint-Jean (Caen)

De Église Saint-Jean (Sint-Jehannestsjerke) is in goatyske parochytsjerke yn de wyk Saint-Jean yn de Normandyske stêd Caen, Frankryk. Sûnt 1840 is de tsjerke in histoarysk monumint.

Sint-Jehannestsjerke

Église Saint-Jean

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Caen
koördinaten 49° 10' N 0° 21' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayeux
patroanhillige Jehannes (apostel)
Arsjitektuer
boujier 15e iuw-16e iuw
boustyl gotyk, renêssânse
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side Trije-ienheidsparochy fan Caen
Kaart
Église Saint-Jean (Frankryk)
Église Saint-Jean

In earste oan de apostel Jehannes wijde tsjerke waard yn de 7e iuw stifte oan de romeinske wei, dy't troch de sompen fan de delte fan de Orne rûn en Augustodurum (Bayeux) mei Noviomagus Lexoviorum (Lisieux) ferbûn. Letter waard dy wei de rue Exmoisine neamd en tsjintwurdich rue Saint-Jean. Yn de jierren 1954-1956 waarden by wurksumheden yn de tsjerke monolityske sarkofagen fan stien út Caen ûntdutsen. Se tsjûgje fan it bestean fan in lyts begraafplak oan de romeinske wei en in tichteby stifte gebedshûs, dêr't tsjintwurdich fierder gjin resten fan bewarre binne. De tsjerke waard foar it earst yn 1059 yn it stiftingshânfêst fan de abdij fan Troarn neamd.

 
Ynterieur

Yn 1153 stifte de biskop fan Bayeux mei in prebende fan de katedraal fan Bayeux in nije tsjerke. Dy stifting wurdt befêstige troch twa pontifikale bullen fan paus Eugenius III. Lykas ek mei de foargonger bleaune der gjin spoaren oer fan dy romaanske tsjerke. Faaks is in âlde fundearring dy't by restauraasjewurksymheden oan de sintrale toer ûntdutsen waard mooglik noch in restant dêrfan.

Yn de Hûndertjierrige Kriich waard de tsjerke by it belis fan 1417 fan Caen sa slim skansearre, dat weropbou yn de 15e iuw (portaal en skip) en de 16e iuw (koer en apsis) needsaaklik wie.

Oant tsjin it ein fan de 18e iuw waard de tsjerke noch omfieme troch in eigen tsjerkhôf, mar it dekreet fan 1783 ferordonearre de ferhûzing fan de begraafplakken bûten de grinzen fan de stêd en doe is it nije begraafplak fan Saint-Jean oanlein op in tichtsmiten groeve yn Vaucelles. It frijkommende stik grûn om de tsjerke waard brûkt foar nije gebouwen om de tsjerke hinne.

Yn de Frânske Revolúsje die de tsjerke tsjinst as opslachtplak foar salpeter en yn 1802 waard de tsjerke werom jûn oan de katolike earetsjinst. It haadportaal waard yn de jierren 1840 rekonstruearre: de twa lytsere portalen yn de styl fan de flamboyante gotyk binne doe ferfongen troch ien portaal ûnder in grutte spitsbôge.

Alhoewol't de tsjerke by de Slach om Caen yn 1944 earnstich skansearre waard, bleaune de muorren fan it gebou yn it fermidden fan de ruïnes stean. By de weropbou fan de stêd waard de tsjerke restaurearre. It plan fan weropbouarsjitekt Marc Brillaud de Laujardière die rjocht oan de keunsthistoaryske wearde fan de Saint-Jean; de gebouwen dy't foar de kriich it sicht op de tsjerke beheinden, waarden net troch nijbou ferfongen.

Tsjintwurdich is de Saint-Jean ien fan de tsjerken fan de Sainte-Trinité-parochy fan Caen.

 
Roasfinster yn de krusingstoer

De toer fan de Saint-Jean is de toer fan Pisa fan Caen: de toer hinget foars nei it noardwesten ta út it lead om't de grûn dêr't de tsjerke op boud waard sompich wie. It is ek de reden werom't de toer nea foltôge waard. By de grutte restauraasje fan nei de Twadde Wrâldkriich waarden betonnen peallen fan 15 oant 18 meter heid om de tsjerke te stabilisearjen. It ûnstean fan skuorren by de twa eastlike peallen die it gemeentebestjoer yn 2012 besluten om de tsjerke te sluten. Der waarden 52 nije fundearringspeallen fan 21 meter lang ûnder it portaal heid en op 7 juny 2013 waard de tsjerke wer iepene foar it publyk. De toer is 48 meter heech en hielendal oan de top steane de 12 bylden fan de apostels.

De lantearne boppe de krusing is 16e-iuwsk. De basis is fjouwerhoekich en dêrop soe in achthoekige boppebou boud wurde, mar troch de ynstabile grûn waard it wurk nea ôfmakke. Eltse hoek wurdt aksintuearre troch in pinakel yn de styl fan de renêssânse.

De tsjerke is 70 meter lang, yn it skip 22 meter en 32 meter tusken de einen fan de dwersskippen. Opfallend is dat it koer in travee langer as it trije traveeën lange tsjerkeskip en dat de apsis in noardeastlike oriïntaasje hat.

 
Alterskilderij dat oarspronklik út de Karmel fan Caen komt

Nei it sluten fan de abdij fan Saint-Germain-la-Blanche-Herbe yn de Frânske Revolúsje kaam it 18e-iuwske haadalter yn 1812 yn de Saint-Jean telâne. It alter gyng tsjin it ein fan de 19e iuw ferlern, mar de twa houten bylden fan Augustinus en Norbertus bleaune bewarre. Fierder binne der houten bylden fan Marije (17e iuw, ôfkomstich fan ien fan de stedspoarten fan Caen en dêrom de namme "Notre-Dame-de-Protection" draacht), Jehannes de Doper, Jean Soreth en in ferkoald byld fan Kristus, dy't yn de skansearre tsjerke nei de Slach om Caen werom fûn waard en de namme "Christ crucifié dans la souffrance de la cité" krige.

Yn it transept stiet it âlde haadalter fan it Karmelitenkleater fan Caen, dat yn 1790 twongen waard te sluten. Oan wjerskanten fan it 17e-iuwske alter steane de bylden fan Sint-Joazef en Theresia fan Ávila en yn it midden Sint-Katharina. It alterskilderij stelt de Ferkundiging foar en oannommen wurdt dat it net foar it alter sels makke waard, it wurdt datearre op 1620.

Oare skilderijen yn de tsjerke binne in "Ecce Homo" fan Pieter Thys en in "Oanbidding fan de Keningen" neffens ini orizjineel fan Jean Restout.

It hjoeddeiske oargel yn it noardlike dwersskip waard yn 1996 troch Haerpfer-Ermann boud. De foargonger út 1770 mei in klassisistyske oargelkas waard yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige. It trijemanualige ynstrumint telt 38 registers.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Jean de Caen