Calvados (departemint)

Frânsk departemint

Calvados is in Frânsk departemint en hat as haadstêd Caen. It is ien fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. Calvados leit net fier fan Parys en in soad ynwenners fan de haadstêd besitte in twadde hûs yn Calvados of bringe dêr harren wykeinen troch. Dêrom wurdt Calvados ek wol it plattelân fan Parys neamd.

Calvados

De lizzing fan Calvados yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Normandje
haadplak Caen
grutste plak Caen
departemintsnûmer 14
sifers
ynwennertal 693.679 (2016)
oerflak 5.535 km²
befolkingstichtens 125,3 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°02′ N 0°15′ E
webside www.calvados.fr

Skiednis bewurkje seksje

Calvados is ien fan de oarspronklik 83 departeminten, dy't yn de tiid fan de Frânske Revolúsje op 4 maart 1790 stifte binne. Ynearsten waard de namme "Orne-Inférieure" útsteld, mar lang om let waard keazen foar Calvados, de namme fan in pear rotsen foar de kust.

Neffens in oerlevering soe it departemint de namme te tankjen hawwe oan it skip "Salvador", dat by de Spaanske Armada hearde. De Armada wie op reis nei Ingelân en de Salvador fergyng yn 1588 op de rotsige kust fan Normandje. De folkstaal makke fan El Salvador "Calvador". It is lykwols oannimliker dat de namme ôflaat is fan calva dorsa (bleate rêch), in ferwizing nei twa keale rotsen foar de kust.

Geografy bewurkje seksje

Calvados is ferdield yn 4 arrondisseminten, 25 kantons en 528 gemeenten.

Calvados wurdt omfieme troch de departeminten Seine-Maritime, Eure, Orne en Manche. Noardlik leit de baai fan de Seine. Eastlik foarmet de Seine de grins mei Seine-Maritime. Under Calvados falle de Bessin, de Pays d'Auge en it gebiet dat bekend stiet as Suisse Normande (Switsersk Normandje).

Demografyske ûntjouwing bewurkje seksje

Kultuer bewurkje seksje

It griene lânskip, de krytrotsen oan de kust, de Normandyske arsjitektuer, in rige stêden, de skiednis fan de Willem de Oermasterer, kasino's en lúkse hotels meitsje fan it gebiet ien fan de meast besochte toeristyske gebieten fan Frankryk.

Yn Bayeux is it Tapyt fan Bayeux te sjen en dat is ien fan de populêrste toeristyske plakken fan de streek. De strannen fan Normandje wiene it plak, dêr't de alliearde striidkrêften yn 1944 in begjin makken fan de befrijing fan West-Europa. Yn de streek binne in soad musea en miltiêre begraafplakken te finen. De ferearing fan Sint-Theresia bringt in soad pylgers nei it beafeartsplak Lisieux, dêr't hja libbe yn de Karmel. Alle jierren wurdt yn septimber yn Deauville it Festival du Cinéma Américain (Festival fan de Amerikaanske Film) en yn Cabourg it Festival du film Romantique (Festival fan de Romantyske Film) organisearre. De stêd Caen fiert alle jierren it muzykfestival Nördik Impakt.

Yn Calvados wurdt troch in minderheid fan de befolking it lokale dialekt Augeron praat.

It lân leveret in grut tal streekspesjaliteiten lykas sider en calvados en de tsizen camembert en Pont-l'Évêque.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Departeminten fan Frankryk
 

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot