Honfleur leit oan de lofter en súdlike kant fan de mûning fan de Seine yn it Frânske departemint Calvados yn Normandje. Oan de oare kant fan de Seine leit Le Havre, mar oars as dy stêd hat Honfleur syn âlde karakter goed bewarre. It plak leit skildereftich om le Vieux Bassin, de haven, dy't omfieme wurdt mei hege mei griisblauwe laaistien oerdutsen hûzen. De ynwenners neame harrensels Honfleurais.

Honfleur
Haven fan Honfleur
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal 7.138 (2018)
Oerflak 13,67 km²
Befolkingstichtens 522 / km²
Hichte 0-117 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side fan Honfleur

It plak is skildere troch ferneamde ympressionisten, lykas Gustave Courbet, Eugène Boudin, Claude Monet en Johan Barthold Jongkind, dy't de école de Honfleur foarmen, dy't bydroech oan de opgong fan de ympressjonistyske beweging. Honfleur hat in soad keunstgaleryen.

Untwikkeling befolking bewurkje seksje

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009 2018
Ynwennertal 9.141 9.292 9.188 8.495 8.272 8.178 8.163 7.138
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
Lieutenance
  • De twaskippige Sint-Katarinatsjerke (Église Saint-Catherine) datearret fan de 15e iuw en is de grutste houten tsjerke fan Frankryk. De tsjerke hat in frijsteande klokketoer.
  • De Sint-Leonardustsjerke (Église Saint-Léonard)
  • De Sint-Stefanustsjerke (Église Saint-Etienne), tsjintwurdich museum
  • De Lieutenance waard yn de 16e iuw boud foar de gûverneur fan Honfleur boud. Ien fan de stedspoarten, de Porte de Caen, is yntegrearre yn it gebou.
  • Bûten it sintrum: Côte de Grace mei in moai útsicht oer de baai en de 17e-iuwske Us-Leaffrouwe fan de Genedekapel.

Musea bewurkje seksje

  • Musées du Vieux Honfleur (Musée de la Marine en Musée d'ethnographie et d'art populaire)
  • Musée Eugène-Boudin
  • Maison Satie

Berne bewurkje seksje

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: