Somme (departemint)
Somme (Pikardysk: Sonme) is in Frânsk departemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). It is ien fan 'e 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ûntstie út in diel fan 'e provinsje Pikardje (Amiénois, Marquenterre, Ponthieu, Santerre en Vimeu). Fan 1960 oant 2015 hearde it by de regio Pikardje, dat sûnt 2016 yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de France) opgyng.
Somme | |
---|---|
Lokaasje fan it departemint Somme (read) yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Opper-Frankryk |
haadplak | Amiens |
grutste plak | Amiens |
departemintsnûmer | 80 |
sifers | |
ynwennertal | 566.252 (2021) |
oerflak | 6.170 km² |
befolkingstichtens | 92 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°53'N 2°25'E |
webside | somme.fr |
Geografy
bewurkje seksjeIt departemint grinzget yn it noarden oan 'e departeminten Pas-de-Calais en Nord, yn it easten oan it departemint Aisne, yn it suden oan it departemint Oise en yn it westen oan it departemint Seine-Maritime en it Kanaal.
Troch it departemint rint de rivier de Somme.
Skiednis
bewurkje seksjeDe rivier de Somme hat jimmeroan in grutte rol spile yn 'e skiednis fan 'e streek. Yn 1066 wie Saint-Valery-sur-Somme it plak dêr't de float fan Willem de Oermasterer de oerstek makke nei Ingelân. De rivier spile ek in rol yn 1346 yn 'e striid tusken Eduard III fan Ingelân en Filips VI fan Frankryk en de fjildtocht dy't letter late ta de Slach by Azincourt yn 1415.
Yn 1636 yn 'e Tritichjierrige Oarloch fersloegen Spaanske troepen ûnder oanfiering fan Thomas Frans, prins fan Carignano, it Frânske leger oan 'e Somme.
Mar it meast bekend is de Slach oan de Somme yn 'e Earste Wrâldkriich. Dy slach duorre fan july oant novimber 1916 en Frankryk, it Feriene Keninkryk en Dútslân ferlearen mear as ien miljoen man, sûnder ek mar wat terrein te winnen. Ek de grutte fjildslagen dy't lang om let de Dútsers stopten yn it Maitiidsoffensyf fan 1918 waarden útfochten yn 'e delling fan 'e Somme yn plakken lykas Villers Bretonneux.
Stêden
bewurkje seksjeDe grutste stêden neffens ynwennertal fan it departemint binne:
Stêd | Ynwennertal (2021) | Arrondissemint |
---|---|---|
Amiens | 133.625 | Amiens |
Abbeville | 22.595 | Abbeville |
Albert | 9.781 | Péronne |
Péronne | 7.291 | Péronne |
Corbie | 6.177 | Amiens |
Doullens | 5.835 | Amiens |
Montdidier | 6.009 | Montdidier |
Roye | 5.662 | Montdidier |
Longueau | 5.767 | Amiens |
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIt departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 772 gemeenten:
Arrondissemint | Ynwenners 2021 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Abbeville | 122.466 | 1.563,89 | 78 | 6 | 164 |
Amiens | 304.331 | 2.358,34 | 130 | 13 | 291 |
Montdidier | 46.920 | 787,22 | 60 | 3 | 109 |
Peronne | 92.535 | 1.497,30 | 62 | 4 | 208 |
Departemint Somme | 566.252 | 6.206,75 | 92 | 23 | 772 |
Befolkingsûntwikkeling departemint Somme sûnt 1962
bewurkje seksjeJier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwenners | 487.524 | 511.491 | 538.462 | 544.570 | 547.825 | 565.561 | 575.086 | 571.879 | 578.978 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kliffen by Ault.
-
Baai fan de Somme.
-
Notre-Dame fan Amiens.
-
Kastiel fan Rambures.
-
Thiepval.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Somme (departemint) fan Wikimedia Commons. |