Aisne (departemint)

Frânsk departemint

Aisne is in departemint yn it noarden fan Frankryk yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). De namme is ûntliend oan 'e rivier dy't troch it departemint rint.

Aisne

De lizzing fan it departemint Aisne yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
haadplak Laon
grutste plak Saint-Quentin
departemintsnûmer 02
sifers
ynwennertal 527.468 (2021)
oerflak 7.361,68 km²
befolkingstichtens 72 ynw./km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°34'N 3°36'E
webside aisne.com

It departemint grinzget yn it noarden oan it departemint Nord, yn it noardeasten oan Belgje, yn it easten oan 'e departeminten Ardennes en Marne, yn it suden oan it departemint Seine-et-Marne en yn it westen oan 'e departeminten Oise en Somme.

Rivieren yn it departemint binne de Aisne, de Marne, de Ourcq, de Vesle , de Somme, de Oise en de Serre.

 
Chemin de Dames.

It departemint Aisne wie ien fan 'e 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn 'e Frânske Revolúsje stifte waard.

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard der oant trije kear ta slim fochten oan 'e Aisne (13-20 septimber 1914, 16 april-9 maaie 1917 en 27 maaie oant 6 juny 1918).

Op 15 maaie 1940 foelen troepen fan 'e Dútske Wehrmacht it departemint oan. Yn 'e jûn fan 15 maaie stiet de Wehrmacht foar Montcornet. Fan 17 maaie oant 10 juny fochten de Dútsers en de Frânsen yn 'e Slach om de Aisne, in pear dagen letter foel Parys sûnder slach.

Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint by de regio Picardie, dy't yn 2016 yn de regio Opper-Frankryk opgyng.

 
Aisne en de ferdieling fan de arrondisseminten, kantons en gemeenten.

De bewenners fan it departemint wurde Axonais neamd.

De grutste stêden neffens ynwennertal binne:

Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint
Saint-Quentin 52.958 Saint-Quentin
Soissons 28.705 Soissons
Laon 24.021 Laon
Château-Thierry 15.204 Château-Thierry
Tergnier 13.431 Laon
Chauny 11.496 Laon
Villers-Cotterêts 10.454 Soissons
Hirson 8.662 Vervins
Bohain-en-Vermandois 5.721 Saint-Quentin
Gauchy 5.204 Saint-Quentin

Bestjoersyndieling

bewurkje seksje

It departemint is te ferdielen yn 5 arrondisseminten, 21 kantons en 800 gemeenten.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Lykas hiel Pikardje is ek it departemint Aisne net sa toeristysk. It gebiet hat lykwols in soad te bieden oan goatyske monuminten. Fral de katedralen fan Laon, Soissons en Saint-Quentin binne it neamen wurdich. Yn it noardeasten leit de Thiérache. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich binne dêr in soad tsjerke ferbouwd ta wartsjerken mei swiere muorren, tuorren en/of sjitgatten.

Ek fan 'e Earste Wrâldkriich binne in soad spoaren efterbleaun. De Chemin des Dames wie yn dy tiid it front. De Dútsers groeven ferwulften yn in kalkstiengroeve, de Drachenhöhle (Drakengrot; yn it Frânsk Caverne du Dragon), dy't hjoeddei besocht wurde kinne.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aisne fan Wikimedia Commons.
  Departeminten fan Frankryk  

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

  ·   ·