Seine-et-Marne
Seine-et-Marne is in departemint fan de Frânske regio Île-de-France.
Seine-et-Marne | |
---|---|
Lokaasje fan it departemint Marne-et-Seine (read) yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Île-de-France |
haadplak | Melun |
departemintsnûmer | 51 |
sifers | |
ynwennertal | 1.412.516 (2018) |
oerflak | 5.915 km² |
befolkingstichtens | 239 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 48°36′ N 48°0′ E |
webside | Seine-et-Marne.fr |
Skiednis
bewurkje seksjeIt departemint is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 oprjochte binne yn de tiid fan de Frânske Revolúsje troch de útfiering fan de wet fan 22 desimber 1789. Dêrby waard útgien fan in diel fan de provinsje Île-de-France.
Geografy
bewurkje seksjeSeine-et-Marne wurdt omfieme troch de departeminten Val-d'Oise, Seine-Saint-Denis, Val-de-Marne en Essonne yn it westen, Loiret en Yonne yn it suden, Aube en Marne yn it easten en Aisne en Oise yn it noarden.
In lyts diel fan it departemint is tsjintwurdich oan de stêdekloft Parys fêstgroeid, lykas de stêden Chelles en Villeparisis. It eastlike diel fan it departemint is noch foar in grut part lannelik.
De belangrykste rivieren van it departemint binne de Marne en de Seine, dy't yn it noarden resp. yn it suden nei westlike rjochting troch it gebiet streame, en de Yonne, dy't fanút it súdeasten yn Montereau-Fault-Yonne yn de Seine mûnet.
Yn it súdwesten fan it departemint lizze it Bois du Fontainebleau en it Parc naturel régional du Gâtinais français, dy't tegearre in grut natoergebiet foarmje.
Demografy
bewurkje seksjeOarspronklik wie Seine-et-Marne hiel lanlik en tinbefolke. Troch útwreiding fan de stêdekloft Parys en de oanlis fan nije stêden is de befolking lykwols yn in heale iuw tiid trijeris oer de kop gien. Fan allinne doarpkes is in diel fan de regio feroare yn de agglomeraasje fan Parys.
De bewenners fan it departemint wurde Seine-et-Marnais neamd.
Befolkingsûntwikkeling sûnt 1960
bewurkje seksjeJier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwenners | 524.486 | 604.340 | 755.762 | 887.112 | 1.078.166 | 1.193.767 | 1.303.702 | 1.390.121 | 1.412.516 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
Stêden
bewurkje seksjeNeffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint:
Stêd | Ynwennertal 2018 | Arrondissemint |
---|---|---|
Meaux | 55.416 | Meaux |
Chelles | 55.148 | Torcy |
Melun | 39.947 | Melun |
Pontault-Combault | 37.867 | Torcy |
Savigny-le-Temple | 29.792 | Melun |
Bussy-Saint-Georges | 26.806 | Torcy |
Villeparisis | 26.471 | Torcy |
Champs-sur-Marne | 25.610 | Torcy |
Roissy-en-Brie | 22.836 | Torcy |
Torcy | 22.361 | Torcy |
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIt departemint Marne is ûnder te ferdielen yn 5 arrondisseminten, 23 kantons en 510 gemeenten.
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Fontainebleau | 155.763 | 1.228,00 | 127 | 4 | 85 |
Meaux | 335.284 | 1.355,65 | 247 | 7 | 142 |
Melun | 280.798 | 618,59 | 454 | 7 | 59 |
Provins | 183.824 | 2.365,36 | 78 | 7 | 176 |
Torcy | 456.847 | 356,45 | 1.282 | 8 | 45 |
Departemint Seine-et-Marne | 1.412.516 | 5.924,05 | 238 | 23 | 507 |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Seine-et-Marne fan Wikimedia Commons. |