Morbihan

Frânsk departemint

Morbihan (Frânske útspr.: [mɔʀbiˈã], likernôch: "moch-bi-â"; Bretonsk: Mor-Bihan, útspr.: [moʀˈbiãn], likernôch: "moach-biân") is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan 'e súdlike kust fan it skiereilân Bretanje. De namme betsjut "Lytse See" yn it Bretonsk (fan mor, "see", en bihan, "lyts"), en ferwiist nei de Golf fan Morbihan, dy't eins in lytse binnensee is. Morbihan makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 56. De haadstêd is Vannes, mar de grutste stêd is Lorient. Morbihan hie yn 2016 in befolking fan krapoan 748.000 minsken. It departemint stiet benammen bekend om 'e Stiennen fan Carnac en oare megalityske monuminten.

Morbihan
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Bretanje (regio)
haadplak Vannes
grutste plak Lorient
departemintsnûmer 56
sifers
ynwennertal 747.548 (2016)
oerflak 6.823 km²
befolkingstichtens 109,6 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 47°50′ N 02°50′ W
webside www.cg56.fr

Morbihan leit yn it westen fan Frankryk, oan 'e súdlike kust fan it skiereilân Bretanje. It beslacht in oerflak fan 6.823 km². It grinzget yn it westen oan it departemint Finistère, yn it noarden oan it departemint Côtes-d'Armor, yn it noardeasten oan it departemint Ille-et-Vilaine, yn it súdeasten oan it departemint Loire-Atlantique en yn it suden oan 'e Golf fan Biskaje, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Atlantyske Oseaan. It lânskip fan Morbihan is licht heuveleftich. De kust is wyld, mei in protte kliffen en kapen, en súdlik fan 'e haadstêd Vannes in lytse binnensee dy't de Golf fan Morbihan hjit en oan 'e súdkant begrinzge wurdt troch it Rhuys-skiereilân.

 
Utsjoch oer de Golf fan Morbihan.

De Golf fan Morbihan omfiemet in grut tal eilantsjes: 365 neffens de leginde, mar yn it echt binne it 30 oant 40, ôfhinklik fan 'e telling. Al dy eilantsje op twa nei (Île-aux-Moines en Île-d'Arz) binne priveebesit en eigendom fan filmstjerren, moade-ûntwerpers en oare superriken. De Golf fan Morbihan mûnet út yn 'e Baai fan Quiberon, dy't fan 'e iepen oseaan ôfskaat wurdt troch it nei suden ta útstykjende Skiereilân fan Quiberon. In grut tal eilannen leit foar de súdkust, wêrfan't Belle-Île fierwei it grutst is. Oare gruttere eilannen binne Croix, Houat en Hoëdic.

Morbihan wie ien fan 'e oarspronklike 83 departeminten fan Frankryk, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden nei't by de Frânske Revolúsje fan 1789 alle doetiidske Frânske provinsjes (wêrûnder Bretanje) opheft wiene. Yn 'e njoggentjinde iuw groeide de havenstêd Lorient troch yndustrialisaasje en urbanisaasje út ta in ekonomysk sintrum fan belang, hoewol't de rest fan it departemint fierhinne in plattelân bleau. It gebiet krige, krekt as de rest fan Bretanje, te lijen fan 'e slimme ûnderdrukking fan 'e lânseigen Bretonske taal troch de Frânske oerheid, en naam ek diel oan 'e oplibbing fan 'e Bretonske kultuer yn 'e twadde helte fan 'e iuw.

 
Rochefort-en-Terre, yn it noardeastlike binnenlân fan Morbihan, dat de namme hat ien fan 'e moaiste doarpen fan Frankryk te wêzen.

Yn 'e tweintichste iuw gie de aktive striid yn 'e Earste Wrâldoarloch fierhinne oan Morbihan foarby, mar tsientûzenen jonge manlju út it departemint kamen om yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Morbihan ûnder de Slach om Frankryk yn 'e maityd fan 1940, beset troch nazy-Dútslân. Nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, waard it grutste part fan it departemint mei de rest Bretanje yn augustus 1944 befrijd. De stêd Lorient, lykwols, dêr't de Dútsers in wichtige marinebasis fêstige hiene, bleau oant 11 maaie 1945 yn 'e hannen fan 'e besetter. Tsjin dy tiid wie de stêd folslein ferwoastge troch Alliëarde bombardeminten.

De ekonomy fan Morbihan stipet noch altyd fierhinne op 'e agraryske sektor. Benammen feehâlderij en fiskerij binne fan grut belang. Wynbou wurdt yn it departemint net bedreaun, mar wol de bou fan û.m. nôt, dat fierhinne bedoeld is as feefoer. Benammen om Lorient hinne bestiet ek frijwat yndustry, dêr't histoarysk de skipsbou in wichtich ûnderdiel fan foarmet. Fierders is foar Morbihan benammen it toerisme wichtich, dat fral draait om 'e withoefolle megalityske monuminten yn it gebiet, mei as bekendsten de Stiennen fan Carnac en de megaliten fan Locmariaquer. Yn Morbihan is ek de École Spéciale Militaire de Saint-Cyr fêstige, de Frânske nasjonale militêre akademy.

 
De Stiennen fan Carnac.

Morbihan is in departemint fan Frankryk dat bestjoerd wurdt troch in departemintale ried, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings troch de ynwenners keazen wurde. Oan it haad fan it departemintaal bestjoer, dat syn sit hat yn 'e departemintale haadstêd Vannes (Bretonsk: Gwened), stiet in prefekt. It departemint is ferdield yn 3 arrondisseminten, dy't opdield binne yn 21 kantonnen, dy't wer opdield binne yn 250 gemeenten. Morbihan bestiet fierders út 6 kiesdistrikten foar de Nasjonale Assimblee.

Neffens offisjele sifers út 2016 hie Morbihan doe 747.548 ynwenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 109,6 minsken de km². De grutste stêd yn it departemint is Lorient, mei yn 2011 58.000 ynwenners, wylst de departemintale haadstêd Vannes doe in befolking fan 53.000 minsken hie.

 
De âlde binnenstêd fan Vannes.

It grutste part fan 'e befolking fan Morbihan bestiet út etnyske Bretonnen, wylst de rest fierhinne opmakke is út Frânsen. It departemint leit op 'e grins fan Neder-Bretanje, it diel fan it histoaryske Bretanje dat Bretonsktalich is, en Opper-Bretanje, it diel dêr't fan âlds Gallo sprutsen wurdt. De grins tusken dy beide gebieten rint fan Mûr-de-Bretagne, oer de grins mei Côtes-d'Armor, mei in flauwe bocht nei it Rhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. As gefolch fan 'e yntinsive kulturele assimilaasjepolityk dy't it nasjonale regear sûnt de iere njoggentjinde iuw fierd hat, is it Frânsk lykwols tsjintwurdich foar de oergrutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal. It Bretonsk, in Keltyske taal, wurdt noch sprutsen troch in minderheid, wylst it Gallo, in Romaanske taal dy't faak sjoen wurdt as in Frânsk dialekt, noch minder sprekkers hat.

Op religieus mêd bestie de befolking fan Morbihan yn 2006 noch foar sa'n 70% út (aktive) oanhingers fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dat is it heechste befolkingsoandiel fan roomsen yn hiel it histoaryske Bretanje, dat sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch sterk oan sekularisaasje bleatstien hat. De rest fan 'e befolking wurdt foar it meastepart foarme troch ateïsten en agnosten.

Histoaryske befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
jier 1801 1821 1841 1861 1881 1901 1921 1946 1962 1982 1999 2016
ynwenners 401.215 416.224 447.898 486.504 521.614 564.000 556.047 506.884 530.833 590.889 643.293 747.548

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  Departeminten fan Frankryk  

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

  ·   ·