Aube (departemint)
Aube is in departemint yn Frankryk yn de regio Grutte Easten (Grand Est).
Nord | |
---|---|
![]() Lokaasje fan it departemint Nord (read) yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | departemint |
ynwennertal | 310.020 (2018) |
oerflak | 6.022,25 km² |
befolkingstichtens | 51 / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
regio | ![]() |
haadplak | Troyes |
grutste plak | Troyes |
departemintsnûmer | 10 |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 48°20′ N 4°10′ E |
webside | aube.fr |
SkiednisBewurkje
Aube is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en foarme is út de eardere provinsje Sjampanje. Fan 1960 oant 2015 makke Aube diel út fan de regio Sjampanje-Ardinnen, dy't yn 2016 yn de regio Grutte Easten opgyng.
NammeBewurkje
De namme fan it departemint is ûntliend oan de rivier de Aube.
GeografyBewurkje
It departemint falt ûnder de regio Grutte Easten (Grand Est). Yn it noarden grinzget it departemint oan de Marne, yn it easten oan Haut-Marne, yn it súdeasten oan Côte-d'Or, yn it súdwesten oan Yonne en yn it westen Seine-et-Marne.
Bestjoerlike yndielingBewurkje
It departemint Aube is ûnder te ferdielen yn 3 arrondisseminten, 17 kantons en 431 gemeenten.
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Bar-sur-Aube | 28.651 | 1.242,60 | 23 | 3 | 108 |
Nogent-sur-Seine | 53.907 | 1.251,22 | 43 | 4 | 80 |
Troyes | 227.462 | 3.528,43 | 227 | 14 | 243 |
Departemint Nord | 310.020 | 6.022,25 | 431 | 17 | 431 |
StêdenBewurkje
Stêden | Ynwennertal 2018 | Arrondissemint |
---|---|---|
Troyes | 61.996 | Troyes |
Romilly-sur-Seine | 14.328 | Nogent-sur-Seine |
La Chapelle-Saint-Luc | 11.913 | Troyes |
Saint-André-les-Vergers | 12.581 | Troyes |
Sainte-Savine | 10.409 | Troyes |
Saint-Julien-les-Villas | 6.801 | Troyes |
Nogent-sur-Seine | 5.987 | Nogent-sur-Seine |
Bar-sur-Aube | 4.844 | Bar-sur-Aube |
EkonomyBewurkje
It departemint Aube hat it grutste Europeeske areaal dêr't himp ferboud wurdt. In grut diel fan de likernôch 5.000 hektare leit yn de eardere regio Sjampanje-Ardenne.
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aube fan Wikimedia Commons. |