Seine-Maritime
It Frânske departemint Seine-Maritime is ien fan de fiif Normandyske departeminten. It leit yn it noarden fan Normandje en krige syn namme troch de rivier de Seine en de lizzing oan see. Oant 1955 hiet it departemint Seine-Inférieure.
Seine-Maritime | |
---|---|
![]() De lizzing fan Seine-Maritime yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | departemint |
ynwennertal | 1.255.883 (2018) |
oerflak | 6.278 km² |
befolkingstichtens | 200 / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
regio | ![]() |
haadplak | Rouen |
grutste plak | Le Havre |
departemintsnûmer | 76 |
hist. namme | Seine-Inférieure |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°40′ N 0°50′ E |
webside | www.seinemaritime.fr |
SkiednisBewurkje
It departemint waard yn 1792 ûnder de namme Seine-Inférieure stifte en bestie doe út sân distrikten: Cany, Caudebec-en-Caux, Dieppe, Gournay, Montivilliers, Neufchâtel, Rouen. Yn 1800 waarden de arrondisseminten Dieppe, Le Havre, Rouen, Neufchâtel en Yvetot oprjochte, de twa lêsten waarden yn 1926 wer opheft. Yn 1955 kirge it departemint syn hjoeddeiske namme Seine-Maritime.
Fan 1960 oant 2015 hearde Seine-Martime by de regio Opper-Normandje, dy't yn 2016 yn de regio Normandje opgyng.
GeografyBewurkje
Seine-Maritime grinzget oan it suden oan it departemint Eure, dêr't it eartiids Opper-Normandje mei foarme, yn it wêst en it noarden oan It Kanaal en yn it easten oan de departeminten Somme en Oise fan de regio Hauts-de-France.
De wichtichste rivier is de Seine, dy't by Le Havre yn It Kanaal mûnet.
It departemint is te ferdielen yn trije lânskippen: de Seine-delte, it krytplato Pays de Caux en it heuveleftige en kûlissenlânskip fan Pays de Bray.
Bestjoerlike yndielingBewurkje
It departemint Seine-Maritime is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 35 kantons en 708 gemeenten.
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Dieppe | 234.504 | 3.138,45 | 75 | 7 | 345 |
Le Havre | 387.085 | 1.247,39 | 310 | 12 | 149 |
Rouen | 634.294 | 1.941,01 | 327 | 18 | 217 |
Seine-Maritime | 1.255.883 | 6.326,85 | 199 | 35 | 708 |
StêdenBewurkje
De grutste plakken binne:
Stêd | Ynwenners 2018 | Arrondissemint |
---|---|---|
Le Havre | 169.733 | Le Havre |
Rouen | 111.360 | Rouen |
Dieppe | 28.561 | Dieppe |
Sotteville-lès-Rouen | 28.958 | Rouen |
Saint-Étienne-du-Rouvray | 28.500 | Rouen |
Le Grand-Quevilly | 25.771 | Rouen |
Le Petit-Quevilly | 22.291 | Rouen |
Mont-Saint-Aignan | 19.262 | Rouen |
Fécamp | 18.251 | Le Havre |
Elbeuf | 16.205 | Rouen |
BefolkingsûntwikkelingBewurkje
Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwennertal | 1.035.843 | 1.113.977 | 1.172.743 | 1.193.108 | 1.223.429 | 1.239.138 | 1.248.580 | 1.257.699 | 1.255.883 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
OfbyldenBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|