Finistère

Frânsk departemint

Finistère (Frânske útspr.: [finisˈtɛːʀ], likernôch: "fy-nys-têch"; Bretonsk: Penn-ar-Bed, útspr.: [pɛnarˈbeːt], likernôch: "pen-ar-beet") is in departemint fan Frankryk dat yn it uterste westen fan it lân leit, op 'e útein fan it skiereilân Bretanje. De namme komt fan it Latynske Finis Terræ, dat "Lânsein" betsjut. Finistère makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 29. De haadstêd is Quimper, mar de grutste stêd is Brest. Finistère hie yn 2016 in befolking fan goed 908.000 minsken.

Finistère

De lizzing fan Finistère yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Bretanje (regio)
haadplak Quimper
grutste plak Brest
departemintsnûmer 29
sifers
ynwennertal 908.249 (2016)
oerflak 6.733 km²
befolkingstichtens 134,9 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 48°15′ N 04°00′ W
webside www.cg29.fr

Geografy bewurkje seksje

Finistère leit op 'e útein fan it skiereilân Bretanje, dat fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. It beslacht in oerflak fan 6.733 km² dat bestiet út 'e histoaryske lânstreek Leön en dielen fan 'e histoaryske streken Cornouaille en Trégor. It departemint is it westlikste diel fan Jeropeesk Frankryk. It grinzget yn it noardeasten oan it departemint Côtes-d'Armor en yn it súdeasten oan it departemint Morbihan. Oan alle oare kanten leit de see: yn it noarden It Kanaal, yn it westen de Keltyske See en yn it suden de Golf fan Biskaje. It lânskip fan Finistère is heuvelich, en omfiemet it heechste punt fan Bretanje, de Roc'h Ruz yn 'e Monts d'Arrée, mei in hichte fan 385 m.

 
In lânkaart fan Finistère.

De kustline fan it departemint is wyld, mei in protte kliffen en kapen en in grut tal fjord-eftige ynhammen dy't yn it Bretonsk aber neamd wurde. De kust mjit dêrtroch likernôch 1.250 km, wat delkomt op hast in fearn fan 'e hiele kustline fan it skiereilân Bretanje. Oan 'e westpunt fan Finistère foarmje in stikmannich tige djip yn it lân opsnijende abers, wêrfan't de Baai fan Douarmenez de grutste is, mei-inoar de See fan Iroise. De westkust fan Finistère rint fan 'e Pointe de Corsen yn it noardwesten himelsbreed 40 km nei it suden oant de Pointe du Raz. Foar dy kust lizze noch in grut tal eilantsjes, wêrfan't guon net folle mear binne as boppe de weagen útstykjende rotsen dêr't wetterfûgels briede. De gruttere eilannen binne Ouessant, Molène, Beniguet en Sein.

Skiednis bewurkje seksje

Finistère ûntstie as bestjoerlike ienheid op 4 maart 1790, nei't by de Frânske Revolúsje fan 1789 alle doetiidske Frânske provinsjes (wêrûnder Bretanje) ôfskaft wiene om opspjalten te wurden yn departeminten. De njoggentjinde iuw waard foar it gebiet karakterisearre troch yndustrialisaasje en urbanisaasje, in slimme ûnderdrukking fan 'e lânseigen Bretonske taal troch de Frânske oerheid en, yn 'e twadde helte fan 'e iuw, in oplibbing fan 'e Bretonske kultuer.

 
De fjoertoer fan Pontusval by Brignogan-Plages.

Yn 'e tweintichste iuw gie de aktive striid yn 'e Earste Wrâldoarloch fierhinne oan Finistère foarby, mar tsientûzenen jonge manlju út it departemint kamen om yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Finistère ûnder de Slach om Frankryk yn 'e maityd fan 1940 beset troch nazy-Dútslân. Brest rekke ûnder de oarloch slim skansearre troch bombardeminten fan 'e Alliëarden. Nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, waard Finistère mei it grutste diel fan Bretanje yn augustus 1944 befrijd.

Ekonomy bewurkje seksje

De agraryske sektor is noch altyd fan tige grut belang yn Finistère. Dêrby giet it sawol om feehâlderij as om 'e fiskerij. Wynbou wurdt yn it departemint net bedreaun, mar wol de bou fan û.m. nôt, dat fierhinne bedoeld is as feefoer. Om Brest hinne bestiet wat yndustry. It departemint hat ekonomysk ek baat by de oanwêzigens fan 'e Frânske Marine, mei de Nukleêre Underseeboatbasis Île Longue en it Marineloftstasjon Lanvéoc-Poulmic. Behalven de direkte útjeften fan 'e marine yn Finistère hat dat ek militêre taleveringsbedriuwen oanlutsen lykas DCNS, dy't foar oansjenlike wurkgelegenheid soargje. Ut 'e haven fan Roscoff wei wurdt fierders in feartsjinst ûnderholden mei Ierlân en it Feriene Keninkryk.

 
It prefektuergebou yn Quimper.

Bestjoer bewurkje seksje

Finistère is in departemint fan Frankryk dat bestjoerd wurdt troch in departemintale ried, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings troch de ynwenners keazen wurde. Oan it haad fan it departemintaal bestjoer, dat syn sit hat yn 'e departemintale haadstêd Quimper, stiet in prefekt. It departemint is ferdield yn 4  arrondisseminten, dy't opdield binne yn 27 kantonnen, dy't wer opdield binne yn 277 gemeenten. Finistère bestiet fierders út 8 kiesdistrikten foar de Nasjonale Assimblee.

Demografy bewurkje seksje

Neffens offisjele sifers út 2016 hie Finistère doe 908.249 ynwenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 134,9 minsken de km². De grutste stêd yn it departemint is Brest, mei yn 2011 142.000 ynwenners. De haadstêd Quimper folget op ôfstân, mei 64.000 ynwenners. Oare gruttere plakken binne Concarneau, Morlaix, Carhaix, Quimperlé en Douarnenez. It grutste part fan 'e befolking fan Finistère bestiet út etnyske Bretonnen, wylst de rest fierhinne opmakke is út Frânsen. It departemint leit yn Neder-Bretanje, it diel fan it histoaryske Bretanje dat Bretonsktalich is. As gefolch fan 'e yntinsive kulturele assimilaasjepolityk dy't it nasjonale regear sûnt de iere njoggentjinde iuw fierd hat, is it Frânsk lykwols tsjintwurdich foar de oergrutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal. It lânseigen Bretonsk, in Keltyske taal, wurdt noch sprutsen troch in minderheid. Op religieus mêd bestiet krapoan 65% fan 'e ynwenners fan Finistère út oanhingers fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. De oaren binne foar it meastepart ateïsten en agnosten.

Histoaryske befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

jier 1801 1821 1841 1861 1881 1901 1921 1946 1962 1982 1999 2016
ynwenners 439.046 483.095 576.068 627.304 681.564 773.014 752.514 724.735 749.558 829.865 852.273 908.249

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Departeminten fan Frankryk
 

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot