In marine, ek wol de float of mei in ferâldere oantsjutting seemacht neamd, is dat diel fan 'e kriichsmacht fan in steat, dat him taleit op it fjochtsjen op see. De term 'marine' is in lienwurd út it Frânsk, en komt oarspronklik fan it Latynske mare, dat "see" betsjut. De marine bestiet út in ûnbeskate hoemannichte fartugen, wêrûnder skippen, lâningsfartugen en dûkboaten. Tsjintwurdich omfiemet de marine fierders yn 'e regel ek in ienheid dy't him taleit op amfibyske oarlochfiering: de mariniers (hoewol't dy yn guon lannen in aparte tûke fan 'e kriichsmacht foarmje). As in marine ien of mear fleandekskippen hat, omfettet it ek in eigen loftmachtkorps.

De INS Vikramaditya, it grutste fleandekskip fan 'e Yndiaaske marine.
Dizze side giet oer it begryp 'marine' yn it algemien. Foar oare betsjuttings, sjoch: marine (betsjuttingsside).
Dizze side giet oer it begryp 'marine' yn it algemien. Foar de Nederlânske marine, sjoch: Keninklike Marine.

De rol fan 'e marine is net inkeld de beskerming fan 'e kust fan in lân, mar ek de beskerming fan hannelsrûtes oer see, it ferfieren fan troepen en, yn gefal fan oarloch, it oanfallen fan oare marines, havens en kustynstallaasjes. Teffens is it de bedoeling dat de marine foarkomt dat de marine fan 'e fijân sokke operaasjes útfiere kin. De aktiviteiten fan 'e marine kinne rûchwei ferdield wurde yn rivier-, mar- en kustoperaasjes (útfierd troch de saneamde 'brúnwettermarine'); operaasjes op 'e iepen oseaan (útfierd troch de saneamde 'blauwettermarine'); en tuskenbeiden operaasjes (útfierd troch de saneamde 'grienwettermarine'). Yn Nederlân hjit de marine de Keninklike Marine. Foarôfgeande oan 'e Frânske Tiid waard de beneaming 'de Admiraliteit' brûkt, en fan sokke admiraliteiten hie de Republyk fan de Feriene Nederlannen der fiif.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.