Manche
It departemint Manche is yn fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. De haadstêd fan it departemint is Saint-Lô. It departemint is ferneamd nei It Kanaal, dat yn it Frânsk la Manche hjit.
Manche | |
---|---|
![]() De lizzing fan it departemint Manche yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | departemint |
ynwennertal | 495 983 (2018) |
oerflak | 5 938 km² |
befolkingstichtens | 84 / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
regio | ![]() |
haadplak | Saint-Lô |
grutste plak | Saint-Lô |
departemintsnûmer | 50 |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49° 3′ N 1° 15′ E |
webside | www.manche.fr |
SkiednisBewurkje
It departemint ûnstie as ien fan de 83 departeminten yn de Frânske Revolúsje. Oant 1796 wie Coutances de haadstêd fan it departemint. Om't Saint-Lô yn 1944 hast folslein platbombardearre wie, waard Coutances nei de Twadde Wrâldkriich op 'e nij foar in skoftke de prefektuer fan it departemint en dat bleau sa oant Saint-Lô wer opboud wie.
GeografyBewurkje
Oanbuorjende departeminten binne Calvados, Orne, Mayenne en Ille-et-Vilaine. Manche wurdt yn it westen, it noarden en it noardeasten omklamme troch It Kanaal. It noardlike part fan it departemint is in skiereilân dat Cotentin hjit. It departemint hat in kust fan 350 kilometer lang.
It UNESCO-wrâlderfgoed Mont Saint-Michel is foar toeristen oer de hiele wrâld bekend.
Bestjoerlike yndielingBewurkje
Manche is te ferdielen yn fjouwer arrondisseminten:
- Avranches
- Cherbourg
- Coutances
- Saint-Lô
De arrondisseminten binne ûnderferdield yn meiïnoar 27 kantons en 446 gemeenten.
DemografyBewurkje
Untwikkeling ynwennertal departemint Manche:

De fiif grutste plakken binne: Cherbourg-en-Cotentin, Saint-Lô, Granville, La Hague en Coutances.
OfbyldenBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Manche fan Wikimedia Commons. |