Saint-Lô, faak ek as Saint Laud oanjûn, is in Frânske stêd en prefektuer fan it departemint Manche yn de regio Normandje. It is de haadstêd fan it arrondisement mei deselde namme.

Saint-Lô
Gemeentehûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Manche
Sifers
Ynwennertal 19 024 (2018)
Oerflak 23,19 km²
Befolkingstichtens 820 / km²
Stêdekloft 24 062 (2017)
Hichte 7-134 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 06' 52" N 1° 05' 30" E
Webside Side Saint-Lô

It histoaryske plak droech yn de romeinsk-gallyske tiid ynearsten de namme Briovère of ek Briovera, wat yn de Keltyske taal soksawat as "brêge oer de Vire" betsjut. Yn it jier 56 foar Kristus besetten de Romeinen ûnder oanfiering fan Quintus Titurius Sabinus it plak. De delsetting krige yn de 6e iuw de namme Saint Laud, neffens de namme fan biskop Laudo of Ladues fan Coutance, dy't yn Saint-Lô wenne en dêr ek begroeven waard.

Ferneatiging

bewurkje seksje
 
De ruïnes fan Saint-Lô

Doe't op 6 juny de "Operation Overlord" begûn, fûnen de alliearden it needsaaklik om de foar de Dútsers wichtige stêd Saint-Lô te ferneatigjen. It slagge loftienheden net de befolking mei fluchskriften te warskôgjen en yn 'e nacht fan 6 op 7 juny waard Saint-Lô foar in grut part ferneatige, wêrby't 352 boargers omkamen. Op 17 july folgen bombardeminten fan de Dútsers, dy't harren posysje yn it suden fêst wisten te hâlden. In Amerikaanske trochbraak waard ynearsten beheind troch it net mear begeanbere gebiet en pas op 29 juny koe Major Howie mei de 29e divyzje oanfalle. Oant 24 july waard der noch yn de strjitten fan Saint-Lô fochten. Doe't der in ein oan de striid kaam wie 97% fan de stêd mei de grûn lyk makke. De stêd is ien fan de 64 Frânske plakken dy't ûnderskieden is mei de Légion d'honneur, de heechste eare-ûnderskieding fan Frankryk. Ek waard de stêd mei it Croix de Guerre ûnderskieden.

Nei de kriich

bewurkje seksje

Samuel Beckett neamde de teheistere stêd yn in net útstjoerde radiorapportaazje foar de Ierske sender Éireann de "Capital of the Ruins". Utstellen om de stêd sa te litten en in pear kilometer fierder in hiele nije stêd op te bouwen koene net op meiwurking fan de gemeente en befolking rekkenje. Stadichoan waard de stêd wer opboud en kriichsfinzenen moasten dêrby helpe.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2011 2018
Ynwenners 15.388 18.615 23.221 23.212 21.546 20090 18.874 19.024

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De Haras national de Saint-Lô is in stoeterij dy't op in skiednis fan twa iuwen werom giet. De stoeterij waard yn 1806 troch Napoleon Bonaparte stifte op it gebiet fan de eardere abdij fan Sainte-Croix. De earste stien foar de stifting fan de hjoeddeiske gebouwen eastlik fan it stedssintrum waard yn 1884 lein. De stoeterij waard by it bombardemint op de stêd fan 6 juny 1944 ferneatige, mar nei de Twadde Wrâldkriich wer sa oarspronklik mooglik rekonstruearre.
  • It âldste gebou fan de stêd is de Église Sainte-Croix, dy't yn 1204 wijd waard.
  • De goatyske Notre-Dame fan Saint-Lô waard yn 1944 hast folslein ferneatige, mar de noch besteande âlde dielen binne mei boudielen yn moderne styl oanfolle.
  • Fan it kastiel fan Saint-Lô bleaune allinne dielen fan de fêstingwurken stean.
  • Westlik fan de stêd stiet oan de Vire it 14e-iuwske Château de la Vaucelle.
  • Musée des Beaux-Arts de Saint-Lô (keunstmuseum);
  • Musée du bocage normand (lânboumuseum);
  • Musée typographique (museum oer de drukkeunst), 562 rue Jules-Vallès.

Keppeling om utens

bewurkje seksje