Mont Saint-Michel

De Mont Saint-Michel is in rotseftich skiereilantsje yn Frankryk. It eilân leit sawat in kilometer út de kust by it plak Avranches yn Normandje. It wie oarspronklik in tij-eilân: it wie oer lân te berikken by eb, mar by floed lei it middenyn it wetter. Tsjintwurdich rint der in smelle ferhege wei nei it eilân ta. It eilân, mei syn stapstrjitten, is allinnich tagonklik foar fuotgongers.

Le Mont Saint-Michel
Mont_St.-Michel_Spire

Eartiids wie it eilân in berchje yn in boskryk gebiet dat ticht by de kust lei en net beskerme waard troch dunen. By in floedweach waard de bosk ferwoaste en in diel fan de grûn ferdwûn yn see. Hjirtroch waard it lân dêr't eartiids bosk lei, net leech genôch om troch de see by floed oerstreamd te wurden. It berchje waard in eilân dêr't in abdij op boud waard.

Mont Saint-Michel waard destiids stifte troch de hillige Aubert om 700, dy't op de berch yn iensumheid en ferbûnenheid mei de natoer en de see bidden kaam. Neffens de leginde soe de aartsingel Michael ferskynd wêze oan de hillige Aubert, dy't fisioenen krige oer in tsjerke op de rots. St. Michael ûnthjitte de muonts om dêr in tsjerke te bouwen, en de muonts begûn yn 708 oan de tsjerke op de rotspunt, ticht by de kust, te bouwen.

 
Mont Saint-Michel by nacht

Yn 709 wie de kapel ôf en koenen der 100 minsken yn. Yn de rin fan de tiid bouden de muontsen dêr in kleaster op en fergrutten de kapel ta in tsjerke. Yn de 9e iuw en de earste helte fan de 10e iuw wie der allinnich mar in kleaster op it rotseilân. It koe berikt wurde mei in sloep of in skip. Dat wie ek nedich foar de befoarrieding fan it kleaster. Yn 966 kamen de Noarmannen of better, de Normandjers op it rotseilân. Se bouden ûnderoan en rûnom it kleaster op de rotshellingen, wenhuzen. De bekearde Normandjers wennen dêr tenei mei harren húshâldings. De Benediktinen mochten der bliuwe. De stiennen dêr't de tsjerke en in kleaster mei boud waarden, kamen fan de eilannen Jersey en Guernsey, dy't op 22 km fan de rots lizze. De kleasterlingen en ynwenners fan Avranches kapten de stiennen fan de eilannen en brochten se mei skippen oan de foet fan de rots ta. In grut rêd dat binnen de kleastermuorre oan de westkant stie, waard rûndraaid troch 4 à 5 persoanen, om de boustiennen oer de rotshelling nei boppe ta te hisen. Dit grutte rêd is no noch altyd te sjen yn it kleaster.

Fersâning om Mont Saint-Michel

bewurkje seksje

Sûnt it ûntstean fan de Mont Saint-Michel wie de rots altyd omjûn troch de see, ek as it eb wie. Mar om 1400, doe't Ingelân yn oarloch wie mei Frankryk, waard it wâld fan Sissy, dat foar de rots en lâns de kust 40.000 hektare besloech, foar in diel ôfbaarnd troch oarlochshannelingen. It wâld waard yn de Hûndertjierrige oarloch hast hielendal ôfbaarnd en omkapt. De Ingelsken en Frânsken leveren slach op it strân foar de Mont Saint-Michel. It doarp oan de foet fan Mont Saint-Michel waard ferwoaste en it kleaster yn 'e brân stutsen, krektas it wâld. De bosk kearde it sân, dat mei de hast altiten súdwestlike wyn meifierd waard. Sa koe de Mont Saint-Michel net fersânje. Mar neidat it wâld foar in grut part ferdwûn wie, begûn de ûnferbidlike fersâning om de rots hinne troch de allegeduerige seewyn. Sa komt it dat it rotseilân no yn in "op in woastyn lykjende" flakte fan sân leit. Mei springtij komt de see dochs oan de foet fan de rots ta. It tij komt dan tige hurd op. In ruter moast skreppe om de floed foar te bliuwen. Likegoed bliuwt it tige ûndjip. Nei de springfloed is it tige nuodlik om om it rotseilân Mont Saint-Michel hinne te wanneljen. Der leit dan rûnom driuwsân. Nei eltse springtij ferlizze ûnderseeske rivierkes har en de kans op weisinken yn it ferriedlike sân is libbensgrut. It ferlânjen wurdt fersterke troch de nâlestring fan asfâlt dêr't it eilân mei oan de fêste wâl fêst sit. Hjirtroch wurdt sirkulaasje fan wetter om it eilân behindere. Der binne grutte wurken begûn om de fersâning ûngedien te meitsjen. It parkearplein by de foet fan de berch wurdt fersetten nei in plak inkele kilometers foar it eilân. De tagongswei nei it eilân wurdt ferfongen troch in passerelle. In pindelbus sil de toeristen bringe nei de tagongspoarte fan it eilân.

De gemeente dêr't it eilân en de abdij ûnder falle hjit Le Mont-Saint-Michel (skreaun mei lidwurd en mei in ekstra streekje). Se hat 43 ynwenners. Foar mear bestjoerlike ynformaasje, sjoch it artikel oer de gemeente: Le Mont-Saint-Michel. Boargemaster Vannier fan Mont Saint-Michel wennet winterdeis yn Parys maar fertsjinnet in fermogen oan de jierliks hast 3 miljoen besikers. Hy hat winkeltsjes as Père Pullard en Mère Pullard mei iten en sûvenirs,

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Op it eilân stiet in abdij, boud tusken de alfte en sechtjinde iuw.

Yn 1979 waard de Mont Saint-Michel en de omlizzende baai útroppen ta wrâlderfgoed troch de UNESCO.

  • It album It ferlerne swurd út de Suske en Wiske-rige spilet him ôf yn Mont Saint-Michel, yn it album Het Bretoense broertje is it eilân goerd te sjen. Ek yn it De Judasgraal fan De Reade Ridder (striprige) spilet Mont Saint-Michel in grutte rol.
 
Mont Saint-Michel yn 1900
 
Mont Saint-Michel in 2004

Keppeling om utens

bewurkje seksje