Avranches
Avranches is in stêd yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. Avranches is it haadplak fan it arrondissemint Avranches. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard it oanbuorjende Saint-Martin-des-Champs by Avranches yndield. Sûnt is Avranches in commune nouvelle.
Avranches | |
---|---|
Monumint foar generaal George Patton | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Manche |
Sifers | |
Ynwennertal | 10.246 (2018) |
Oerflak | 10,99 km² |
Befolkingstichtens | 932 / km² |
Stêdekloft | 15.554 (2018) |
Hichte | 7-111 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side Avranches |
Biskopsstêd
bewurkje seksjeSûnt it begjin fan de 6e iuw wie de stêd in biskopsstêd. Yn de Frânske Revolúsje waard it bisdom opheft en de oan Andréas wijde katedraal waard degradearre ta in gewoane parochytsjerke. Nei't it doksaal yn 1794 ôfbrutsen waard, stoartte it koer fan de Andréaskatedraal yn. In restauraasje fan de katedraal bleau yn it revolúsje-tiidrek út en stadichoan rekke ek it skip slim yn ferfal. Ut soarch foar de feiligens naam de gemeenteried it beslút om de rest fan de muorren mei de klokketoer ôf te brekken. De twa romaanske tuorren stiene noch yn 1810 en de boargemaster woe de tuorren graach mei help fan it regear restaurearje, mar yn 1812 naam de gemeenteried it beslút om ek de romaanske tuorren ôf te brekken.
It wie by de yngong fan de Andréaskatedraal dat de Ingelske kening Hindrik II op 'e knibbels boete die foar de moard op Thomas Becket. De lokaasje is tsjintwurich it iepen gersfjild La Plate-Forme mei útsicht op de baai en noch in pear oerbliuwsels fan it ferneatige gebou.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeOp 6 juny 1944 waard Avranches yn it ramt fan de befrijing fan West-Europa troch de alliearde striidkrêften swier bombardearre. Njonken in soad slachtoffers waard in grut part fan de stêd ferneatige. Sân wiken letter, op 31 july 1944, slagge it generaal George Patton in trochbraak te forsearjen en waard Avranches befrijd. Patton wurdt yn Avranches betocht mei in monumint, dat op ierde út de Feriene Steaten stiet.
Geografy
bewurkje seksjeAvranches leit yn it Avranchin (súdlik fan it skiereilân Cotentin) oan de E40, dy't Caen mei Bretanje ferbynt, dêr't Sint-Aubertus, biskop fan Avranches, yn de 8e iuw in earste kapel bouwe liet. Fanút Avranches is de Mont Saint-Michel tichteby. Dêr mûnet de rivier de Sée út yn de bocht fan Mont-Saint-Michel.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksje- Ynwennertal 2018 is ynklusyf Saint-Martin-des-Champs.
Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2018 |
Ynwennertal | 8.854 | 9.775 | 10.136 | 9.468 | 8.638 | 8.500 | 8.179 | 10.246 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Notre-Dame-des-Champs wie oarspronklik mar in lytse tsjerke. It tsjintwurdige gebou is 19e-iuwsk en waard boud nei't it katolisisme nei de revolúsje opgong makke en in tannimmend tal ynwenners in grutte tsjerke needsaaklik makke. De earste stien waard yn 1863 lein, de wijing folge yn 1892. Yn de Twadde Wrâldkriich ûnstie by bombardeminten op de stêd brân yn it gebou. It ferwulft stoarte yn, mar nei de kriich fûn de weropbou plak. Alhoewol't de tsjerke it oansjen fan in katedraal hat, is it in gewoane parochytsjerke.
- In lytserse tsjerke is de basilyk Saint-Gervais. De tsjerke bewarret de skedel fan Sint-Aubertus, kompleet mei it gat dat neffens de oerlevering de finger fan de aartsingel Michael trochboarre hat (nei alle gedachten is it in prehistoaryske skedel mei trepanaasje)
- De neogoatyske Église Saint-Saturnin oan de Rue du Dr Gilbert waard boud yn de 19e iuw troch de arsjitekt François Cheftel, dy't him fral talei op de weropbou fan tsjerken op plakken wer't se fernield wiene.
- De Us-Leaffrouwe-karmel fan Avranches (Rue de Bremesnil) hat in neogoatyske kapel. It 19e-iuwske kleaster is ferboud ta in wenkompleks foar senioaren. Yn in aparte fleugel fan it kompleks wenje noch tige âlde nonnen.
- De Jardins de Plantes binne botanyske tunen, dy't tsjin it ein fan de 18e iuw oanlein binne op de grûn fan in earder Fransiskaansk kleaster. Fergrutte en oanfolle mei eksoatyske soarten yn de 19e iuw foarmet de lokaasje mei sicht op de baai en de Mont Saint-Michel in toeristyske trekpleister fan Avranches.
Musea
bewurkje seksje- Musée d’Art et d’Histoire d’Avranches
- Scriptorial d'Avranches (museum mei manuskripten fan de abdij Mont Saint-Michel)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|