Andréas (apostel)
Andréas (Gryksk: Ανδρέας, Andréas, "de manlike, de moedige") wie in disipel fan Johannes de Doper en waard nei dy syn eksekúsje in apostel fan Jezus fan Nazareth, lykas ek syn broer Simon Petrus.[1] Hy wurdt beskôge as de stichter en earste biskop fan de Tsjerke fan Byzantium en wurdt dêrom as beskermhillige fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel beskôge.
Libben
bewurkje seksjeAndréas waard berne yn Betsaïda.[2] Krekt as syn broer Petrus wie er fisker fan berop.[3] Der binne oanwizings dat Jezus yn it begjin fan syn betsjinning yn itselde hûs yn Kapernaüm wenne as Petrus en Andréas.[4] De patriarch fan Konstantinopel wurdt sjoen as de opfolger fan Andréas, lykas de biskop fan Rome, d.i. de paus, de opfolger is fan Petrus. De patriarch fan Konstantinopel jildt as de wichtichste biskop yn de mienskip fan Ortodokske Tsjerken. Dêrom wurdt er de Oekumenyske Patriarch neamd; ‘oekumene’ komt fan it Grykske wurd foar ‘de bewenne wrâld’.
Dea
bewurkje seksjeAndréas waard yn Achaia oan in X-foarmich krús krúsige (andréaskrús). Neidat er swier gisele wie, waard er mei koarden oan it krús bûn om syn ljijen te ferlingjen. Syn neifolgers gruten dat Andréas, doe't er nei it krús brocht waard, de folgjende wurden spriek: 'Ik haw al lang nei dit lokkich oere útsjoen en ik haw dit al lang ferwachte. It krús is ynsegene troch it lichem fan Kristus dat der oanhinge hat'. Twa dagen lang preke er tsjin syn folterders, oant er stoar. Andréas keas foar it langer lijen oan it diagonale krús om't er himsels net suver genôch fûn om te stjerren as syn master Jezus, dy't oan it tradisjonele krús stoar. Der wurdt sein dat Andréas beïerdige waard yn de Grykske stêd Patras, dêr't er ek no noch apart fereare wurdt.
De Oarder fan Sint-Andréas
bewurkje seksjeDe Oarders fan Sint-Andréas yn Ruslân en yn Barbados en de Skotske Oarder fan de Stikel hawwe syn namme, it andréaskrús of syn ôfbyld.
De Russyske Federaasje hat as heechste ûnderskieding de "Oarder fan Sint-Andréas Protokletos", Protokletos betsjut de earstneamde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|