Orne (departemint)
Orne is ien fan de fiif Normandyske departeminten yn Frankryk. It departemint is ferneamd nei de rivier de Orne.
Orne | |
---|---|
![]() De lizzing fan it departemint Orne yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | departemint |
ynwennertal | 281.593 (2018) |
oerflak | 6.103 km² |
befolkingstichtens | 46 / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
regio | ![]() |
haadplak | Alençon |
grutste plak | Alençon |
departemintsnûmer | 61 |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49° 3′ N 1° 15′ E |
webside | www.orne.fr |
Skiednis Bewurkje
It departemint is ien fan de 83 departeminten, dy't yn de tiid fan de Frânske Revolúsje foarme binne. It grutste diel fan it departemint hearde eartiids by de eardere provinsje Normandje, allinne it súdeastlike diel makke histoarysk diel út fan de provinsje Perche.
Geografy Bewurkje
Oanbuorjende departeminten fan Orne binne Eure, Eure-et-Loir, Sarthe, Mayenne, Manche en Calvados.
Orne bestiet út trije arrondisseminten:
- Alençon
- Argentan
- Mortagne-au-Perche
De trije arrondisseminten binne ferdield yn meiïnoar 21 kantons en 385 gemeenten.
Lânskip Bewurkje
Grutte yndustriële sintra binne ôfwêzich en de Orne is fral in agrarysk en grien gebiet bleaun.
It departemint is heuvelich, útsein it flakke lânskip by Argentan. Der binne lânskiplik twa bysûndere regio's: Suisse Normande en de Alpes Mancelles. Dy dielen binne toeristysk fanwegen it troch de rivieren Orne en Sarthe foarme skildereftige lânskip.
It heechste punt fan it departemint is de Signal d'Écouves (413 meter), tagelyk it heechste punt fan Normandje. It leit yn it bosk fan Écouves, noardlik fan Alençon. De Butte Chaumont mei in hichte fan 378 meter is in oare heuvel yn it bosk Écouves.
Likernôch 17% fan it lân bestiet út bosk, wêrfan't it grutste diel út leafbeammen bestiet.
Demografy Bewurkje
Demografyske ûntwikkeling sûnt 1962 Bewurkje

De fiif grutste gemeenten wat ynwennertal oanbelanget binne Alençon, Flers, Argentan, L'Aigle en La Ferté-Macé.
Ofbylden Bewurkje
-
Signal d'Écouve -
Dolmen -
La Roche d’Oëtre -
Abdij fan Lonlay -
Forêt d'Andaine -
Saint-Céneri-le-Gérei
Keppeling om utens Bewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Orne fan Wikimedia Commons. |