Coutances
Coutances is in gemeente yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. De stêd leit op it skiereilân Cotentin op in heuvel, dy't bekroand wurdt mei de Notre-Dame fan Coutances. It is it haadplak fan it arrondissemint Coutances.
Coutances | |
---|---|
Us-Leaffrouwekatedraal fan Coutances | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Manche |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.454 (2018) |
Oerflak | 12,51 km² |
Befolkingstichtens | 676 / km² |
Stêdekloft | 200.230 (2018) |
Hichte | 12-150 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side Coutances |
Skiednis
bewurkje seksjeAs haadstêd fan de keltyske stamme fan de Venelli krige de stêd yn 298 neffens de doetiidske keizer Konstantius Kloarus de namme Constantia. Dat barde twa jier nei't it Romeinske Ryk Brittanje werom ferovere hie. De regio, dy't dêrnei pagus Constantinus neamd waard, it tsjintwurdich it skiereilân Cotentin.
Wytsings ferneatigen yn 866 it plak en it duorre oant de 11e iuw doe't Geoffroy de Montbray, in striidkammeraat fan Willem de Oermasterer en biskop fan Coutances, de stêd om in nije katedraal wer opboude. Yn 1204 oermastere Filips II Augustus Coutances. De katedraal waard dêrnei yn Frânske styl wer opboud ûnder biskop Hugues de Morville (1208-1238), dy't ek it inisjatyf naam foar de bou fan it hospitaal (Hôtel-dieu).
Yn de tiid fan de godstsjinstkrigen plonderden protestanten de katedraal yn 1562. Hja namen biskop Arthur de Cossé finzen en twongen him om oarsom op in esel mei de sturt yn syn hân troch de stêd te riden. Oant 1569 spriek de biskop fan Coutances rjocht oer de Kanaaleilannen en It Kanaal.
Coutances waard yn 1944 troch alliearde bombardeminten foar in grut part ferneatige. De katedraal waard foar it kriichsgeweld sparre.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2009 | 2018 |
Ynwennertal | 7806 | 9061 | 9869 | 9930 | 9715 | 9522 | 9390 | 8454 |
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Notre-Dame fan Coutances
- Hôtel de Cussy (tsjintwurdich riedshûs)
- Jardin des Plantes
- Église Saint-Nicolas
- Église Saint-Pierre
- Resten fan in 13e-iuwsk akwadukt
- Lycée Charles-François Lebrun
- Parc L'Évêque, eardere tún fan de biskop mei in iisgrot en in izerhâldende boarne
- Kastiel Gratot, ruïnekompleks op likernôch fjouwer kilometer noardwestlik fan Coutances
Musea
bewurkje seksje- Museum Musée Quesnel-Morinière
Eveneminten
bewurkje seksje- Alle jierren wurdt it muzykfestival "Jazz sous les pommiers" (Jazz ûnder de appelbeammen) yn Coutances organisearre.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Église Saint-Nicolas -
Biskoplik Paleis -
Église Saint-Pierre -
Hôtel de Cussy -
Jazz sous les pommiers
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|