Katedraal fan Coutances

De Us-Leaffrouwekatedraal fan Coutances (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame) is in histoarysk monumint yn de Frânske stêd Coutances. It oan de Jongfaam Marije wijde gebou is de sit fan it roomske bisdom Coutances-Avranches. It tsjerkegebou fertsjintwurdiget ien fan de moaiste foarbylden fan de Normandyske gotyk.

Us-Leaffrouwekatedraal

Cathédrale Notre-Dame

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak Coutances
adres Rue du Puits Notre Dame
koördinaten 49° 2' N 1° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Coutances en Avranches
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1210-1274
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Bisdom Coutances en Avranches
Kaart
Katedraal fan Coutances (Frankryk)
Katedraal fan Coutances

De hjoeddeiske tsjerke giet werom op in 11e-iuwsk romaansk gebou. De romaanske tsjerke waard net ôfbrutsen, mar letter by de 13e-iuwske goatyske nijbou yntegrearre yn in gruttere en hegere katedraal.

De earste katedraal fan Coutances giet werom op de 5e iuw en wurdt taskreaun oan Ereptiolus, dy't de earste biskop fan it bisdom wie. Dy katedraal waard by de ynfaazje fan de Wytsings yn de 9e iuw ferneatige. It duorre in oardel iuw doe't biskop Robert wer in nije katedraal liet bouwe. Der waard mei it skip begûn mar biskop Robert ferstoar al gau en it wurk gyng fierder ûnder syn opfolger Geoffrey de Montbray. Dy biskop hie goede kontakten mei hartoch Willem, dy't de ynwijing fan de katedraal yn 1056 bywenne. De biskop beselskippe Willem by syn oermastering fan Ingelân en de katedraal profitearre mei fan de ûnbidich grutte opbringt dy't Willem dêr by inoar plondere.

 
Haadalter

Nei in grutte stedsbrân waard der yn opdracht fan biskop Hugues de Morville yn 1210 útein set mei de bou fan in nije, goatyske katedraal. Dêrby waard de romaanske foargonger mei behâld fan de muorren yntegrearre yn de nijbou. De nije katedraal waard yn 1274 foltôge en bleau sûnt hast itselde. De twa geveltuorren binne likernôch 80 meter heech en de achtsidige lanteare (dy't de namme Le Plomp krige) op de krusing is 57 meter heech.

Yn de godstsjinstkrigen yn 1562 hie de katedraal te lijen, mar de skea waard al gau dêrnei wer ferholpen. It doksaal waard yn de 17e iuw ôfbrutsen.

Yn de Frânske Revolúsje waard der in soad fernield yn de tsjerke, de bylden waarden út de nissen helle of mei swurden bewurke, mar de skea bleau oerflakkich. De katedraal waard yn dy tiid brûkt as teäter, pakhûs foar nôt en as Timpel fan de Rede, mar ek al gyngen dekoraasjes ferlern, it gebou oerlibbe it anty-klerikale tiidrek.

Yn 1944 waard de stêd Coutances slim bombardearre, mar de katedraal bleau by de bombardeminten op it plak sparre foar grutte skea. Sels it midsiuwske glês mei foarstellings fan de hilligen Laudus (Lô) en Markulf (Marcouf) binne bewarre bleaun.

Sûnt 1862 is de katedraal in histoarysk monumint.

 
Detail raam fan Sint-Marcouf

Yn de Sint-Joazefkapel yn de súdlike koeromgong is in fresko út 1381 fan de Hillige Trije-ienheid. De Sint-Lauduskapel (ek yn de súdlike koeromgong) is ien fan de âldste dielen fan de katedraal en 13e-iuwsk. It brânskildere raam lit in foarstelling sjen fan Sint-Laudus (Saint Lô), dy't de misse opdraacht wylst de do (it symboal fan de Hillige Geast) boppe it alter ferskynt. Oan de noardlike koeromgong leit de kapel fan Sint-Markulfus mei in raam dat foarstellings út it libben fan de hillige sjen lit.

Yn de Circata-kapel oan de eastlike kant fan de katedraal stiet it byld fan Us-Leaffrouwe fan Coutances. It waard yn 1944 út de ferneatige Sint-Nikolaastsjerke fan Coutances rêden.

 
Haadoargel

Yn it noardlike dwersskip is in 13e-iuwske raam mei foarstellings út it libben fan Thomas Becket, Sint-Joaris en Sint-Blasius.

De flier fan it noardlike sydskip hat midsiuwske, mei it fleur-de lys fersierde tegels, it symboal fan de keninklike famylje fan Frankryk. Yn it noardlike sydskip is ek it doopfont.

Al foar it jier 1468 hie de katedraal in oargel. It hjoeddeiske oargel waard yn de jierren 1724-1728 troch Deslandes & Rocher oarspronklik foar de abdijtsjerke fan Savigny-le-Vieux boud. De abdij waard yn de Frânske Revolúsje sletten en it oargel krige yn 1812 in plak yn de katedraal fan Coutances. It fjouwermanualige ynstrumint hat 51 registers.

It westlike raam giet foar in part skûl efter it oargel.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.